Mûzefalk
De mûzefalk, glee of mûzebiter (Buteo buteo) is ien fan de meast foarkommende rôffûgels yn Nederlân. Hy bliuwt dêr ek it hiele jier rûn. Yn de winter binne yn Nederlân ek mûzefalken út Skandinaavje te finen. De 51-57 sm grutte fûgel kin ferskate kleuren hawwe, fan hielendal brún oant en mei in frij ljochte fûgel mei in protte wite fearren. Troch de fariaasje oan kleuren kin de mûzefalk maklik ferwiksele wurde mei de Rûchpoat en de Wapseglee.
mûzefalk | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Buteo buteo | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
stânfûgel simmerfûgel wintergast |
Iten
bewurkje seksjeDe mûzefalk sweeft boppe syn jachtgebiet op 'e syk nei proai. At er wat te iten sjocht dûkt er der boppe-op. Lykas by in protte oare rôffûgels bestiet it iten fan de mûzefalk meast út mûzen. Dêrneist yt de mûzefalk ek wol oare proai fan deselde grutte, lykas hagedissen en lytse fûgels.
Fuortplanting
bewurkje seksjeDe mûzefalken bouwe sels in nêst yn in beam. Dat nêst brûke se meardere kearen sadat it in grut bouwurk wurde kin. Beide âlden briede op de 2-3 aaien, it wyfke wol it meast. Nei 30-35 dagen komme de jongen út, dy't sa'n 40 dagen op it nêst bliuwe. As der troch de âlden net in protte iten brocht wurdt, sil it lytste jong it faak net helje.