Demonstraasje (protest)

(Trochferwiisd fan Demonstrant)

In demonstraasje is in gearkomste fan in groep minsken (dy't yn dit ferbân demontranten neamd wurde) om wat te bepleitsjen of om earne tsjin te prostestearjen. Sokke gearkomsten binne in aksjemiddel dat bedoeld is om it boadskip fan 'e demonstranten ûnder de oandacht te bringen fan oaren, sawol troch direkt kontakt as troch ferslachjouwing yn 'e media. Op dy wize wurdt besocht om draachflak foar it doel fan 'e demonstraasje te skeppen, om dêrmei yndirekt dat doel te berikken.

In demonstraasje op it Amsterdamske Museumplein yn 2004.

De frijheid om demonstraasjes te hâlden is in demokratysk rjocht, dat falt ûnder de frijheid fan mieningsutering. Yn net-demokratyske lannen is it ornaris ferbean om demonstraasjes te hâlden. It ûnderwerp fan demonstraasjes is meastal polityk, mar kin ek maatskiplik wêze. Yn it ramt fan 'e polityk foarmje demonstraasjes in alternative manear om yn 'e tiid tusken ferkiezings yn jins miening te jaan oer it belied fan it regear, benammen as men it dêr net mei iens is. Yn 'e maatskiplike kontekst wurdt by demonstraasje ek tsjin eat protestearre, mar dan is it mear in wize om utering te jaan oan argewaasje (bgl. oer it bestean fan in ferskynsel as sinleas geweld).

Der binne ferskate foarmen fan demonstraasjes.

It komt gauris foar dat demonstraasjes, benammen protestmarsen, út 'e hân rinne trochdat in, meastal lyts, tal kweamienenden him by de freedsume demonstranten jûn hat. Under of nei de demonstraasje sykje dy dan de konfrontaasje mei politike tsjinstanners of mei de plysje, wat ta slimme opskuor liede kin. Ek komt it foar dat sokke lju winkels en/of oare bedriuwen begjinne te plonderjen of poer fandalisme begeane troch bgl. ruten yn te goaien of strjitmeubilêr te fernielen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.