Gremlins 2: The New Batch

Gremlins 2: The New Batch is in Amerikaanske swarte komeedzje-horrorfilm út 1990 ûnder rezjy fan Joe Dante, mei yn 'e haadrollen Zach Galligan en Phoebe Cates. De film is in ferfolch op it súksesfolle Gremlins, út 1984. De titel betsjut "Gremlins 2: De Nije Kloft". It ferhaal folget de aventoeren fan 'e mogwai Gizmo, in lyts skattich pluzich wêzentsje, dêr't withoefolle lytse meunsters út fuortkomme as er wiet wurdt. Yn 'e oarspronklike film ferrinnewearje dy in doarp op it Amerikaanske plattelân, wylst se yn it ferfolch húshâlde yn in wolkekliuwer yn 'e grutte stêd. Gremlins 2: The New Batch hat in toansetting dy't folle satirysker is as de earste film, mei geweld dat mear de kant fan slapstick útskaait. De film parodiëarret boppedat de Amerikaanske filmyndustry mei ferwizings nei in grut tal oare films en tillefyzjesearjes. De oanpaste toan foel der lykwols net sa yn: hoewol't Gremlins 2: The New Batch fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes ûntfong, flopte de film yn 'e bioskopen. Sûnt hat er lykwols de status fan cultfilm berikt.

Gremlins 2: The New Batch
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Joe Dante
produsint Michael Finnell
útfierend
   produsint
Steven Spielberg
senario Charles S. Haas
kamerarezjy John Hora
muzyk Jerry Goldsmith
filmstudio Amblin Entertainment
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Zach Galligan
Phoebe Cates
byrollen John Glover
Christopher Lee
Robert Picardo
Robert Prosky
Dick Miller
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 15 juny 1990
foarm langspylfilm
sjenre swarte komeedzje, horrorfilm
taal Ingelsk
spyltiid 106 minuten
budget en resultaten
budget $30–50 miljoen
opbringst $41,5 miljoen (Noard-Amearika)
filmsearje
filmsearje Gremlins
● foarich diel Gremlins

Mogwai binne aparte, lytse, skattige, pluzige, goedaardige wêzentsjes, mar foar harren fersoarging moat men trije regels yn acht nimme. Yn it foarste plak kinne mogwai net oer fel ljocht, yn 't bysûnder fel sinneljocht, dêr't se fan deageane. Oard moat men derfoar soargje dat se nea yn kontakt komme mei wetter. Bart dat wol, dan groeie der swolms op 'e rêch, en as dy iepenknappe, springe der lytse hierbaltsjes út, dy't binnen inkele minuten útgroeie ta folwoeksen mogwai. (As se op sa'n manear ûntsteane, binne mogwai ornaris net mear goedaardich.) En trêd, en dat is it wichtichste, moat men mogwai nea nei midsnacht fuorje, ek al biddelje se dêr ek noch sa om. Docht men dat al, dan ferpoppe se har en ûntsteane der gremlins, dat aaklike, sadistyske rotsakken binne.

Nei it ferstjerren fan syn eigner, menear Wing, falt de lytse mogwai Gizmo yn 'e hannen fan wittenskippers yn it Clamp Center. Dat is in ultramoderne wolkekliuwer yn it sintrum fan New York, dy't eigendom is fan 'e eksintrike miljardêr Daniel Clamp (in parody op Donald Trump). Gizmo wurdt rêden út 'e kloeren fan it haad fan 'e wittenskippers, dr. Catheter, troch syn eardere eigner Billy Peltzer en dy syn ferloofde Kate Beringer, dy't allebeide tafalligerwize yn itselde gebou wurkje. Clamp is ûnder de yndruk fan Billy syn feardichheden as konseptdesigner, en syn omgong mei Clamp lûkt de oandacht fan Billy syn direkte baas, Marla Bloodstone.

Gizmo wurdt allinnich litten yn Billy syn kantoar, dêr't der wetter op him dript út in lekkend drinkfonteinsje. Dat soarget derfoar dat har út 'e Gizmo fjouwer nije, boasaardige mogwai ûntwikkelje, ûnder wa Mohawk, dy't in reynkarnaasje is fan Stripe (sjoch: Gremlins). De fjouwer nije mogwai slute Gizmo op yn in fentilaasjekanaal en sette de wolkekliuwer yn, dêr't se dy jûns nei midsnacht yn 'e kantine oan it iten slane. Nei't Gizmo út it fentilaasjekanaal ûntsnapt, wurdt er fongen en martele troch Mohawk, dy't no in gremlin wurden is. De oare gremlins litte it sprinklersysteem fan it Clamp Center ôfgean, mei as gefolch dat der in hiel leger gremlins ûntstiet, dat de wolkekliuwer ûnder de foet rint. De hiele gaos wurdt oan ien wei troch filme troch tillefyzjepresintator "pake" Fred, bystien troch in Japanske toerist dy't Katsuji hjit en foar kameraman spilet.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Billy besiket de gremlins nei de lobby fan 'e wolkekliuwer te lokjen, dêr't er harren mei sinneljocht fan bûten om hals bringe wol. Nei't er Clamp op 'e hichte brocht hat fan 'e sterke en swakke punten fan gremlins, ferlit de miljardêr it gebou fia in geheime tunnel, om 'e foarkant fan 'e lobby te oerdekken mei in reuseftich seil. Sa wol er de gremlins misliede om te tinken dat it feilich foar harren is yn 'e lobby oant yniene it seil fuortlutsen wurdt. Underwilens binne de gremlins it laboratoarium fan dr. Catheter binnenkrongen, dêr't se genetyske searums drinke, dy't ta fierdere metamorfoazes liede. Ien fan harren ûntjout him ta de yntelliginte "Harsensgremlin", wylst in oare gremlin froulik wurdt, en in trêden feroaret yn in wêzen fan poere elektrisiteit. Dy lêste deadet dr. Catheter foar't it Billy slagget om him finzen te setten yn it tillefoansysteem fan it Clamp Center.

Murray Futterman*, Billy syn buorman út Kingston Falls, dy't mei syn frou Sheila in besyk bringt oan New York, wurdt op 'e strjitte oanfallen troch in hybride 'flearmûsgremlin', dy't troch de Harsensgremlin tsjin 'e effekten fan sinneljocht yninte is mei "genetyske sinnebrânoalje". Nei't er it wêzen ôfwarre hat, set Futterman nei it Clamp Center om te helpen. Hy sjocht Clamp út syn geheime tunnel kommen en brûkt dy om sels it gebou binnen te glûpen om him by Billy en Kate te jaan. Dyselden hawwe ûnderwilens fersterking krigen fan Forster, it haad befeiliging fan it Clamp Center, mar de froulike gremlin rekket fereale op Forster, dy't útnaaie moat om oan har ûnwinske avânses te ûntkommen. Yn it laboratoarium drinkt Mohawk in spinnesearum, dat him transformearret ta in meunstereftige hybride gremlin-spin. Hy falt Kate en Marla Bloodstone oan, mar Gizmo rêdt de beide froulju troch Mohawk út 'e ljochten te helpen mei in yn 'e brân stutsen potsje Tippex.
*) Murray en Sheila Futterman waarden yn 'e earste film eins fermoarde troch de gremlins doe't se yn harren eigen hûs mei in snieploech oerriden waarden, mar dat plotpunt wurdt hjir blykber retcond.

Billy syn plan om 'e gremlins te deadzjen troch de lobby ynienen yn 'e sinne te setten rint op 'e non as it begjint te reinen en de sinne beskûl giet efter in tsjûk wolketek. Ynstee lit er de wêzens troch Futterman allegear bespuitsje mei in brânslang, wêrnei't er de elektryske gremlin út it tillefoansysteem frijlit om harren allegear te elektrokutearjen en fuortrane te litten. Clamp bestoarmet it gebou mei de plysje en de media yn syn sok, mar sjocht dat de striid al besljochte is. Hy is tige wiis mei de gong fan saken en jout promoasjes oan Billy, Kate, pake Fred en Marla, wylst er Katsuji ynhiert as fêste kameraman. Billy en Kate nimme neitiid frij om Gizmo by harren thús te bringen. As se fuort binne, skillet Forster Clamp op en seit dat er fêst sit op 'e boppeste ferdjipping fan 'e wolkekliuwer. De froulike gremlin, de iennichste oerlibbene fan 'e hiele kliber, hat him dêr yn it nau dreaun en wol mei him trouwe.

Tekenfilmsegminten

bewurkje seksje

De live-actionbylden fan Gremlins 2: The New Batch waarden oanfolle mei tekenfilmsegminten oan it begjin en de ein fan 'e film, mei de Looney Tunes-personaazjes Bugs Bunny, Daffy Duck en Porky Pig. By de iepening troch Bugs Bunny ûnderbrekt Daffy Duck him en besiket de iepening oer te nimmen, mei jammerdearlike gefolgen. De ôftiteling oan 'e ein fan 'e film wurdt út en troch begelaat troch sarkastysk kommentaar fan Daffy, en as Porky Pig oan 'e ein fan 'e ôftiteling syn gebrûklike ôfsluting besiket te dwaan mei de stammere wurden "Th-th-th-that's all, folks!", wurdt de boel wer yn 'e bulten jage troch Daffy, diskear mei aaklike gefolgen foar himsels. (Op 'e dvd-útjefte fan Gremlins 2: The New Batch is it animaasjesegmint oan it begjin in stik langer.)

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Zach Galligan yn 2013.
 
Phoebe Cates yn 2009.
haadrollen
personaazje                   akteur/aktrise
Billy Peltzer Zach Galligan
Kate Beringer Phoebe Cates


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Daniel Clamp (in parody fan Donald Trump) John Glover
dr. Cushing Catheter Christopher Lee
haad befeiliging Forster Robert Picardo
pake Fred Robert Prosky
Murray Futterman Dick Miller
Gizmo Howie Mandel (allinne stim)
Marla Bloodstone Haviland Morris
Sheila Futterman Jackie Joseph
Katsuji Gedde Watanabe
menear Wing Keye Luke
"Microwave Marge" Kathleen Freeman
Martin en Lewis Don en Dan Stanton
Alex Jason Presson
mem yn bioskoop Belinda Balaski
bioskoopmanager Paul Bartel
himsels Hulk Hogan
himsels filmkritikus Leonard Maltin
Peggy Julia Sweeney
man ûntslein foar smoken Henry Gibson
Casper Charles S. Haas (cameo)
yochertklant Jerry Goldsmith (cameo)
konsjerzje John Astin (cameo)
regisseur fan it programma fan pake Fred Joe Dante (cameo)
himsels Dick Butkus (cameo)
himsels Bubba Smith (cameo)
'Harsensgremlin' Tony Randall (allinne stim)
Mohawk Frank Welker (allinne stim)
Bugs Bunny, Daffy Duck en Porky Pig Jeff Bergman (allinne stim)

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Gremlins 2: The New Batch waard, krekt as de oarspronklike film Gremlins (1984) regissearre troch Joe Dante. Dyselde stie net bot te springen om in ferfolchfilm te meitsjen, mar liet him beprate doe't him it yn 'e filmyndustry fan Hollywood seldsume ûnthjit dien waard dat er folsleine kreätive kontrôle oer de produksje krije soe. Dante wurke nei in senario fan Charles S. Haas. As produsint wie Michael Finnell by it projekt belutsen foar de filmstudio Amblin Entertainment. Steven Spielberg, de oprjochter en eigner fan Amblin, hie as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje. Foar Gremlins 2: The New Batch wie in budget beskikber fan $30 oant 50 miljoen, trije kear safolle as foar de oarspronklike film. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan John Hora, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Jerry Goldsmith. De tekenfilmsegminten waarden skreaun en regissearre troch Chuck Jones. De opnamen foar Gremlins 2: The New Batch fûnen yn juny 1989 plak yn New York.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Gremlins 2: The New Batch waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 15 juny 1990 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 31 augustus 1990 by platemaatskippij Varèse Sarabande en waard werútjûn op 22 juny 2015.

Fan 'e filmkritisy krige Gremlins 2: The New Batch oer it algemien positive resinsjes. Sa priizge Desson Howe fan The Washington Post yn 't bysûnder de special effects en de parodyen op miljonêr Donald Trump, tillefyzjeprodusint Ted Turner, genetikalaboratoaria, keabeltillefyzje en de film Marathon Man. In protte resinsinten fûnen dat Gremlins 2: The New Batch kwaliteiten hie dy't de oarspronklike film miste, lykas humor. Sa neamde John Simon yn in resinsje foar de National Review Gremlins 2: The New Batch "folle frijer en grappiger as de earste [film]", hoewol't er dêrby oantekene dat de ferfolchfilm derfoar tebekskrillet om "in echt wichtich wurk fan satire te wurden".

Yn Entertainment Weekly woe Tim Appelo ek hawwe dat Gremlins 2: The New Batch "grappiger, better en subversiver" wie as de oarspronklike film. Leonard Maltin, dy't neat fan 'e earste film hawwe moast, waard troch de produsinten bepraat om as himsels in cameo yn 'e nije film te hawwen, wêrby't er troch de gremlins om hals brocht wurdt as er syn krityk op 'e oarspronklike film werhellet. Oan Gremlins 2: The New Batch joech Maltin neitiid 3 fan 4 stjerren. Hy priizge fral de ferwizings nei oare films en de popkultuer yn it algemien, de parodyen fan Trump en Turner en it aktearjen fan Christopher Lee as in ûnmeilydsume wittenskipper.

In hiel oar lûd kaam fan Hal Hinson fan The Washington Post, dy't Gremlins 2: The New Batch tefolle op 'e oarspronklike film lykjen fûn. Hy begriep dat de makkers mei de animearre segminten oan it begjin en de ein fan 'e film "anargistyske humor" oantsjutte woene, mar wie fan miening dat sawol de tekenfilmkes as de haadfilm mislearre wiene. Wol koed er de karakterisearring fan 'e gremlins wurdearje en harren ferzje fan it liet New York, New York. Yn 'e Chicago Sun-Times skreau Roger Ebert, dy't fan 'e foargeande film genoaten hie, dat Gremlins 2: The New Batch net genôch fan it orizjineel ferskilde om op eigen fuotten stean te kinnen. Ek fûn er it ferfolch minder goed, mei in plot, dy't neffens him nei it ferskinen fan 'e gremlins útmûne yn in rige grappen sûnder folle ûnderling ferbân. Phoebe Cates fûn er lykwols "op streksume wize betsjoenend" en Zach Galligan "in foechsum naïve oanjouwer foar de skobbige duveltsjes". Ebert parte Gremlins 2: The New Batch 21/2 fan 4 stjerren ta.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Gremlins 2: The New Batch in goedkarringspersintaazje fan 71%, basearre op 65 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] ruilet de skerpe spanning fan syn foargonger foar healwize satire, wat in opienfolging fan sporadysk fernimstige grappen opleveret, dy't wat smaak tafoegje oan 'e recycle plot." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Gremlins 2: The New Batch in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 28 resinsjes.

Gremlins 2: The New Batch brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $41,5 miljoen op. Sifers út oare lannen en territoaria binne net beskikber, útsein it Feriene Keninkryk, dêr't de film £7,4 miljoen opbrocht. As de Noardamerikaanske opbringst ôfset wurdt tsjin it budget fan $30 oant 50 miljoen betsjut dat in winst fan mooglik $8,5 miljoen oant in ferlies fan $11,5 miljoen. It is wichtich om derom te tinken dat dêr de opbringst om utens noch by opteld en de marketingkosten noch fan ôflutsen wurde moatte. Yn elts gefal waard de film troch filmstudio Warner Bros. as in flop beskôge. Neitiid soene der gjin nije ferfolchfilms yn 'e Gremlins-franchise mear makke wurde.

Gremlins 2: The New Batch waard nominearre foar de Saturn Awards foar bêste fantasyfilm, bêste rezjy, bêste byrol fan in akteur (twaris: John Glover en Robert Picardo), bêste filmmuzyk en bêste special effects.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.