Julius Henry (Groucho) Marx (New York, 2 oktober 1890Los Angeles, 19 augustus 1977) wie in Amerikaansk komyk fan Joadsk komôf, ien fan de Marx Brothers. Hy wie de tredde fan de fiif soannen fan Sam en Minnie Marx.

Groucho Marx yn 1960
The Marx Brothers yn 1931 (fan boppe nei ûnderen: Chico, Harpo, Groucho en Zeppo)

Groucho Marx begûn syn wurkpaad op toaniel; mei 15 jier figurearre er yn "The Leroy Trio". Hy die dêrnei fan alles, mar lykwols sûnder in protte súkses. Twa kear lieten de oare leden fan in selskip him sûnder in sint efter, earne yn in stêd fier fan hûs.
Doe't er mei syn bruorren it toaniel opgie, hie er foar it earst súkses mei de muzikale komeedzje I'll Say She Is. Dy show waard folge troch noch twa Broadway hits: The Cocoanuts en Animal Crackers. Yn de lêste show spile Groucho Captain Spaulding, in type dat de rest fan syn libben syn hammelsmerk bliuwe soe.

The Cocoanuts en Animal Crackers wiene ek de earste films dy't de bruorren útbrochten. De films waarden doe opnaam yn New York; letter waarden sy allegear yn Hollywood opnaam.
De bruorren bouden in filmkarriêre op. Tagelyk gie Groucho yn letter jierren ek foar de radio oan de gong. Hy waard faak útnûge yn in soad programma’s en wie sels ek gasthear yn ferskate shows. It measte súkses hie er mei syn radiokomeedzje You Bet Your Life (1947). De show ferhuze letter nei telefyzje en waard útstjoerd oant yn 1961.

 
Groucho Marx yn de kwisshow You Bet Your Life

Groucho wie in Amerikaansk liberaal mei krityk op de polityk. Hy hie freonen ûnder de lju dy't yn de jierren 50 as kommunisten beskôge waarden yn de Feriene Steaten. Sadwaande die de FBI ûndersyk nei Groucho.
Groucho hie noch in comeback mei in show yn Carnegie Hall yn 1972 doe't de Marx Brothers ein jierren 60, begjin jierren 70, fannijs in skoft populêr wiene. Op it filmfestival yn Cannes yn 1972 waard er ta Commandeur des Arts et Lettres lauwere en 1974 ûntfong er in spesjale Academy Award (Oscar) foar it wurk fan de Marx Brothers.

Groucho is op 19 augustus 1977 yn it Cedars Sinai Medical Center ferstoarn.

Priveelibben

bewurkje seksje

Groucho: It houlik is in moai ynstitút. Mar wa wol yn in ynstitút libje?

Groucho troude trije kear en skiede trijeris: Alimintaasje is itselde as in dea hynder mei hea fuorje. (Groucho Marx). Alle trije syn froulju wiene oan de alkohol rekke.

Namme Boaske Skieden Bern
Ruth Johnson 4 febrewaris 1920 15 july 1942 Arthur en Miriam
Kay Marvis (aka Gorcey) 24 febrewaris 1945 12 maaie 1951 Melinda
Eden Hartford 17 july 1954 4 desimber 1969
Groucho Marx hat yn de folgjende films optreden:
Film Jier Rol
Humor Risk 1921 Minnenien
The Cocoanuts 1929 Mr. Hammer
Animal Crackers 1930 Kaptein Jeffrey T. Spaulding
Monkey Business 1931 Ferstekling
The House That Shadows Built 1931
Horse Feathers 1932 Professor Quincy Adams Wagstaff
Hollywood on Parade No.5 1932
Duck Soup 1933 Rufus T. Firefly
A night at the Opera 1935 Otis P. Driftwood
Yours For the Asking 1936 Sinnebaaier (ekstra)
A Day at the Races 1937 Doktor Hugo Z. Hackenbush
Room Service 1938 Gordon Miller
At the Circus 1939 J. Cheever Loophole
Go West 1940 S. Quentin Quale
The Big Store 1941 Wolf J. Flywheel
Instatanes 1943
Screen snapshot No. 110 1943
A Night in Casablanca 1946 Ronald Kornblow
Copacabana 1947 Lionel Q. Deveraux
Love Happy 1949 Sam Grunion
Mr. Music 1950 Himsels
Double Dynamite 1951 Emile J. Keck
A Girl in Every Port 1952 Benjamin Linn
Will Success Spoil Rock Hunter? 1957 George Schmidlap
The Story of Mankind 1957 Peter Minuit
Skidoo 1968 God

Fierder lêze

bewurkje seksje