Brune hoanskrobber

De Brune hoanskrobber ek: Glee of Mûzebiter, (Circus aeruginosus) is in rôffûgel út it skaai fan de haukeftigen (Accipitriformes), de famylje fan de haukfûgels (Accipitridae) en de ûnderfamylje fan de hoanskrobbers (Circinae).

brune hoanskrobber
Foarkommen as: jierfûgel (donkergrien), simmergast (ljochtgrien) en wintergast (blau)

KenmerkenBewurkje

In folwoeksen eksimplaar is sa'n 50 sintimeter grut. It bist fleant meastentiids leech oer sompen en reidfjilden, mei de foar alle soarten hoanskrobbers kenmerkende hâlding : in weagjende fleanbeweging, mei de wjukken yn in ûndjippe V-foarm. Brune hoanskrobbers nestelje op 'e grûn yn de reiden.

It mantsje is brún en hat in griis wjukplak en sturt. It wyfke is ek brún, mar hat in ljochte krún en kiel.

FerspriedingBewurkje

Brune hoanskrobbers komme simmerdeis yn hast hiel Europa foar, útsein Ierlân, Skandinaavje en it grutste diel fan it Feriene Keninkryk. Dêrneist komme se yn de winter yn it westen fan Europa foar (wêrûnder yn Nederlân en Belgje), Frankryk, Spanje, Portegal, Itaalje, it eardere Joegoslaavje, Grikelân en Turkije foar. Yn lêstneamde lannen binne se dus it hiele jier troch te finen. Yn Nederlân wiene der yn 2013-2015 sa'n 900-1200 briedpearen, yn Fryslân inkele hûnderten. De populaasje is yn Nederlân ridlik stabyl, en de soarte stiet derom net op de Nederlânske Reade list fan fûgels.

SjochBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • SoortenBank.nl beskriuwing, fersprieding en lûd
  • SOVON Fersprieding en oantalsûntwikkeling fan de Brune hoanskrobber yn Nederlân
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Circus aeruginosus fan Wikimedia Commons.