Danny Kaye, echte namme: David Daniel Kaminsky (New York, 18 jannewaris 1911Los Angeles, 3 maart 1987), wie in Amerikaansk akteur, sjonger, dûnser en komyk fan Oekraynsk-Joadsk komôf. Hy lei him fral ta op komeedzje basearre op fysike aksje, it meitsjen fan rare minen en it sjongen fan ûnsinnige ferskes. Teffens wied er de earste algemien ambassadeur foar UNICEF.

Danny Kaye
akteur
Danny Kaye yn 1955.
Danny Kaye yn 1955.
persoanlike bysûnderheden
echte namme David Daniel Kaminsky
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 18 jannewaris 1911
berteplak New York (New York)
stoarn 3 maart 1987
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Joadsk
jierren aktyf 19331986
prizen 2 × Oscar
2 × Golden Globe
4 × Emmy Award
Légion d'Honneur 1986
Pres. Frijheidsmedalje 1987
offisjele webside
n.f.t.

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Kaye waard yn 1911 berne yn 'e New Yorkske wyk Brooklyn, dêr't syn âldelju en beide âldere bruorren twa jier foar syn berte hinne emigrearre wiene út 'e Oekraïne wei, dat doe noch ta it Russyske tsareryk hearde. Hy makke de middelbere skoalle net ôf; ynstee naaide er koart nei it ferstjerren fan syn mem tegearre mei in maat út nei Floarida, dêr't se in hoartsje as strjitmuzikanten libben.

Nei't er lang om let weromkeard wie yn New York, ûnderhold er himsels mei ferskate baantsjes, wêrûnder fersekeringsûndersiker en kantoarbetsjinde. Hy wie ien fan 'e sprekwurdlike tsien ambachten, tolve ûngelokken, mei't de fersekeringsmaatskippij him ûntsloech doe't er in flater begie dy't harren $40.000 koste, wylst in toskedokter dy't him ynhierde om ûnder it middeisskoft om syn praktyk te tinken, him oan 'e dyk sette doe't er him derop trapearre dat er de boar brûkte om 'e lambrisearring mei te bewurkjen.

Yn 1933 naam Kaye syn artystenamme oan en sette er útein mei in karriêre as artyst, as lid fan it teätertrio The Three Terpsichoreans (in ferwizing nei de muze Terpsichoré). It gie him yn 't earstoan net foar de wyn, en hy wie gauris ta reapsein. Syn debút as filmakteur makke er yn 1935 yn 'e komyske koarte film Moon over Manhattan. Yn 'e jierren dêrop trede er ferskate kearen op Broadway op, û.m. yn it tige súksesfolle toanielstik Lady in the Dark (1941). Yn 1944 spile er yn syn earste lange film, Up in Arms, mar hy briek pas troch doe't er yn 1945 en 1946 syn eigen radioprogramma op 'e radiostjoerder CBS krige.

Neitiid spile Kaye de haadrol yn grutte komeedzjefilms as The Secret Life of Walter Mitty (1947) en The Inspector General (1949). (Fan dy lêste film waard yn 1982 troch André van Duin in Nederlânske remake makke ûnder de titel De Boezemvriend.) Oare súksesfolle filmproduksjes mei Danny Kaye wiene Knock on Wood (1954), White Christmas (1954) en The Court Jester (1956). Kaye wurke gauris gear mei aktrise Virginia Mayo, û.o. yn Wonder Man (1945), The Kid from Brooklyn (1946) en The Secret Life of Walter Mitty (1947). Hy hie ek de haadrol yn twa serieuze biografyske films, Hans Christian Andersen (1952), oer de Deenske mearkesskriuwer Hans Christian Andersen, en The Five Pennies (1959), oer jazzpionier Red Nichols.

Kaye wûn twaris in Oscar: yn 1955 krige er in eare-Oscar foar syn hiele oeuvre, en yn 1982 waard him de Jean Hersholt Humanitarian Award takend (in Oscar-kategory foar lju út 'e filmyndustry dy't har ynsette foar goede doelen). Ek wûn er twaris de Golden Globe foar bêste akteur, yn 1951 en 1958.

As sjonger hie Kaye ferskate hits, wêrûnder Civilization (better bekend as Bongo, Bongo, Bongo), mei de Andrews Sisters, Put 'em in a Box, Tie 'em with a Ribbon (And Throw 'em in the Deep Blue Sea), Amelia Cordelia McHugh (McWho?) en All I Want for Christmas Is My Two Front Teeth (in duët mei Patty Andrews fan 'e Andrews Sisters). Op 'e tillefyzje wie Kaye fan 1956 ôf te sjen, û.m. mei The Danny Kaye Show (1963-1967), dêr't er fjouwer Emmy Awards mei wûn.

 
Elsa Lanchester, Barbara Bates en Danny Kaye yn The Inspector General (1949).

Fan 1954 ôf liet Kaye ek syn serieuze kant sjen yn syn wurk as algemien ambassadeur foar UNICEF, it bernefûns fan 'e Feriene Naasjes. It opheljen fan jild foar dat goede doel behelle er neitiid yn frijwol al syn optredens. Yn 1986 waard er foar syn ynset foar UNICEF ûnderskaat mei it prestizjeuze Frânske Légion d'Honneur. It jiers dêrop waard oan him postúm noch de Amerikaanske Presidinsjele Frijheidsmedalje takend.

Priveelibben

bewurkje seksje

Kaye mette syn frou Sylvia Fine foar de earste kear yn 1939, doe't se yn deselde teäterproduksje stiene, al wiene se yn Brooklyn mar in pear stedsblokken útinoar opgroeid. Hja trouden yn 1940. Sylvia wie in pianiste en komponiste, dy't ferantwurdlik wie foar it betinken en skriuwen fan withoefolle fan 'e tongetiizjende komyske ferskes dêr't Kaye om bekend stie. Se krigen ien bern, in dochter, Dena Kaye (1946).

Yn 1947 rekken Kaye en de frou faninoar ferfrjemde en skieden se fan tafel en bêd, mar foar de wet duorre harren houlik oant Kaye syn dea yn 1987. Nei't er by de frou wei wie, hie Kaye, nei't der grute wurdt, relaasjes mei in opienfolging fan froulju, wêrfan't de bekendst de aktrise Eve Arden west hawwe soe. Oan 'e oare kant binne der ek oanhâldende geroften dat er homo- of biseksueel west hawwe soe, en dat er yn 'e 1950-er jierren in seksuële relaasje ûnderhold mei de Ingelske akteur Laurence Olivier.

Danny Kaye kaam op 3 maart 1987 yn 'e âlderdom fan 76 jier oan in hertoanfal te ferstjerren. Dat barde nei't er yn 'e minnichte rekke wie troch in oanfal fan hepatitis, dy't er yn febrewaris 1983 oprûn hie by in fjouwerfâldige bypassoperaasje oan syn hert. Kaye waard kremearre en syn jiske waard byset op it Kensico Cemetery yn Valhalla, yn 'e steat New York.

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1937 Dime a Dance Eddie
1938 Getting an Eyeful Rus
1938 Cupid Takes a Holiday Nikolaj Nikolajevitsj (de breidsiker)
1938 Money on Your Life Rus
1944 Up in Arms Danny Weems
1944 I Am an American himsels
1945 Wonder Man Edwin Dingle / Buzzy Bellew
1946 The Kid from Brooklyn Burleigh Hubert Sullivan
1947 The Secret Life of Walter Mitty Walter Mitty
1948 A Song Is Born prof. Hobart Frisbee
1949 It's a Great Feeling himsels
1949 The Inspector General Georgi
1951 On the Riviera Jack Martin / Henri Duran
1952 Hans Christian Andersen Hans Christian Andersen
1954 Knock on Wood Jerry Morgan / heit Morgan
1954 White Christmas Phil Davis
1956 The Court Jester Hubert Hawkins
1958 Merry Andrew Andrew Larabee
1958 Me and the Colonel Samuel L. Jacobowsky
1959 The Five Pennies Red Nichols
1961 On the Double soldaat Ernie Williams / generaal sir Lawrence MacKenzie-Smith
1963 The Man from the Diners' Club Ernest Klenk
1969 The Madwoman of Chaillot foddeboer
tillefyzje
1938 Autumn Laughter himsels eksperimintele útstjoering
1956 The Secret Life of Danny Kaye himsels tillefyzjespecial
1960 What's My Line? himsels as mysteryguest
1960 & 1961 An Hour With Danny Kaye himsels 2 tillefyzjespecials
1962 The Danny Kaye Show with Lucille Ball himsels tillefyzjespecial
1963–1967 The Danny Kaye Show himsels
1964 The Lucy Show himsels te gast yn ôfl. Lucy Meets Danny Kaye
1971 Here Comes Peter Cottontail ? as stimakteur
1971 The Dick Cavett Show himsels te gast yn in praatprogramma
1972 The Enchanted World of Danny Kaye: The Emperor's New Clothes   himsels tillefyzjespecial
1975 An Evening with John Denver himsels tillefyzjespecial
1976 Pinocchio Gepetto live-actionmusical makke as special foar op 'e tillefyzje
1976 Peter Pan kaptein Heak live-actionmusical makke as special foar op 'e tillefyzje
1978 The Muppet Show himsels gastrol
1980 Disneyland's 25th Anniversary himsels tillefyzjespecial
1981 An Evening with Danny Kaye himsels tillefyzjespecial
1981 Skokie ? tillefyzjefilm
1982 The Wonderful World of Disney Official Opening of Epcot Center himsels as presintator en dirigint
1985 The Twilight Zone ? gastrol; ôfl. Paladin of the Lost Hour
1986 The Cosby Show ? gastrol; ôfl. The Dentist

Diskografy (in kar)

bewurkje seksje
studio-albums
  • 1949 – Danny Kaye
  • 1949 – Gilbert and Sullivan and Danny Kaye
  • 1950 – Danny Kaye Entertains
  • 1958 – Mommy, Gimme a Drinka Water
  • 1959 – The Five Pennies (mei Louis Armstrong)
soundtracks
  • 1952 – Hans Christian Andersen
  • 1954 – Knock on Wood
  • 1956 – Court Jester
  • 1958 – Merry Andrew
sprutsen
  • 1959 – Danny Kaye for Children
  • 1960 – Danny Kaye Tells 6 Stories from Faraway Places
kompilaasje-albums
  • 1954 – Selections from Irving Berlin's White Christmas
  • 1965 – The Best of Danny Kaye
  • 1970 – Two by Two
  • 1987 – The Very Best of Danny Kaye (20 Golden Greats)
  • 1953 – Wonderful Copenhagen
  • 1956 – Little Child (Daddy Dear) (mei syn dochter Dena Kaye)
  • 1956 – Ciu Ciu Bella
  • 1959 – Lullaby in Ragtime (mei Eileen Wilson)
  • 1962 – D-O-D-G-E-R-S Song (Oh, Really? No, O'Malley)

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.