De haukfûgels (Accipitridae) binne in famylje yn it skift fan de rôffûgels of haukeftigen (Accipitriformes). De famylje omfet alle fûgels út it skift, útsein de sân gieren fan de Nije Wrâld (Cathartidae), de siktarisfûgel (Sagittariidae) en de twa fiskearnfûgels (Pandionidae).

Haukfûgels
reade glee (Milvus milvus)
reade glee (Milvus milvus)
Taksonomy
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
rangleas: bitterfûgels (Afroaves)
skift: rôffûgels (Accipitriformes)
famylje: haukfûgels (Accipitridae)
Veillot, 1816

De fûgels yn dizze famylje hawwe heakbekken en kinne ornaris op de kop de fearren oerein sette. Oars as by de measte oare fûgelfamyljes is it wyfke ornaris grutter as it mantsje.

Klassifikaasje

bewurkje seksje

De opdieling fan de haukfûgels is net hielendal wis, mar der kinne likernôch 10-15 ûnderfamyljes ûnderskaat wurde. De famylje omfiemet sa'n 68 skaaien. Lykwols binne der ek ûndersyksrisseltaten dy't oantsjutte dat de famylje mûglik in apart skift, de haukeftigen wêze moat.

  • Famylje: haukfûgels (Accipitridae)
    • Ûnderfamylje: grize gleeën (Elaninae), 3 skaaien, 6 soarten:
    • Ûnderfamylje: kealwanghauken (Polyboroidinae)
    • Ûnderfamylje: gieren fan de Alde Wrâld 1 (Gypaetinae)
      • Skaaien: Gypohierax, Gypaetus, Neophron, Eutriorchis, 4 soarten
    • Ûnderfamylje: huningfalken of wapsebiters (Perninae)
      • Skaaien: Leptodon, Chondrohierax, Pernis, Elanoides, Lophictinia, Hamirostra, Aviceda, Henicopernis, 18 soarten, dêrûnder: huningfalk of wapsebiter (Pernis apivorus)
    • Ûnderfamylje: gieren fan de Alde Wrâld 2 (Gypinae of Aegypiinae)
      • Skaaien: Necrosyrtes, Gyps, Sarcogyps, Trigonoceps, Aegypius, Torgos, 13 soarten, dêrûnder: feale gier (Gyps fulvus)
    • Ûnderfamylje: slange-earnen (Circaetinae)
      • Skaaien: Spilornis, Pithecophaga, Circaetus, Terathopius,Macheiramphus, dêrûnder: slange-earn (Circaetus gallicus)
    • Ûnderfamylje: harpij-earnen (Harpiinae)
      • Skaai: Harpyopsis, 1 soarte:
        • (Harpyopsis novaeguineae)
      • Skaai: Morphnus, 1 soarte:
      • Skaai: Harpia, 1 soarte:
        • (Harpia harpyja)
    • Ûnderfamylje: earnen (Aquilinae)
      • Skaaien: Nisaetus, Spizaetus, Stephanoaetus, Lophotriorchis, Polemaetus, Lophaetus, Ictinaetus, Clanga, Hieraaetus, Aquila, 40 soarten, dêrûnder: keningsearn (Aquila chrysaetos)
    • Ûnderfamylje hauken en sparwers (Accipitrinae)
      • Skaaien: Kaupifalco, Aerospiza, Tachyspiza, Micronisus, Melierax, Urotriorchis, Erythrotriorchis, Megatriorchis, Astur, Accipiter en Circus, 62 soarten, dêrûnder: sparwer (Accipiter nisus) en hauk (Astur gentilis)
    • Ûnderfamylje: gleeën (Milvinae), 2-4 skaaien, 5-8 soarten; posysje fan Harpagus net wis
    • Ûnderfamylje: see-earnen (Haliaeetinae)
      • Skaai: Haliaeetus, 10 soarten, derûnder see-earn (Haliaeetus albicilla)
    • Ûnderfamylje: mûzefalken of mûzebiters (Buteoninae)
      • Skaaien : Butastur, Ictinia, Busarellus, Rostrhamus, Helicolestes, Geranospiza, Cryptoleucopteryx, Buteogallus, Morphnarchus, Rupornis, Buteogallus, Parabuteo, Geranoaetus, Pseudastur, Leucopternis, Bermuteo, Buteo, 63 soarten, dêrûnder: mûzefalk (Buteo buteo).

Keppelings om utens

bewurkje seksje