Eare-Oscar
De Eare-Oscar (Ingelsk: Honorary Oscar, mar formeel eins Academy Honorary Award) is in Amerikaanske priis op it mêd fan 'e filmkeunst dy't elts jier ein oktober of (faker) begjin novimber oan ien of mear persoanen of organisaasjes útrikt wurdt, foar it meastepart by wize fan oeuvrepriis. It is ien fan 'e Oscars of Academy Awards, dy't útrikt wurde troch de Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS) yn Hollywood, de wyk fan Los Angeles dêr't de Amerikaanske filmyndustry konsintrearre is.
Eare-Oscar Academy Honorary Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | ● in bûtengewoan oeuvre ● bûtengewoane bydragen oan 'e filmkeunst ● treflike tsjinsten oan 'e AMPAS | |
útrikt troch | Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS) | |
frekwinsje | 1 of mear x jiers | |
datum | oktober / novimber | |
plak | Hollywood (Los Angeles) | |
ynsteld | 1929 (Spesjale Oscar) | |
1e útrikking | 1929 (Spesjale Oscar) | |
offisjele webside | ||
oscars.org |
Kritearia
bewurkje seksjeDe Eare-Oscar wurdt útrikt foar ien of mear fan 'e folgjende kritearia:
- in bûtengewoan oeuvre as filmakteur, filmregisseur, filmprodusint en/of senarioskriuwer;
- bûtengewoane bydragen oan 'e filmkeunst yn it algemien en (faak) de Amerikaanske filmyndustry yn it bysûnder;
- treflike tsjinsten ferliend oan 'e Academy of Motion Pictures Arts and Sciences.
Winners binne tsjintwurdich oer it algemien persoanen, mar yn it ferline waard dizze priis ek geregeldwei útrikt oan in organisaasje of foar in film.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Eare-Oscar ûntstie as de Spesjale Oscar (Academy Special Award), dy't yn 1929 op 'e earste útrikkingsseremoanje fan 'e Oscars al ferjûn waard. De priis waard fan it begjin ôf oan útrikt troch de bestjoersried (Board of Governors) fan 'e Academy of Motion Pictures Arts and Sciences (AMPAS) foar bûtengewoane fertsjinsten op it mêd fan 'e film dy't bûten de oare Oscar-kategoryen foelen. Dêrta hearden ek bûtenlânske films yn in oare taal as it Ingelsk oant yn 1956 de Oscar foar Bêste Bûtenlânske Film ynsteld waard. De Spesjale Oscar waard yn 1950 (foar de útrikking fan 1951) omneamd ta 'Eare-Oscar' (Academy Honorary Award), en moat net betize wurde mei de yn 1971 (foar de útrikking fan 1972) ynstelde Oscar foar Spesjale Prestaasje (Academy Special Achievement Award). Sûnt 2009 wurdt de Eare-Oscar útrikt as ûnderdiel fan 'e Governors Awards ynstee fan de eigentlike Oscars (Academy Awards).
Winners
bewurkje seksjeDe Oscars wurde útrikt foar films út it hiele foargeande jier. Yn 'e tabel hjirûnder wurdt de offisjele jiertelling fan 'e Oscars oanholden. Mar it jier dat oanjûn stiet is it jier dêr't de priis foar takend waard, en net it jier dêr't de priis yn takend waard. Dus dêr't bgl. stiet "1950", fûn de útrikking fan dy priis plak yn 1951.
jier | nasjonaliteit | winner | omskriuwing winner | priis takend foar |
---|---|---|---|---|
Winners fan 'e Spesjale Oscar (1928 – 1950) | ||||
1927/1928 | Amerikaansk | Warner Bros. | filmstudio | The Jazz Singer |
Britsk | Charlie Chaplin | akteur, senarioskriuwer, regisseur, produsint | The Circus | |
1928/1929 | gjin priis takend | |||
1929/1930 | gjin priis takend | |||
1930/1931 | gjin priis takend | |||
1931/1932 | Amerikaansk | Walt Disney | animator, produsint | de skepping fan Mickey Mouse |
1932/1933 | gjin priis takend | |||
1934 | Amerikaansk | Shirley Temple | aktrise | bydragen oan 'e filmkeunst yn 1934 |
1935 | Amerikaansk | D.W. Griffith | regisseur, produsint | oeuvre |
1936 | Amerikaansk | W. Howard Greene en Harold Rosson | kameraregisseurs | kleuresinematografy fan The Garden of Allah |
Amerikaansk | The March of Time | koarte film | revolúsjonêre fernijings yn 'e filmtechnyk | |
1937 | Amerikaansk | Edgar Bergen | akteur | syn rol fan Charlie McCarthy |
Amerikaansk | W. Howard Greene | kameraregisseur | kleuresinematografy fan A Star Is Born | |
Amerikaansk | de filmbibleteek fan it Museum of Modern Art | filmargyf | foar de preservearring fan films fan 1895 ôf | |
Kanadeesk | Mack Sennett | akteur, regisseur, produsint | syn bydragen oan 'e komeedzjetechnyk yn films | |
1938 | Amerikaansk | J. Arthur Ball | direkteur Technicolor | syn bydragen oan it mooglik meitsjen fan kleurefilm |
Amerikaansk | Walt Disney | animator, produsint | Snow White and the Seven Dwarfs | |
Kanadeesk Amerikaansk |
Deanna Durbin en Mickey Rooney |
akteurs | harren prestaasjes as berne-akteurs | |
ferskaat | Gordon Jennings, Jan Domela, Devereaux Jennings, Irmin Roberts, Art Smith, Farciot Edouart, Loyal Griggs, Loren L. Ryder, Harry D. Mills, Louis Mesenkop, Walter Oberst |
special effects-technisy | byld- en lûdseffekten yn Spawn of the North | |
Amerikaansk | Oliver T. Marsh en Allen Davey | kameraregisseurs | kleuresinematografy fan Sweethearts | |
Amerikaansk | Harry Warner | produsint | de produksje fan syn koarte films oer de Amerikaanske skiednis | |
1939 | Amerikaansk | Douglas Fairbanks | akteur, regisseur, produsint | oeuvre |
Amerikaansk | Judy Garland | aktrise, dûnseresse, sjongster | bydragen oan 'e filmkeunst yn 1939 | |
Amerikaansk | William Cameron Menzies | produksje-ûntwerper, regisseur | treflik gebrûk fan kleur yn Gone with the Wind | |
Amerikaansk | Motion Picture Relief Fund | goed doel | tsjinsten oan 'e filmyndustry yn 1939 | |
Amerikaansk | Technicolor USA | bedriuw | bydragen oan it ûntwikkeljen fan 'e kleurefilm | |
1940 | Amerikaansk | Bob Hope | komyk, akteur | tsjinsten oan 'e filmyndustry |
Amerikaansk | Nathan Levinson | lûdstechnikus | treflike tsjinsten oan 'e filmyndustry en it Amerikaanske Leger de ôfrûne 9 jier | |
1941 | Amerikaansk | Walt Disney, William Garity, John N.A. Hawkins, RCA Manufacturing Company |
filmmakkers en elektroanikabedriuw | nije ûntwikkelings op it mêd fan lûd yn films troch de produksje fan Fantasia |
Britsk | Leopold Stokowski en meiwurkers | dirigint | foar it kreëarjen fan in nije foarm fan fisualisearre muzyk yn Fantasia | |
Amerikaansk | Rey Scott | kameraregisseur | de dokumintêre Kukan (oer de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch), opnommen ûnder de dreechste omstannichheden | |
Britsk | Britsk Ministearje fan Ynformaasje | oerheidsynstelling | de dokumintêre Target for Tonight, oer de Slach om Ingelân | |
1942 | Frânsk | Charles Boyer | akteur | oprjochting fan 'e French Research Foundation yn Los Angeles |
Britsk | Noël Coward | regisseur, akteur, filmkomponist | produksje fan In Which We Serve | |
Amerikaansk | Metro-Goldwyn-Mayer | filmstudio | produksje fan 'e Andy Hardy-filmsearje | |
1943 | Hongaarsk | George Pal | animator, regisseur, produsint | ynnovaasje yn 'e rige koarte films Puppetoons |
1944 | Amerikaansk | Bob Hope | komyk, akteur | tsjinsten oan 'e AMPAS |
Amerikaansk | Margaret O'Brien | aktrise | bêste berne-aktrise fan 1944 | |
1945 | Amerikaansk | Daniel J. Bloomberg en de lûdsôfdieling fan Republic Studio |
lûdstechnikus | de bou fan in treflik auditoarium foar it opnimmen fan filmmuzyk |
Amerikaansk | Peggy Ann Garner | aktrise | bêste berne-aktrise fan 1945 | |
Amerikaansk | The House I Live In | koarte film | it boadskip fan tolerânsje | |
Amerikaansk | Walter Wanger | produsint | seisjierrich foarsitterskip fan 'e AMPAS | |
1946 | Amerikaansk | Claude Jarman jr. | akteur | bêste berne-akteur fan 1946 |
Dútsk | Ernst Lubitsch | regisseur, produsint, akteur | oeuvre | |
Britsk | Laurence Olivier | akteur, regisseur, produsint | produksje fan Henry V | |
Kanadeesk | Harold Russell | akteur | foar syn rol yn The Best Years of Our Lives | |
1947 | ferskaat | Thomas Armat, William Nicholas Selig, Albert E. Smith, George Kirke Spoor |
filmpioniers | oeuvre |
Amerikaansk | James Baskett | akteur | syn rol yn Song of the South | |
Amerikaansk | Bill and Coo | film | nije en artistike foarm fan filmkeunst | |
Italjaansk | Sciuscià (Shoe-Shine) | film | bêste film yn in frjemde taal | |
1948 | Amerikaansk | Sid Grauman | ûndernimmer | fertsjinsten oangeande it ferbetterjen fan bioskopen |
Frânsk | Monsieur Vincent | film | bêste film yn in frjemde taal | |
Hongaarsk | Adolph Zukor | produsint | oeuvre | |
1949 | Amerikaansk | Fred Astaire | akteur, dûnser, sjonger | syn bydragen oan 'e technyk fan musicals |
Amerikaansk | Cecil B. DeMille | produsint, regisseur | oeuvre | |
Deensk | Jean Hersholt | akteur | fertsjinsten yn 4 terminen as foarsitter fan 'e AMPAS | |
Italjaansk | Ladri di Biciclette (The Bicycle Thieves) | film | bêste film yn in frjemde taal | |
1950 | Amerikaansk | Louis B. Mayer | produsint | oeuvre |
Frânsk Italjaansk |
Au-delà des Grilles (The Walls of Malapaga) Le Mura di Malapaga |
film | bêste film yn in frjemde taal | |
Amerikaansk | George Murphy | akteur, dûnser | oeuvre | |
Winners fan 'e Eare-Oscar (1951 – no) | ||||
1951 | Amerikaansk | Gene Kelly | akteur, dûnser, sjonger, regisseur, produsint | oeuvre |
Japansk | Rashōmon (Rashomon) | film | bêste film yn in frjemde taal | |
1952 | Amerikaansk | Merian C. Cooper | regisseur, produsint | oeuvre |
Amerikaansk | Bob Hope | komyk, akteur | oeuvre | |
Frânsk | Jeux Interdits (Forbidden Games) | film | bêste film yn in frjemde taal | |
Amerikaansk | Harold Lloyd | akteur | oeuvre | |
Amerikaansk | George Mitchell | kameraregisseur | it ûntwerpen fan 'e Mitchell-kamera | |
Russysk | Joseph M. Schenck | produsint | oeuvre | |
1953 | Amerikaansk | 20th Century Fox | filmstudio | yntroduksje fan 'e CinemaScope-technology |
Amerikaansk | Bell & Howell Company | fabrikant fan filmtechnology | bydragen oan 'e filmtechnyk | |
Amerikaansk | Joseph Breen | sinsor | gewissefol tapassen fan 'e Motion Picture Production Code | |
Amerikaansk | Pete Smith | produsint fan koarte films | Pete Smith Specialties-filmsearje | |
1954 | Kanadeesk | Bausch & Lomb | kosmetikabedriuw | bydragen (troch fisazjy) oan 'e filmyndustry |
Sweedsk | Greta Garbo | aktrise | oeuvre | |
Japansk | Jigokumon (Gate of Hell) | film | bêste film yn in frjemde taal | |
Amerikaansk | Danny Kaye | akteur, komyk, sjonger | oeuvre | |
Amerikaansk | Kemp Niver | argivaris | ûntwikkeling fan it renovare-proses, dat de restauraasje fan 'e papierfilmkolleksje fan 'e Library of Congress mooglik makke | |
Britsk | Jon Whiteley | berne-akteur | rol yn The Kidnappers | |
Britsk | Vincent Winter | berne-akteur | rol yn The Kidnappers | |
1955 | Japansk | Miyamoto Musashi (Samurai: The Legend of Musashi) | film | bêste film yn in frjemde taal |
1956 | Amerikaansk | Eddie Cantor | dûnser, sjonger, akteur, komyk | oeuvre |
1957 | Amerikaansk | Broncho Billy Anderson | akteur, regisseur, produsint | oeuvre |
Amerikaansk | Charles Brackett | produsint | oeuvre | |
Amerikaansk | B.B. Kahane | produsint | oeuvre | |
ynternasjonaal | Society of Motion Picture and Television Engineers (SMPTE) |
ynternasjonale beropsorganisaasje | bydragen oan 'e filmyndustry | |
1958 | Frânsk | Maurice Chevalier | akteur | oeuvre |
1959 | Amerikaansk | Buster Keaton | akteur, komyk, regisseur, produsint | oeuvre |
Amerikaansk | Lee de Forest | útfiner | syn útfinings dy't de yntroduksje fan 'e lûdsfilm mooglik makken | |
1960 | Amerikaansk | Gary Cooper | akteur | oeuvre |
Britsk | Stan Laurel | akteur, komyk | oeuvre | |
Britsk | Hayley Mills | aktrise | bêste berne-aktrise fan 1960 | |
1961 | Amerikaansk | William L. Hendricks | produsint | de produksje fan A Force in Readiness oer it Amerikaanske Marinierskorps |
Amerikaansk | Fred L. Metzler | produsint | syn tsjinsten oan 'e AMPAS | |
Amerikaansk | Jerome Robbins | regisseur, goreograaf | oeuvre | |
1962 | gjin priis takend | |||
1963 | gjin priis takend | |||
1964 | Amerikaansk | William J. Tuttle | fisazjist | syn wurk yn 7 Faces of Dr. Lao |
1965 | Amerikaansk | Bob Hope | komyk, akteur | oeuvre |
1966 | Amerikaansk | Yakima Canutt | akteur, stuntman, regisseur | syn karriêre as stuntman en syn ûntwikkeling fan feilichheids- maatregels foar stuntlju |
Amerikaansk | Y. Frank Freeman | produsint | oeuvre | |
1967 | Amerikaansk | Arthur Freed | produsint | oeuvre |
1968 | Amerikaansk | John Chambers | fisazjist | syn wurk yn Planet of the Apes |
Kanadeesk | Onna White | dûnseresse, goreografe | har wurk yn Oliver! | |
Britsk | Cary Grant | akteur | oeuvre | |
1970 | Amerikaansk | Lillian Gish | aktrise | oeuvre |
Amerikaansk | Orson Welles | akteur, regisseur, produsint | oeuvre | |
1971 | Britsk | Charlie Chaplin | komyk, akteur, regisseur, produsint, senarioskriuwer | oeuvre |
1972 | Amerikaansk | Charles S. Boren | produsint | oeuvre |
Roemeensk | Edward G. Robinson (postúm) | akteur | oeuvre | |
1973 | Frânsk | Henri Langlois | filmargivaris | syn bydragen oan 'e preservearring fan 'e filmkeunst |
Amerikaansk | Groucho Marx | komyk, akteur, regisseur, produsint | oeuvre | |
1974 | Amerikaansk | Howard Hawks | regisseur, produsint | oeuvre |
Frânsk | Jean Renoir | regisseur, akteur, produsint | oeuvre | |
1975 | Kanadeesk | Mary Pickford | aktrise, produsinte | oeuvre |
1976 | gjin priis takend | |||
1977 | Amerikaansk | Margaret Booth | filmeditor | oeuvre |
1978 | Amerikaansk | Walter Lantz | animator, produsint, regisseur, akteur | oeuvre |
Amerikaansk | Departemint Film fan it Museum of Modern Art | museum | bydragen oan it sjen fan films as in keunstfoarm | |
Britsk | Laurence Olivier | akteur, regisseur, produsint | oeuvre | |
Amerikaansk | King Vidor | regisseur, produsint | oeuvre | |
1979 | Amerikaansk | Hal Elias | regisseur | syn tsjinsten oan 'e AMPAS |
Britsk | Alec Guinness | akteur | oeuvre | |
1980 | Amerikaansk | Henry Fonda | akteur | oeuvre |
1981 | Amerikaansk | Barbara Stanwyck | aktrise | oeuvre |
1982 | Amerikaansk | Mickey Rooney | akteur, komyk, produsint | oeuvre |
1983 | Amerikaansk | Hal Roach | produsint, regisseur, akteur | oeuvre |
1984 | Amerikaansk | National Endowment for the Arts | oerheidsynstânsje | 20-jierrich bestean en tawijing oan artistike en kreätive aktiviteiten |
Amerikaansk | James Stewart | akteur | oeuvre | |
1985 | Amerikaansk | Paul Newman | akteur, regisseur, produsint | oeuvre |
Amerikaansk | Alex North | filmkomponist | oeuvre | |
1986 | Amerikaansk | Ralph Bellamy | akteur | oeuvre |
1987 | gjin priis takend | |||
1988 | Amerikaansk | Eastman Kodak | fabrikant fan filmtechnology | bydragen oan 'e filmyndustry en de filmkeunst |
Kanadeesk | National Film Board of Canada (NFBC) | oerheidsynstânsje | 50-jierrich bestean en tawijing oan 'e filmkeunst | |
1989 | Japansk | Akira Kurosawa | regisseur | oeuvre |
1990 | Italjaansk | Sophia Loren | aktrise | oeuvre |
Amerikaansk | Myrna Loy | aktrise | oeuvre | |
1991 | Yndiaask | Satyajit Ray | produsint, regisseur | oeuvre |
1992 | Italjaansk | Federico Fellini | regisseur | oeuvre |
1993 | Britsk | Deborah Kerr | aktrise | oeuvre |
1994 | Italjaansk | Michelangelo Antonioni | regisseur | oeuvre |
1995 | Amerikaansk | Kirk Douglas | akteur, regisseur, produsint | oeuvre |
Amerikaansk | Chuck Jones | animator | oeuvre | |
1996 | Amerikaansk | Michael Kidd | goreograaf, dûnser, akteur | oeuvre |
1997 | Amerikaansk | Stanley Donen | regisseur, goreograaf | oeuvre |
1998 | Amerikaansk | Elia Kazan | regisseur | oeuvre |
1999 | Poalsk | Andrzej Wajda | regisseur | oeuvre |
2000 | Britsk | Jack Cardiff | kameraregisseur, regisseur | oeuvre |
Amerikaansk | Ernest Lehman | senarioskriuwer | oeuvre | |
2001 | Bahamaansk | Sidney Poitier | akteur, regisseur | oeuvre |
Amerikaansk | Robert Redford | akteur, regisseur, produsint | oeuvre | |
2002 | Britsk | Peter O'Toole | akteur | oeuvre |
2003 | Amerikaansk | Blake Edwards | regisseur, produsint, senarioskriuwer | oeuvre |
2004 | Amerikaansk | Sidney Lumet | regisseur, produsint, senarioskriuwer | oeuvre |
2005 | Amerikaansk | Robert Altman | regisseur, produsint, senarioskriuwer | oeuvre |
2006 | Italjaansk | Ennio Morricone | filmkomponist | oeuvre |
2007 | Amerikaansk | Robert F. Boyle | regisseur, produksje-ûntwerper | oeuvre |
2008 | gjin priis takend | |||
2009 | Amerikaansk | Lauren Bacall | aktrise | oeuvre |
Amerikaansk | Roger Corman | regisseur, produsint, akteur | oeuvre | |
Amerikaansk | Gordon Wills | kameraregisseur, regisseur | oeuvre | |
2010 | Britsk | Kevin Brownlow | regisseur, dokumintêremakker, filmeditor | oeuvre |
Frânsk | Jean-Luc Godard | regisseur, senarioskriuwer, filmkritikus | oeuvre | |
Amerikaansk | Eli Wallach | akteur | oeuvre | |
2011 | Amerikaansk | James Earl Jones | akteur | oeuvre |
Amerikaansk | Dick Smith | fisazjist | oeuvre | |
2012 | Amerikaansk | Hal Needham | stuntman, regisseur, akteur | oeuvre |
Amerikaansk | D.A. Pennebaker | dokumintêremakker | oeuvre | |
Amerikaansk | George Stevens jr. | regisseur, produsint | oeuvre | |
2013 | Britsk | Angela Lansbury | aktrise | oeuvre |
Amerikaansk | Steve Martin | akteur, komyk | oeuvre | |
Italjaansk | Piero Tosi | kostúmûntwerper | oeuvre | |
2014 | Frânsk | Jean-Claude Carrière | senarioskriuwer, akteur | oeuvre |
Japansk | Hayao Miyazaki | animator, regisseur, senarioskriuwer | oeuvre | |
Iersk | Maureen O'Hara | aktrise, sjongster | oeuvre | |
2015 | Amerikaansk | Spike Lee | regisseur, produsint | oeuvre |
Amerikaansk | Gena Rowlands | aktrise | oeuvre | |
2016 | Hongkongsk | Jackie Chan | akteur, stuntman, regisseur, produsint | oeuvre |
Britsk | Anne V. Coates | filmeditor | oeuvre | |
Amerikaansk | Lynn Stalmaster | casting director | oeuvre | |
Amerikaansk | Frederick Wiseman | regisseur, produsint | oeuvre | |
2017 | Amerikaansk | Charles Burnett | regisseur, produsint, kameraregisseur | oeuvre |
Amerikaansk | Owen Roizman | kameraregisseur | oeuvre | |
Kanadeesk | Donald Sutherland | akteur | oeuvre | |
Belgysk | Agnès Varda | regisseur | oeuvre | |
2018 | Amerikaansk | Marvin Levy | marketing- en public relations-man | syn tsjinsten oan de filmyndustry |
Argentynsk | Lalo Schifrin | filmkomponist | oeuvre | |
Amerikaansk | Cicely Tyson | aktrise | oeuvre | |
2019 | Amerikaansk | David Lynch | regisseur, produsint | oeuvre |
Amerikaansk | Wes Studi | akteur, produsint | oeuvre | |
Italjaansk | Lina Wertmüller | senarioskriuwster, regisseur | oeuvre | |
2020 | gjin priis takend | |||
2021 | Amerikaansk | Samuel L. Jackson | akteur | oeuvre |
Amerikaansk | Elaine May | regisseur, senarioskriuwster en aktrise | oeuvre | |
Noarsk | Liv Ullman | aktrise en regisseur | oeuvre | |
2022 | Martinikaansk | Euzhan Palcy | regisseur, senarioskriuwster, filmprodusinte | oeuvre |
Amerikaansk | Diane Warren | lietsjeskriuwster | bydragen oan filmmuzyk | |
Australysk | Peter Weir | regisseur | oeuvre |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeSjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |