Huningfalken
De huningfalken, wapsebiters of wapsegleeën (Perninae) binne in ûnderfamylje fan rôffûgels út de famylje fan de haukeftigen (Accipitridae). De ûnderfamylje telt 6-8 skaaien en 14-18 soarten, ôfhinklik fan hokke skaaien ta de ûnderfamylje rekkene wurde.
Huningfalken | ||
![]() | ||
Easterske huningfalk (Pernis ptilorhynchus) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
rangleas: | bitterfûgels (Afroaves) | |
skift: | haukeftigen (Accipitriformes) | |
famylje: | haukfûgels (Accipitridae) | |
ûnderfamylje: | huningfalken (Perninae) | |
De wapsebiters binne middelgrutte rôffûgels mei brede wjukken, dy’t meast yn de waarme streken fan de Wrald libje. De (Jeropeeske) huningfalk en de Easterske huningfalk bewenje ek gebieten mei in tuskenbeiden klimaat. Se ite ynsekten, in folle gefallen wapsen, brimsen, bijen, en soms ek huningskiven en reptilen.
Taksonomy bewurkje seksje
De omfieming fan de ûnderfamylje fan de huningfalken is noch in saak fan ûndersyk en diskusje. Neffens guon saakkundigen hearre de skaaien Lophictinia en Hamirostra ta de ûnderfamylje fan de gleeën (Milvinae). Oare saakkundigen rekkene de huningfalken ta ien fan de ûnderfamyljes (Gypaetinae) fan de gieren fan de Alde Wrâld.
- Underfamylje: huningfalken of wapsebiters (Perninae)
- Skaai: Leptodon, 2 soarten:
- griiskopglee (Leptodon cayanensis)
- wytkraachglee (Leptodon forbesi)
- Skaai: Chondrohierax, 2 soarten:
- heaksnaffelglee (Chondrohierax uncinatus)
- Kubaanske heaksnaffelglee (Chondrohierax wilsonii)
- Skaai: Pernis, 4 soarten:
- huningfalk of wapsebiter (Pernis apivorus)
- easterske huningfalk (Pernis ptilorhynchus)
- Selebeshuningfalk (Pernis celebensis)
- Filipynske huningfalk (Pernis steerei)
- Skaai: Elanoides, 1 soarte:
- swellesturtglee (Elanoides forficatus)
- Skaai: Lophictinia, 1 soarte, alternative yndieling: gleeën (Milvinae)
- rjochtsturtglee (Lophoictinia isura)
- Skaai: Hamirostra, 1 soarte, alternative yndieling: gleeën (Milvinae)
- swartboarstglee (Hamirostra melanosternon)
- Skaai: Aviceda, 5 soarten:
- koekoekglee (Aviceda cuculoides)
- Madagaskarkoekoekglee (Aviceda madagascariensis)
- grutte toefglee (Aviceda jerdoni)
- Australyske toefglee (Aviceda subcristata)
- swarte toefglee (Aviceda leuphotes)
- Skaai: Henicopernis, 2 soarten:
- langsturthuningfalk (Henicopernis longicauda)
- swarte huningfalk (Henicopernis infuscatus)
- Skaai: Leptodon, 2 soarten: