Haadmenu iepenje

Deborah Kerr (folút: Deborah Jane Kerr-Trimmer; Glasgow, 30 septimber 1921Botesdale (Ingelân), 16 oktober 2007) wie in Britsk aktrise, dy't yn 'e fjirtiger, fyftiger en sechstiger jierren in ynternasjonale karriêre opboude mei films as From Here to Eternity, Quo Vadis, Young Bess, King Solomon's Mines, en The Life and Death of Colonel Blimp. Yn 1956 waard har in Golden Globe takend foar har rol yn The King and I, en hoewol't se nea in Oscar wûn, waard se seis kear foar in Oscar yn 'e kategory bêste aktrise nominearre, mear as hokker oare aktrise ek. Uteinlik ûntfong se yn 1994 in eare-Oscar foar har hiele oeuvre.

Deborah Kerr
Filmklapper.png akteur
Deborah Kerr in colour Allan Warren.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Deborah Jane Kerr-Trimmer
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
berne 30 septimber 1921
berteplak Glasgow (Skotlân)
stoarn 16 oktober 2007
stjerplak Botesdale (Ingelân)
etnisiteit Flag of Scotland.svg Skotsk
jierren aktyf 19401986
prizen Golden Globe 1956
eare-BAFTA 1991
eare-Oscar 1994
offisjele webside
n.f.t.

Ynhâld

Libben en karriêreBewurkje

Jonkheid en opliedingBewurkje

Kerr waard yn 1921 berne yn in sikehûs yn 'e Skotske stêd Glasgow, as de dochter fan kaptein Arthur Charles Kerr-Trimmer en dy syn frou Kathleen Rose Smale. Har heit wie in feteraan út 'e Earste Wrâldoarloch, dy't yn 'e Slach oan de Somme in skonk ferlern hie, en letter yngenieur waard. Se hie in jongere broer dy't Edmund ("Teddy") hiet en sjoernalist waard. Hy kaam yn 2004 om by in gefal fan ferkearsagresje. Kerr brocht de earste trije jier fan har libben troch yn Helenburgh, ûnder de reek fan Glasgow, dêr't har âldelju by har pake en beppe ynwennen.

Se genoat har leger ûnderwiis oan 'e ûnôfhinklike Norhtumberland House School yn it Ingelske Bristol, en oan 'e Rossholme School yn Weston-super-Mare. Oarspronklik learde Kerr foar balletdûnseresse, en yn 1938 makke se datoangeande har debút yn in foarstelling. Har earste aktearleararesse wie har muoike Phyllis Smale, dy't yn Bristol de Hicks-Smale Toanielskoalle runde.

 
Kerr yn 'e film Black Narcissus, út 1947.

AktearkarriêreBewurkje

ToanielBewurkje

Kerr stie foar it earst op 'e planken yn 1937, yn Weston-super-Mare, as mymspylster yn it stik Harlequin and Columbine. Nei't se ferskate lytse roltsjes hân hie yn Shakespeare-produksjes yn it iepenloftteäter yn it Londenske Regent's Park, joech se har yn 1940 by it toanielselskip fan it Oxford Playhouse. Yn 1943 makke se mei 21 jier har debút yn it Londenske West End, en hie dêr grut súkses. Neitiid gie se mei har selskip op toernee troch Ingelân en Skotlân, en tsjin 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch spile se ek foar Alliëarde troepen yn Nederlân, Belgje en Frankryk. Yn 1953 stie se foar it earst op Broadway, mei de haadrol yn it stik Tea and Sympathy, dêr't se mei nominearre waard foar in Tony Award. Letter yn har karriêre kearde se yn 1972 werom nei it West End, en yn 1973 op Broadway. Hoewol't se nea har plankekoarts ferlear, bleau toaniel altyd har earste leafde.

 
Deborah Kerr as in jonge keninginne Elizabeth I fan Ingelân yn Young Bess, út 1953.

FilmsBewurkje

Har earste filmrol hie Kerr yn 'e Britske film Contraband, út 1940, mar by de montaazje waarden har sênes út 'e úteinlike ferzje snien. Har optreden yn har twa folgjende Britske films, Major Barbara en Love on the Dole (beide út 1941) waard lykwols goed ûntfongen. Dêrnei spile se yn Hatter's Castle en, as Noarske fersetsstriidster, yn The Day Will Dawn (beide út 1942). Fral dy lêste film wie in grut súkses, en Kerr waard troch it Britske bioskooppublyk keazen ta populêrste nasjonale filmstjer. Yn 1943 spile se trije ferskillende froulju yn The Life and Death of Colonel Blimp. Hoewol't it Britske Leger wegere en wurkje oan dy produksje mei, en ek al miende Winston Churchill dat de film it oarlochsmoreel fan it Britske folk oantaaste soe, dochs waard Colonel Blimp in trochslaand súkses.

Tsjin dy tiid begûn Kerr derop te stean dat har namme útsprutsen wurde moast as [ka:(ɹ)] (ynstee fan 'e gongberder útspraak [kœ:(ɹ)] (lykas cur, dat "strjithûn" of "rotsak" betsjut). De Amerikaanske filmstudio MGM begûn har dêrom letter oan te priizgjen mei de slogan ''Kerr rhymes with Star!" ("Kerr rymt op Stjer!"). Kerr kaam ûnder de oandacht fan MGM troch har rol as in beswierde non yn Black Narcissus, út 1947, dy't ek yn Amearika súksesfol wie. Fanwegen har Britske aksint en hâlden en dragen waard se yn Hollywood yn 'e iene nei de oare rol cast as in ferfine en reservearre Ingelske dame, lykas yn Edward, My Son (1949), dêr't se har earste Oscar-nominaasje mei yn 'e wacht sleepte. Sels hie se net in soad aardichheid oan sokke rollen, en dêrom griep se eltse kâns ta oarsoartige optredens oan. Sadwaande wie se te sjen yn û.m. King Solomon's Mines (1950), in aventoerefilm dy't op lokaasje yn Afrika opnommen waard; yn it religieuze epos Quo Vadis? (1951); en yn 'e remake fan The Prisoner of Zenda (1952). Yn 1952 spile Kerr ek yn twa harkspullen op 'e radio.

 
Deborah Kerr yn An Affair to Remember (1957).

Yn 1953 hie Kerr de titelrol yn 'e film Young Bess, oer de jonge jierren fan 'e Ingelske keninginne Elizabeth I. Datselde jiers fertolke se ek de rol fan 'e sensuële Karen Holmes, in ferbittere frou fan in militêr, as tsjinspylster fan Burt Lancaster yn 'e film From Here to Eternity, wêrfoar't se har twadde Oscar -nominaasje krige. Dêrnei hie se de rollen foar it útkiezen, en spile se in ûnderdrukte troude frou yn The End of the Affair (1955), in non yn Heaven Knows, Mr. Allison (1957; as tsjinspylster fan har goede freon Robert Mitchum), in memmepopke yn Separate Tables (1956), in Australyske skiephoedersfrou yn The Sundowners, en in gûvernante yn sawol de The Chalk Garden as The Innocents (1961).

Guon fan Kerr har bekendste rollen hie se as de gûvernante Anna Leonowens yn 'e tsjinst fan 'e kening fan Tailân yn 'e ferfilming fan 'e musical The King and I (1956), en as tsjinspylster fan Cary Grant yn An Affair to Remember (1957). Hja waard op 'e nij nominearre foar in Oscar foar bêste aktrise foar har rollen yn The King and I, Heaven Knows, Mr. Allison, Separate Tables en The Sundowners. Foar har optreden yn The King and I wûn se wol in Golden Globe yn 'e kategory bêste aktrise yn in filmmusical of -komeedzje.

 
Kerr mei Robert Mitchum yn Heaven Knows, Mr. Allison, út 1957.

Yn 1967 spile Kerr yn 'e James Bond-film Casino Royale, wêrby't se de twifelige ear wûn om, mei 46 jier, de âldste Bond-girl ea te wêzen. Yn 1969 stimde se der ûnder druk fan 'e hieltyd jongere konkurrinsje yn ta om in neakensêne te dwaan yn 'e film The Gypsy Moths; dat wie de iennichste neakensêne fan har hiele wurkpaad. Mei't se almar minder ynteressante rollen oanbean krige, en der hieltyd mear fraach nei neakenens yn films wie, besleat Kerr oan 'e ein fan 'e jierren sechstich om op te hâlden mei filmwurk, en har ynstee ta te lizzen op tillefyzje en toaniel. Hoewol't se nea in Oscar wûn, hat se mei seis nominaasjes yn 'e kategory bêste aktrise noch altyd in rekôr op dat mêd. Yn 1994 waard har foar har hiele oeuvre in eare-Oscar takend, nei't se yn 1991 ek al in eare-BAFTA ûntfongen hie.

TillefyzjeBewurkje

Yn 'e earste helte fan 'e jierren tachtich wûn Kerr nije populariteit mei har tillefyzjewurk, û.m. mei har rol as ferpleechster yn 'e tillefyzjefilm Witness for the Prosecution (1982). Letter wurke se mei har âlde freon Robert Mitchum gear oan Reunion at Fairborough. Fierders spile se yn 1985 de tycoon Emma Harte yn 'e minysearje A Woman of Substance. Foar dat lêste optreden waard se nominearre foar de Emmy Award yn 'e kategory treflike byrol fan in aktrise yn in beheinde searje. Yn 1986, doe't se 65 jier wie, hold Kerr op mei aktearjen.

 
Deborah Kerr yn The Sundowners, út 1960.

PriveelibbenBewurkje

Kerr hie yn 1943 nei't it skynt in relaasje mei Michael Powell, ien fan 'e makkers fan The Life and Death of Colonel Blimp. De boarne foar dat ferhaal is Powell syn autobiografy; Kerr sels hat dêr nea wat ta- of ôfdien. Dizze relaasje soe op 'e klippen rûn wêze doe't Kerr nei Hollywood gie.

Yn elts gefal troude Kerr twaris, de earste kear op 29 novimber 1945 mei Anthony Bartley, in Britske oarlochsheld en ofsier by de RAF. Mei him krige Kerr twa dochters: Melanie Jane (1947) en Francesca Ann (1951), dy't letter trouwe soe mei de akteur John Shrapnel. Kerr har earste houlik wie problematysk, mei't Bartley oergeunstich wie op har ferneamdheid en finansjele súkses. Harren houlik einige yn 1959 dan ek yn in skieding. Op 23 july 1960 wertroude Kerr mei de skriuwer Peter Viertel, wêrmei't se ek de styfmem waard fan dy syn dochter Christine.

 
Kerr har stjer op 'e Hollywood Walk of Fame.

Kerr wenne jierrenlang yn it Switserske Klosters en it Spaanske Marbella, mar sette har wer yn Grut-Brittanje nei wenjen om tichter by har dochters te wêzen nei geraden dat har sûnens minder waard. Peter Viertel bleau lykwols yn Marbella.

FerstjerrenBewurkje

Kerr ferstoar op 16 oktober 2007 yn it doarp Botesdale, yn it Ingelske greefskip Suffolk, oan 'e gefolgen fan 'e sykte fan Parkinson. Hja waard 86 jier. Har man Peter Viertel stoar op 4 novimber fan dat jier, minder as trije wiken letter, oan kanker. Kerr leit begroeven yn Redgrave.

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Works cited, op dizze side.