Hauken en sparwers
De hauken en sparwers (Accipitrinae) binne in ûnderfamylje fan rôffûgels út de famylje fan de haukeftigen (Accipitridae). De ûnderfamylje hat 11 skaaien en 73 soarten. Hoe dan ek is de ûnderfamylje fan de hauken en sparwers de grutste ûnderfamylje fan de famylje fan de haukfûgels en fan it skift fan de rôffûgels.
Hauken en sparwers | ||
Hauk (Accipiter gentilis) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
rangleas: | bitterfûgels (Afroaves) | |
skift: | haukeftigen (Accipitriformes) | |
famylje: | haukfûgels (Accipitridae) | |
ûnderfamylje: | hauken en sparwers (Accipitrinae) | |
De hauken en sparwers libje meast yn of by wâlden oer de hiele wrâld, mei útsûndering fan Antarktika. Se binne betreklik lytse oant middelgrutte rôffûgels mei slanke romp, betreklik koarte en rûne wjukken en lange sturt. De wyfkes binne ornaris grutter as de mantsjes. De lytste sparwer, de Súdamerikaanske dwerchsparwer (Accipiter superciliosus) is sa’n 22 sm lang, sa grut as in lyster, en de grutste hauk is ‘ús’ (Noardlike) hauk fan sa’n 63 sm lang.
Taksonomy
bewurkje seksjeDe omfieming fan de ûnderfamylje fan de hauken en sparwers is noch in saak fan ûndersyk en diskusje. Neffens guon saakkundigen heart it skaai Harpagus by de ûnderfamylje fan de gleeën (Milvinae) en it skaai Kaupifalco by de mûzefalken (Buteoninae) en foarmje de skaaien Micronisus en Melierax in eigen ûnderfamylje fan de sjonghauken Melieracinae of Melieraxinae. De ûndersteande skaaien wurde ta de hauken en sparwers rekkene.
- Underfamylje hauken en sparwers (Accipitrinae)
- Skaai: Afrikaanske hauken (Aerospiza), 3 soarten:
- readboarsthauk (Aerospiza toussenelii)
- Afrikaanske hauk (Aerospiza tachiro)
- readflanksparwer (Aerospiza castanilius)
- Skaai: doriahauken of Doria's hauken (Megatriorchis), 1 soarte:
- doriahauk of Doria's hauk (Megatriorchis doriae)
- Skaai: dwerchhauken of sparwers (Accipiter), 9 soarten:
- Madagaskarsparwer (Accipiter madagascariensis)
- Ovambosparwer (Accipiter ovampensis)
- sparwer (Accipiter nisus)
- readboarstsparwer (Accipiter rufiventris)
- Noardamerikaanske sparwer (Accipiter striatus)
- (Accipiter poliogaster)
- wytboarstsparwer (Accipiter chionogaster)
- Andessparwer (Accipiter ventralis)
- readbilsparwer (Accipiter erythronemius)
- Skaai: eastlike hauken (Tachyspiza), 27 soarten:
- sjikrasparwer (Tachyspiza badia)
- Nikobarsparwer (Tachyspiza butleri)
- Balkansparwer (Tachyspiza brevipes)
- Sineeske sparwer (Tachyspiza soloensis)
- (Tachyspiza francesiae)
- (Tachyspiza trinotata)
- grize hauk (Tachyspiza novaehollandiae)
- (Tachyspiza hiogaster)
- Australyske hauk (Tachyspiza fasciata)
- swartmantelhauk (Tachyspiza melanochlamys)
- bûnte hauk (Tachyspiza albogularis)
- wytbûkhauk (Tachyspiza haplochroa)
- Fidzjyhauk (Tachyspiza rufitorques)
- Halmahearahauk (Tachyspiza henicogramma)
- (Tachyspiza luteoschistacea)
- (Tachyspiza imitator)
- (Tachyspiza poliocephala)
- (Tachyspiza princeps)
- readpoatsparwer (Tachyspiza erythropa)
- dwerchsparwer (Tachyspiza minulla)
- lytse sparwer (Tachyspiza gularis)
- Besrasparwer (Tachyspiza virgata)
- Selebesdwerchsparwer (Tachyspiza nanus)
- (Tachyspiza erythrauchen)
- (Tachyspiza cirrocephala)
- (Tachyspiza brachyura)
- wynboarstsparwer (Tachyspiza rhodogaster)
- Skaai: gabarhauken (Micronisus), 1 soarte:
- gabarhauk (Micronisus gabar)
- Skaai: hagedishauken (Kaupifalco), 1 soarte:
- hagedishauk (Kaupifalco monogrammicus)
- Skaai: hauken (Astur), 9 soarten:
- Amerikaanske hauk (Astur atricapillus)
- Coopersparwer (Astur cooperii)
- hauk (Astur gentilis)
- Kubaanske sparwer (Astur gundlachi)
- Madagaskarhauk (Astur henstii)
- Papoeahauk (Astur meyerianus)
- readbroeksparwer (Astur bicolor)
- Sileenske sparwer (Astur chilensis)
- swarte hauk (Astur melanoleucus)
- Skaai: hoanskrobbers (Circus), 16 soarten:
- brune hoanskrobber (Circus aeruginosus)
- Easterske hoanskrobber (Circus spilonotus)
- Papoeahoanskrobber (Circus spilothorax)
- sompehoanskrobber (Circus approximans)
- Afrikaanske brune hoanskrobber (Circus ranivorus)
- Réunionhoanskrobber (Circus maillardi)
- Madagaskarhoanskrobber (Circus macrosceles)
- langwjukhoanskrobber (Circus buffoni)
- spikkelhoanskrobber (Circus assimilis)
- swarte hoanskrobber (Circus maurus)
- blauwe hoanskrobber (Circus cyaneus)
- Amerikaanske blauwe hoanskrobber (Circus hudsonius)
- grize hoanskrobber (Circus cinereus)
- ljochte hoanskrobber of steppehoanskrobber (Circus macrourus)
- bûnte hoanskrobber (Circus melanoleucos)
- skiere hoanskrobber (Circus pygargus)
- Skaai: langsturthauken (Urotriorchis), 1 soarte:
- langsturthauk (Urotriorchis macrourus)
- Skaai: rodzige hauken (Erythrotriorchis), 2 soarten:
- bürgerhauk of Bürgers hauk (Erythrotriorchis buergersi)
- rodzige hauk (Erythrotriorchis radiatus)
- Skaai: sjonghauken (Melierax), 3 soarten:
- donkere sjonghauk (Melierax metabates)
- eastlike sjonghauk (Melierax poliopterus)
- ljochte sjonghauk (Melierax canorus)
- Skaai: Afrikaanske hauken (Aerospiza), 3 soarten: