Buster Keaton
"Buster Keaton" wie de artystenamme fan Joseph Francis Keaton (4 oktober 1895, Piqua (Teksas) - 1 febrewaris 1966, Hollywood). Hy wie in populêre Amerikaanske akteur en regisseur fan stomme films. Keaton syn fernijende ynfloed as regisseur hat in protte bydroegen ta it ûnjaan fan de filmkeunsten.
Buster Keaton | ||
akteur | ||
Busterkeaton | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Joseph Francis Keaton | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 4 oktober 1895 | |
berteplak | Piqua, Teksas | |
stoarn | 1 febrewaris 1966 | |
stjerplak | Woodland Hills | |
jierren aktyf | 1917-1966 | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
Biografy
bewurkje seksjeJoseph Keaton stie al mei syn âlden yn it fariëtee, dat hy is grut wurden mei it akteurslibben. Yn 1917 begûn er foar de film te wurkjen, doe't er mei Roscoe Arbuckle yn de kunde kaam en rollen yn dy syn koarte films krige, dêr't er syn komyske en akrobatyske talint yn fertoande. Mar hoe komyske of gaoatysk de sitewaasje ek wie, Buster syn antlit wie ûnfersteurbar, wat him de bynamme Stone face - stiengesicht - joech.
Nei't er yn 1918 ûnder de Earste Wrâldoarloch yn tsjint moast yn Frankryk, begûn er yn 1920 sels mei it meitsjen fan films. De lange films dy't Keaton yn dy tiid makke binne filmtechnysk hiel knap, en wurde beskôge as fan likense kwaliteit as dy fan Charlie Chaplin. Yn 1928 waard syn kontrakt lykwols troch MGM oernaam, en om't Keaton net goed yn it systeem fan MGM paste, begûnen syn films minder te wurden, oant er yn 1933 dien krige. Yn 1939 krige er noch de opdracht om foar Columbia tsien koarte films te meitsjen, mar nei dy tiid wurke er net mear as filmmakker.
Yn stee dêrfan hie er yn 1950 en 1951 wyklikse tillefyzje-searjes, mar hy stoppe dermei om't er fûn dat er net genôch goed materiaal meitsje koe om eltse wike in útstjoering te meitsjen. Yn dy tiid gong er werom nei syn begjin, en reizge as artyst mei in sirkus troch Jeropa. Yn de nei-oarlochse tiid kaam der in nij publyk foar syn âlde films, dat al sei er sels wolris dat er al lang fergetten wie. Hy wie dochs noch tige populêr. Yn de sechtiger jierren die er no in dan in gastroltsje, en hy skreau syn memwares. Yn 1965 spile er noch ien kear de komyk mei it ûnfersteurbere antlit yn de koarte film The Railrodder. Doe't er yn 1966 ferstoar oan longkanker hie er meispile yn mear as 150 films.
Buster Keaton is twa kear opnaam yn de Hollywood Walk of Fame: Ien kear foar syn filmwurk, en ien kear foar syn wurk foar de tillefyzje .
Dvd
bewurkje seksje- Kino Video Studio (2001): The Art Of Buster Keaton, 10-dvd-set.
- Arte video (2001): Buster Keaton 1917-1923, 4-dvd-set.
Boeken oer Keaton
bewurkje seksje- BLESH, R., Keaton, The Macmillan Company, 1966. ISBN 0-02-511570-7.
- KEATON, B. en SAMUELS, Ch., My Wonderful World Of Slapstick, Da Capo Press, 1982. ISBN 0-306-80178-7.
- KEATON, E. en VANCE, J., Buster Keaton Remembered, Harry N. Abrams, 2001. ISBN 0-8109-4227-5.
- MEADE, M., Buster Keaton: Cut To The Chase, Harper Collins, 1995. ISBN 0-06-017337-8.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- The International Buster Keaton Society
- Buster Keaton Museum
- Annual Buster Keaton Convention, Muskegon, MI
- Annual Buster Keaton Celebration, Iola, KS
- They Shoot Pictures, Don't They?
- The Actors' Colony in Muskegon MI 1908–1938
- Virtual History - Bibliography and Tobacco Cards
- The first Buster Keaton LiveJournal community
- April 17, 1964 interview on Telescope
- Buster Keaton in Five Easy Clips
- Juha's Buster Keaton Page (link resource)
- Buster Keaton Photo Galleries (includes rare images of BK smiling and laughing)
- Buster Keaton on Comedy and Making Movies, an online seminar from Columbia University
- Buster Keaton: From Butcher Boy To Scribe
- Six contemporary interviews with Buster Keaton
- That Old Feeling: Fatty and Buster yn Time online.
- Buster Keaton museum
- Keaton biografy