De swarte glee (Milvus migrans) is in fûgel út de famylje fan de haukfûgels.

swarte glee
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift rôffûgels (Accipitriformes)
famylje haukfûgels (Accipitridae)
skaai gleeën (Milvus)
soarte
Milvus migrans
Boddaert, 1783
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel

     wintergast
     trochtrekker


De swarte glee is 55 oant 65 sm grut en hat in wjukspanwiidte fan 140 oant 150 sm. Hy hat in gewicht fan 600 oant 1000 gram. De fûgel kin 20 jier âld wurde. De swarte glee hat ek wat in ynsnijde swellesturt, allinnich folle minder opfallend as de Reade Glee. De swarte glee is net swart, mar mear donkerbrún en griis. De punten fan de wjukken binne wol swart.

Fersprieding

bewurkje seksje

De swarte glee komt foar yn de grutste parten fan Jeropa, Aazje, Afrika en Austraalje. Yn Jeropa en Aazje is it meastentiids in trekfûgel. Yn Afrika, Austraalje en Yndia bliuwt der it hiele jier rûn. Winterdeis binne de fûgels faak yn kloften te sjen.

 
Aaien fan 'e swarte glee.

De swarte flee yt deade fisken, jonge fûgels, lytse sûchdieren, amfibyen, reptilen, ynsekten, aas en ôffal.

Fuortplanting

bewurkje seksje

De swarte glee briedt fan april oant juny. It nêst wurd meast heech yn âlde beammen makke, en hat in trochsnee fan 50 oant 100 sm. It nêst wurd makke fan tûken en beklaaid mei gers, blêden en hier. It wyfke leit twa of trije aaien dy't yn 30 oant 35 dagen meast troch it wyfke útbret wurde. Neidat de jonge fûgels útkaam binne bliuwe se noch 40-45 dagen op it nêst.