Rhythm and blues

(Trochferwiisd fan R&B)

Rhythm-and-blues is in muzyksjenre mei ynfloeden út jazz, gospel en blues, oarspronklik ûntstien by de Afro-Amerikaanske artysten. De term waard yn 1947 ynfierd troch Jerry Wexler fan Billboard magazine. It moast yn it plak komme fan race music (rassenmuzyk), in term dy't misledigjend opfetten waard troch de swarte mienskip yn de Feriene Steaten.

Skiednis bewurkje seksje

Rhythm-and-blues wie ien fan de foargongers fan rock-'n-roll. It befette sterke ynfloeden út de jazz, jumpblues en gospel, mar beynfloede op syn beurt ek de jazz. Rhythm-and-blues, blues en gospel waarden kombinearre mei bebop om hardbop te meitsjen.

In soad muzikanten makken jazz en rhythm-and-blues, lykas de swingbands fan Jay McShann, Tiny Bradshaw en Johnny Otis. Count Basie hie wyks in Rhythm-and-blues-live-útstjoering fanút Harlem. It ikoan fan de bebop, Tadd Dameron, makke muzyk foar Bull Moose Jackson en wie twa jier lang syn pianist, neidat hy himsels ta de bebop tawijd hie.

De measte Rhythm-and-blues-muzikanten wienen jazzmuzikanten en in soad muzikanten op Charlie Mingus' bekende jazz-opnames wienen Rhythm-and-blues-professionals. Lionel Hampton syn bigband fan it begjin fan de jierren 40 lei de basis foar in soad poplegindes fan de jierren 50.

De perioade jierren 50 wie it begjin fan de klassike Rhythm-and-blues. De bekende Chuck Berry wie ien fan dizze rhythm-and-blues-gitaristen. Oerlaapjend mei oare sjenres as jazz en rock-'n-roll ûntwikkele Rhythm-and-blues regionale spesjalisaasjes. In sterke streaming lâns de "blues-kant" kaam fan New Orleans en wie basearre op in floeiend piano-spul, lansearre troch Professor Longhair. Oan de ein fan de jierren 50 skoarde Fats Domino mei "Blueberry Hill" en "Ain't That a Shame". Oare artysten dy't in Louisiana-touch joegen oan RnB wienen ûnder oare Clarence Henry, Frankie Ford, Irma Thomas, The Neville Brothers en Dr. John.
Oan it begjin fan de jierren 60 naam Rhythm-and-blues mear en mear ynfloeden oer fan gospel mei artysten as Ray Charles, Sam Cooke, James Brown en Aretha Franklin, en krige it de namme soul. Barry Pearson skreau dat dit in namme wie dy't troch de swarte mienskip oan de muzykyndustry oplein waard. Hoe dan ek, in goede tsien jier letter hie de Rhythm-and-blues in echte comeback. Yn de rin fan de jierren sechtich kamen der mear blanken dy't it label Rhythm-and-blues op harren muzyk plakten (en soms ek blue-eyed soul, wylst it earder op de rock-'n-roll like), lykas The Yardbirds, The Rolling Stones, The Pretty Things, The Small Faces, The Animals, The Spencer Davis Group en The Who.

Sjoch ek bewurkje seksje