Laboratoarium

(Trochferwiisd fan Laboratoaria)

In laboratoarium, gauris ferkoarte ta lab of inkeld ta labo, is in gebou dat of in romte yn in gebou dy't bedoeld is foar it dwaan fan wittenskiplik ûndersyk en gaadlik is foar it útfieren fan praktyske eksperiminten. It wurd komt út it Latyn en is ôflaat fan labor, dat "wurk" betsjut. Wittenskippers dy't yn in laboratoarium wurkje binne laboranten, mar wurde faker analisten neamd. De measte laboratoaria binne ynrjochte foar ûndersyk op it mêd fan skiekunde, natuerkunde, biology, genêskunde en farmakology, mar der bInne ek oarsoartige laboratoaria, lykas forinsyske laboratoaria, dy't ferbûn binne oan 'e plysje en dêr't men ûndersyk ferrjochtet nei spoaremateriaal op it mêd fan misdriuwen. In protte laboratoaria binne ferbûn oan sikehuzen, universiteiten of oare ûnderwiisynstellings, oerheidsynstânsjes of grutte bedriuwen.

In laboratoarium.

Om't yn laboratoaria gauris wurke wurdt mei brânbere, giftige of oarsoartige gefaarlike stoffen of mei stoffen dy't beslist net fersmoarge wurde meie, jilde der alderhanne regels om sa'n fersmoarging te foarkommen of dy't yn acht nommen wurde moatte foar de feilichheid fan 'e ûndersikers en de oare wurknimmers (lykas skjinmakkers). Sa is it oer it algemien net tastien om yn in laboratoarium te iten, drinken of smoken. Ek wurde der easken steld oan 'e klean troch it dragen fan labjassen, labbrillen of feilichheidsbrillen, tichte skuon en in lange broek te ferplichtsjen. It hawwen fan loshingjend lang hier en it dragen fan juwiellen wurdt faak ferbean.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.