Gremlins is in Amerikaanske swarte komeedzjehorrorfilm en famyljefilm út 1984 tsjin 'e eftergrûn fan in krystsetting. De film waard regissearre troch Joe Dante en hie yn 'e haadrollen Zach Galligan en Phoebe Cates. De titel ferwiist nei gremlins, ûndogenske mytyske wêzens dy't yn 'e Angelsaksyske wrâld gauris de skuld op 'e lea skood krije as apparatuer of masinery it net of net goed mear docht. It ferhaal folget de jongeman Billy Peltzer, dy't in nuver wêzentsje as húsdier kriget. As er him net oan 'e fersoargingsfoarskriften hâldt, ûntsteane út dat iene wêzen ferskate oaren, dy't har ûntpoppe ta agressive en destruktive lytse meunsters dy't it hiele stedsje de fernieling yn helpe. Gremlins krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en woeks yn 'e bioskopen út ta in grut kommersjeel súkses. Yn 1990 waard der in ferfolchfilm makke, Gremlins 2: The New Batch, mar dy film flopte yn 'e bioskopen. Nettsjinsteande dat is der troch de jierren hinne in mediafranchise mei deselde namme om Gremlins hinne ûntstien.

Gremlins
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Joe Dante
produsint Michael Finnell
útfierend
   produsint
Steven Spielberg
senario Chris Columbus
kamerarezjy John Hora
muzyk Jerry Goldsmith
filmstudio Warner Bros.
Amblin Entertainment
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Zach Galligan
Phoebe Cates
byrollen Hoyt Axton
Frances Lee McCain
Howie Mandel
Polly Holliday
Dick Miller
Glynn Turman
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 8 juny 1984
foarm langspylfilm
sjenre swarte komeedzjehorrorfilm
taal Ingelsk
spyltiid 106 minuten
budget en resultaten
budget $11 miljoen
opbringst $212,9 miljoen
prizen 5 × Saturn Award
1 × Young Artist Award
filmsearje
filmsearje Gremlins
● folgjend diel Gremlins 2: The New Batch

Plot bewurkje seksje

Rand Peltzer, in ûnsúksesfolle útfiner fan net wurkjende apparaten, giet yn 'e grutte stêd fan doar ta doar om syn útfinings te sliten. Sa komt er yn 'e Sineeske wyk yn in antykwinkel, dêr't er in lyts hierrich wêzentsje sjocht, dat menear Wing, de op jierren reitsjende eigner fan 'e winkel, in mogwai neamt (fan it Kantoneeske 魔怪, dat "demon" betsjut). Rand wol it beslist keapje as krystkado foar syn soan Billy, dat hy biedt $200, mar Wing seit tsjin him dat it besit fan in mogwai in protte ferantwurdlikheidsbesef ferget, en dat er it bistke dêrom net ferkeapje wol. Wing syn jonge pakesizzer, dy't it jild wol hawwe wol, ferkeapet de mogwai letter lykwols efter de rêch fan syn pake om. Hy fertelt Rand trije regels dy't er by de fersoarging fan 'e mogwai yn acht nimme moat. Yn it foarste plak kinne mogwai net tsjin fel ljocht, yn 't bysûnder fel sinneljocht, dêr't se fan deageane. Oard moat er derfoar soargje dat it wêzentsje nea yn kontakt komt mei wetter. En trêd, en dat is it wichtichste, moat er him nea nei midsnacht fuorje, ek al biddelet er dêr ek noch sa om.

Rand giet nei hûs yn it lytse stedsje Kingston Falls, en neamt de mogwai ûnderweis Gizmo. Thús oankommen, jout er it wêzentsje daliks oan 'e likernôch tweintichjierrige Billy, dy't op 'e pleatslike bank wurket. Hy leit him de trije regels út, mar de earnst dêrfan kringt net ta Billy troch. As Billy letter Gizmo sjen lit oan syn buorjonkje Pete, griemt dy by fersin wetter oer it wêzentsje hinne. Dêrop groeie der swolms op Gizmo syn rêch, en as dy iepenknappe, springe der fiif lytse hierbaltsjes út, dy't binnen inkele minuten útgroeie ta folwoeksen mogwai. De fiif nije mogwai binne lykwols net leaf, lykas Gizmo, mar blike ferfelende en agressive ûnrêststokers te wêzen, dy't oanfierd wurde troch ien mei in ljochte streek troch it hier, dy't Billy dêrom Stripe neamd.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De oare deis nimt Billy ien fan 'e nije mogwai mei nei syn eardere skoalle, dêr't er it wêzentsje oan biologylearaar Roy Hanson sjen lit. Teffens griemt er der in drip wetter op, wêrnei't der in sânde mogwai ûntstiet. Hanson freget oft er it nije wêzentsje hâlde mei foar neier ûndersyk, dat Billy lit it by him efter. Hanson set útein mei fivisektyske eksperiminten dy't de mogwai net leuk fynt. Dy jûns bedonderje Stripe en syn kwartet oanhingers Billy om harren nei midsnacht te fuorjen troch it snoer fan syn elektryske wekker troch te biten, sadat it oerwurk op healwei tolven stean bliuwt. Neitiid foarmje se kokons, en dat docht de mogwai fan Hanson ek, dy't nachts in brochje te pakken krigen hat dat Hanson omtommelje litten hie. As de metamorfoaze fan 'e mogwai kompleet is, komme út 'e kokons gemiene, dûnkergriene, reptylske meunsterkes te foarskyn, dy't letter troch Billy syn buorman Futterman "gremlins" neamd wurde. It fiiftal by Billy thús set daliks útein mei Gizmo te tramtearjen, wylst de iene op skoalle wraak nimt op Hanson troch him dea te meitsjen. Billy is dejinge dy't it stoflik omskot fan 'e learaar fynt, wêrnei't er him daliks nei hûs ta hastiget, dêr't er krekt op 'e tiid oankomt om it libben fan syn mem Lynn te rêden, dy't troch Stripe-en-dy oanfallen wurdt.

Mei't Lynn dan al trije fan 'e gremlins deade hat en Billy de fjirde út 'e ljochten helpt, bliuwt inkeld Stripe noch oer. Yn it nachtlik tsjuster set Billy de flechtsjende gremlin efternei. De efterfolging liedt nei de pleatslike fêstiging fan 'e YMCA, dêr't Stripe yn it swimbad springt. It kontakt mei safolle wetter soarget foar it ûntstean fan tûzenen nije gremlins, dy't op streuptocht troch Kingston Fall geane. Se ferniele alles dat los en fêst sit. Buorman Futterman en de frou wurde deariden mei Futterman syn eigen snieploech. In rike dame, frou Deagle, komt om as se troch har eigen dak smiten wurdt nei't de gremlins har treplift opfierd hawwe. Ferskate oare ynwenners fan it stedsje wurde troch de meunsterkes fermoarde, wylst in protte oaren ferwûne reitsje. Billy besiket ûnderwilens help fan 'e autoriteiten te krijen troch nei de pleatslike sheriff te gean. As er lykwols fertelt wat der bard is, wurdt er net leaud, ek net nei't er Gizmo sjen litten hat.

Underwilens is Billy syn faam Kate fêst kommen te sitten yn 'e kroech dêr't se as servearster wurket, en dêr't in grutte kloft gremlins har twingt om harren te betsjinjen mei sigaretten, sterke drank en snacks. By tafal ûntdekt se op in stuit dat de wêzens bewusteleas of mooglik sels dea reitsje as se de flitser fan har fototastel ôfgean lit. Sa wit se te ûntsnappen, wêrnei't se mei Billy en Gizmo beskûl siket yn it bankgebou, dat earder al troch de gremlins fandalisearre is. Se bliuwe dêr oant it te neare nacht bûtendoar stil wurdt. As se wer foar it ljocht komme, ûntdekke se dat alle krystferljochting de gremlins te ljocht wie en dat se harren dêrom allegear weromlutsen hawwe yn it tsjuster fan 'e pleatslike bioskoop, dêr't se Walt Disney's Snow White and the Seven Dwarfs sjogge.

Billy en Kate kringe de bioskoop binnen, dêr't se yn 'e kelder in ierdgaslieding iepenbrekke en op in oar plak yn it gebou brân feroarsaakje. De gremlins wurde harren gewaar en komme efter harren oan, mar Billy en Kate witte op 'e tiid fuort te kommen en de doar efter harren ôf te sluten. Alle gremlins komme sadwaande om as de bioskoop úteinlik de loft yn giet wannear't it fjoer en it gas mei-inoar yn oanrekking komme. Op 'e nij is Stripe de iennichste oerlibbene, mei't er de bioskoop ferlitten hie om in snobbersguodwinkel oare kant strjitte te plonderjen. As de dage oan 'e loft is, folgje Billy, Kate en Gizmo Stripe nei it pleatslike warehûs, dêr't Stripe in fontein ûntdekt en op it punt stiet deryn te springen om in nij leger fan gremlins fuort te bringen. Gizmo iepenet lykwols krekt op 'e tiid it rolgerdyn foar in skylight. Mei't de sinne ûnderwilens opkommen is, set dat Stripe fol yn it ljocht, wat syn dea betsjut.

Yn 'e media ferskine neitiid berjochten oer de healwize ûngeregeldheden en massahystearje dy't it oars sa rêstige Kingston Falls folslein ferrinnewearre hawwe en foar ferskate deaden soarge hawwe. Menear Wing, dy't út 'e berjochten opmakke hat wat der bard is en sadwaande wit wêr't er wêze moat, ferskynt by de Peltzers oan 'e doar om Gizmo werom te nimmen. Dêrby bekritisearret er sawol de Peltzers sels as de Westerske kultuer dêr't se fertsjintwurdigers fan binne foar de soargeleazens wêrmei't se mei de natoer omspringe. As er fuort sil, wol Gizmo lykwols ôfskie nimme fan Billy, mei wa't er in bân foarme hat. Dat rekket de âldman wol, en hy jout ta dat Billy miskien ienris ree wêze sil om 'e ferantwurdlikheid foar in mogwai te dragen. Oant dy tiid sil Gizmo op him wachtsje.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Zach Galligan yn 2013.
 
Phoebe Cates yn 2009.
haadrollen
personaazje             akteur/aktrise
Billy Peltzer Zach Galligan
Kate Beringer Phoebe Cates


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Rand Peltzer Hoyt Axton
Lynn Peltzer Frances Lee McCain
Gizmo Howie Mandell (allinne stim)
Ruby Deagle Polly Holliday
Murray Futterman Dick Miller
Roy Hanson Glynn Turman
Pete Fountaine Corey Feldman
menear Wing Keye Luke
sheriff Frank Reilly Scott Brady
helpsheriff Brent Frye Jonathan Banks
Stripe Frank Welker allinne stim)
Roland Corben Edward Andrews
Wing syn pakesizzer John Louie
Dorry Kenny Davis
Gerald Hopkins Judge Reinhold (cameo)
Sheila Futterman Jackie Joseph
radio-discjockey Rockin' Ricky Rialto Don Steele allinne stim)
frou Harris Belinda Balaski
Anderson Harry Carey jr.
skoalbern #1 Nicky Katt
skoalbern #2 Tracy Wells

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

Gremlins waard regissearre troch Joe Dante nei in senario fan Chris Columbus. Dyselde fertelde letter yn in fraachpetear dat er op it idee fan gremlins kommen wie om't er nachts op syn souder "wat wol in hiel peloton mûzen liek" omskarreljen hearde, wat "yn it tsjuster tige grizelich" wie. Hy skreau it skript foar Gremlins allinne mar om in foarbyld fan syn kinnen te hawwen, dat er sjen litte koe as er sollisitearre nei de funksje fan senarioskriuwer, mar doe't Steven Spielberg it lies, besleat dy it te keapjen. Neffens him wie it "ien fan 'e orizjineelste dingen dy't ik yn jierren ûnder eagen krigen haw".

Spielberg hie as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje fan Gremlins, mar it wurk fan filmprodusint liet er oan Michael Finnell oer. Behalven Spielberg syn Amblin Entertainment wie ek filmstudio Warner Bros. al fan it begjin ôf oan by it projekt belutsen. Foar Gremlins wie in budget beskikber fan $11 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John Hora, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Jerry Goldsmith. De opnamen foar de film fûnen foar it meastepart plak op it backlot fan 'e Universal Studios yn Universal City (Kalifornje) by Hollywood. Foar de mogwai en gremlins waarden almeast rubberen poppen brûkt, mar der waarden ek in pear marionetten ynset.

 
Joe Dante wie de regisseur fan Gremlins.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Gremlins waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 8 juny 1984 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn 1984 op LP by platemaatskippij Geffen Records en waard yn 2011 werútjûn op cd. Gremlins waard yn 1985 útbrocht as VHS-keapfideo, en kaam yn 1997 foar it earst út op dvd en en yn 2009 op blu-ray.

Untfangst bewurkje seksje

Beoardieling troch filmkritisy bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Gremlins oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 3 fan 4 stjerren. Hy omskreau Gremlins as "fermaaklik", mar ek as in "slûchslimme" rige parodyen fan elemintêre filmferhaallinen. Yn 'e Chicago Tribune omskreau Gene Siskel de film, dy't er 31/2 fan 4 stjerren taparte, as "in gemien grappige en in bytsje mislik meitsjende achtbaanrit" en "in tige orizjineel wurk". It tydskrift Variety foarsei dat de de filmmakkers harren súkses útmelke wolle soene mei merchandising fan gremlinpopkes en rôp de lêzers op om dêr yn 'e hûs alfêst mar romte foar de meitsjen.

Yn The New York Times wie Vincent Canby fan miening dat "de film der folle mear ynteresse foar hat om te pronkjen mei syn kennis fan 'e filmyndustry en it meitsjen fan willekeurige grappen, as foar it leverjen fan konsekwint fermaak." De foaroansteande filmkritikus Leonard Maltin moast net folle fan Gremlins hawwe en kwalifisearre de film, dy't er 2 fan 4 stjerren joech, as "walchlik" en te gewelddiedich. Letter hied er yn cameo yn 'e ferfolchfilm Gremlins 2: The New Batch, weryn't er by wize fan inside joke syn krityk op 'e earste film werhelle om dêrnei troch de gremlins smoard te wurden. Yn it fideospultsjetydskrift Imagine omskreau Colin Greenland Gremlins sa: "Twa of trije goede grappen, trije of fjouwer aardige sênes, in protte detail, mar oer it gehiel nommen in manysk mêlee fan pyrotechnyk dat op willekeurige mominten in greep nei myn sympaty die, mar myn oandacht net fêsthâlde koe. In bytsje mear koherinte gedachten, en wa wit, hie it wat goeds wêze kinnen."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Gremlins in heech goedkarringspersintaazje fan 86%, basearre op 76 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "As jo him no sjen wolle as in boadskip oer de konsumpsjekultuer, of ienfâldichwei as in mei special effects oerladen fermaaksfilm, Gremlins is hoe dan ek in lytse filmklassiker." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Gremlins in goedkarringspersintaazje fan 70%, basearre op 13 resinsjes.

Krityk fan âldelju bewurkje seksje

Fan âldelju fan jonge bern krige Gremlins wol in protte krityk om't de film op plakken te gewelddiedich wêze soe. Yn reäksje dêrop en op itselde soarte krityk op in oare film fan sines, Indiana Jones and the Temple of Doom, rette Steven Spielberg de Motion Picture Association of America (MPAA) oan om syn sjochwizer oan te passen. Twa moannen nei it útkommen fan Gremlins besleat de MPAA in nije beoardieling yn syn systeem yn te foegjen: PG-13, wat sizze wol: mei âlderlik tafersjoch (parental guidance) gaadlik fan bern fan 13 jier ôf.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

Gremlins brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $148,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $64,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $212,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $11 miljoen betsjut dat in winst fan $102,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Prizen bewurkje seksje

Yn 1985 waard Gremlins by de Saturn Awards nominearre foar prizen yn 9 kategoryen, wêrûnder bêste byrol fan in akteur (Dick Miller), bêste jongere akteur (Corey Feldman), bêste senario en bêste fisazjy. De film wûn 5 Saturns, foar bêste horrorfilm, bêste regisseur, bêste byrol fan in aktrise (Polly Holliday), bêste filmmuzyk en bêste special effects. Gremlins wûn ek in Young Artist Award yn 'e kategory bêste famyljefilm (aventoer). De jonge Corey Feldman waard nominearre foar in Young Artist Award foar bêste byrol fan in jonge akteur.

Ferfolch en franchise bewurkje seksje

Om Gremlins hinne ûntstie in mediafranchise dy't ek fan Gremlins hjit, mei ferskate fideospultsjes, in ferboeking en merchandising. Yn 1990 waard der in ferfolchfilm makke, Gremlins 2: The New Batch, mar dy film, dy't mear satirysk fan toan wie, flopte yn 'e bioskopen, hoewol't er troch de filmkritisy goed ûntfongen waard. Yn 2023 kaam der fierders in tekenfilmsearje út, Gremlins: Secrets of the Mogwai, dy't as prequel fan 'e oarspronklike film tsjinnet.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.