Hoanskrobbers
De hoanskrobbers (Circus) binne in skaai fan rôffûgels út de famylje fan de haukfûgels (Accipitridae).
Hoanskrobbers | ||
blauwe hoanskrobber (Circus cyaneus) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
rangleas: | bitterfûgels (Afroaves) | |
skift: | haukeftigen (Accipitriformes) | |
famylje: | haukfûgels (Accipitridae) | |
ûnderfamylje: | hauken en sparwers (Accipitrinae) | |
skaai: | hoanskrobbers (Circus) | |
Lacepede, 1799 | ||
De hoanskrobbers binne middelgrutte, slanke roffûgels mei in lichemslingte fan 40-60 sm., en in wjukspanwiidte fan 90-155 sm. De lytste soarten binne de ljochte hoanskrobber en de skiere hoanskrobber. De grutste binne de Súdamerikaanske langwjukhoanskrobber en de Australyske sompehoanskrobber. De wyfkes binne oer it algemien 30-40% grutter as de mantsjes. De hoanskrobbers libje yn iepen gebieten. De lytsere soarten, sa as de skiere hoanskrobber ite foaral fûgeltsjes, wylst de gruttere mear lytse of net-sa-lytse sûchdieren, sa as kninen ite.
Oare nammen
bewurkje seksjeFrysk: Hoannebiter, Hânskrobber; Noardfrysk: Hanjüger; Nederlânsk: Kiekendief; Dútsk: Weihe; Ingelsk: Harrier.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe hoanskrobbers komme yn alle wrâlddielen foar, mei útsûndering fan Antarktika. It grutste briedgebiet hat de blauwe hoanskrobber: fan Súdwest-Jeropa oant Kamtsjatka; mei de Amerikaanske blauwe hoanskrobber, dy 't foarhinne ta deselde soarte rekkene waard, binne blauwe hoanskrobbers sirkumpolêr. As briedfûgels ûntbrekke de hoanskrobbers yn Midden-Amearika, Noardlik Afrika en Súdlik Aazje.
Taksonomy
bewurkje seksjeDe ûnderferdieling fan de hoanskrobbers as neikommend:
- Skaai: hoanskrobbers (Circus), 16 soarten:
- brune hoanskrobber (Circus aeruginosus)
- Easterske hoanskrobber (Circus spilonotus)
- Papoeahoanskrobber (Circus spilothorax)
- sompehoanskrobber (Circus approximans)
- Afrikaanske brune hoanskrobber (Circus ranivorus)
- Réunionhoanskrobber (Circus maillardi)
- Madagaskarhoanskrobber (Circus macrosceles)
- langwjukhoanskrobber (Circus buffoni)
- spikkelhoanskrobber (Circus assimilis)
- swarte hoanskrobber (Circus maurus)
- blauwe hoanskrobber (Circus cyaneus)
- Amerikaanske blauwe hoanskrobber (Circus hudsonius)
- grize hoanskrobber (Circus cinereus)
- ljochte hoanskrobber of steppehoanskrobber (Circus macrourus)
- bûnte hoanskrobber (Circus melanoleucos)
- skiere hoanskrobber (Circus pygargus)
- Skaai: hoanskrobbers (Circus), 16 soarten: