Ghostbusters (film út 1984)

Ghostbusters is in Amerikaanske romantyske fantasykomeedzjefilm út 1984 ûnder rezjy fan Ivan Reitman, mei yn 'e haadrollen Bill Murray en Dan Aykroyd. De titel betsjut "Spûkefangers". It ferhaal giet oer in trio eksintrike parapsychologen, dy't yn New York in bedriuw begjinne dat spûken oprommet. Fan 'e filmkritisy krige Ghostbusters rûnom lof en yn 'e bioskopen wie it in grut kommersjeel súkses. It waard de op ien nei meast opbringende filmproduksje fan 1984. De film waard nominearre foar twa Oscars en trije Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje) en wûn in BAFTA en in Saturn Award. Yn 2015 waard Ghostbusters tafoege oan it Amerikaanske Nasjonaal Film Register. It súkses fan 'e film wie ferantwurdlik foar it ûnstean fan in mediafranchise dy't ek Ghostbusters hjit. In ferfolchfilm, Ghostbusters II, kaam út yn 1989.

Ghostbusters
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Ivan Reitman
produsint Ivan Reitman
senario Dan Aykroyd
Harold Ramis
kamerarezjy László Kovács
muzyk Elmer Bernstein
filmstudio Columbia-Delphi Productions
Black Rhino
distribúsje Columbia Pictures
spilers
haadrollen Bill Murray
Dan Aykroyd
byrollen Sigourney Weaver
Harold Ramis
Ernie Hudson
Rick Moranis
Annie Potts
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 7 juny 1984
foarm langspylfilm
sjenre romantyske fantasy-
   komeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 105 minuten
budget en resultaten
budget $25–30 miljoen
opbringst $295,2 miljoen
prizen 1 × BAFTA
1 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje Ghostbusters
● folgjend diel Ghostbusters II

Peter Venkman, Ray Stantz en Egon Spengler binne heechlearaars yn 'e parapsychology oan 'e Universiteit fan Columbia yn New York, dêr't se har talizze op it bestudearjen fan it boppenatuerlike. Nei't se foar it earst in spûk sjogge yn 'e Iepenbiere Bibleteek fan New York, wurde se troch de rektor fan 'e universiteit ûntslein om't harren ûndersyk pseudowittenskiplik wêze soe. It trio beslút dêrop in eigen bedriuw op te rjochtsjen, "Ghostbusters", dat paranormaal ûndersyk en bestriding fan spûken oanbiedt. Harren haadkertier fêstigje se yn in leechsteande brânwachtkazerne, dêr't se heech technologysk, nukleêr oandreaun gereid foar it finzen setten fan ektoplasmatyske entiteiten ûntwikkelje. Se nimme in resepsjoniste anneks sekretaresse yn 'e tsjinst, Janine, mar mei klanten rint it by de Ghostbusters yn 't earstoan net stoarm.

Nei in boppenatuerlik foarfal yn har appartemint, wêrby't se wat wol in demoanyske hûn liek, oantrof yn har kuolkast, ropt selliste Dana Barrett de help yn 'e Ghostbusters. Se fertelt dat it wêzen ien inkeld wurd utere: "Zuul". Stantz en Spengler dogge dêr ûndersyk nei en ferdjipje harren ek yn 'e skiednis fan it appartemintekompleks dêr't Dana wennet. Venkman, dy't daliks in eachje op har hat, biedt oan om mei Dana nei har appartemint te gean om dat te ynspektearjen. Syn besykjen om har te ferlieden, rint lykwols op 'e non.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Koarte tiid letter wurde de Ghostbusters ynhierd troch it Sedgewick Hotel, wêrfan't de tolfde ferdjipping ûnfeilich makke wurdt troch in roppich, slimerich, grien spûk dat alle iten ferslynt. Mei't se yn 't foar harren gereid noch net test hawwe, warskôget Spengler syn beide maten om nea de streamen fan harren protoanewapens te krusen, mei't soks jammerdearlike, ja sels deadlike, gefolgen hawwe kinne soe. Nei't se by in efterfolging hast de hiele tolfde ferdjipping fan it hotel fernield hawwe, witte se it spûk einlings te fangen, wêrnei't se it yn in mei in ekto-omslutingsfjild omjûne romte ûnder de brânwachtkazerne stopje. Mei't boppenatuerlike aktiviteit yn New York en omkriten omraak oanboazet en de Ghostbusters de iennichsten binne dy't dêr wat tsjin begjinne kinne, reitsje de mannen meitiid bekend. Om klanten sitte se net mear ferlegen; krektoarsom, se kinne it wurk suver net mear oan. Dêrom nimme se in fjirde teamlid oan, de swarte Winston Zeddemore. Ynspekteur Walter Peck fan it Environmental Protection Agency (EPA), de Amerikaanske miljeuplysje, leaut lykwols net yn it boppenatuerlike. Hy beskôget de Ghostbusters dan ek as in groepke oplichters. Mei't er fermoedet dat se harren bedriuw as dekmantel brûke foar it stoarten fan gemysk ôffal ûnder de brânwachtkazerne, stjoert er oan op in ynspeksje fan it gebou, mar Venkman poeieret him ôf. Spengler is der ûnderwilens fan oertsjûge rekke dat der in ekstreme taname fan boppenatuerlike enerzjy op kommendeweis is, wylst de ynslutingsienheid ûnder de brânwachtkazerne as hast fol sit.

Venkman siket Dana op en ynformearret har dat Zuul, neffens de útkomsten fan it ûndersyk fan Stantz en Spengler, in Sûmearyske healgod wie, dy't in tsjinner wie fan Gozer, de stalferwikseljende god fan 'e ferneatiging. Venkman besiket it fannijs mei Dana oan te lizzen, mar sy hâldt him wer ôf, hoewol't har ferset liket ôf te broazeljen. As er foarstelt om tongersdeitejûn by har thús te kommen om 'e kwestje neier te bepraten, jout se ta. Oan it begjin fan dy jûn wurdt Dana, as se thús komt fan har wurk, geastlik beset troch Zuul. In selde entiteit beset har yrritante buorman Louis Tully. As Venkman delkomt, hâldt Dana út dat se "de Poartewachter" is. Underwilens wurdt Tully, dy't ûnder it útslaan fan wartaal troch de stêd doarme en oppakt is troch de plysje, by Spengler brocht. Hy seit dat er "de Kaaimaster" is, deselde dy't "de Poartewachter" by har thús ferwachte. Nei tillefoanysk oerlis liket it de Ghostbusters de baas en hâldt har beiden útinoar.

Krekt dy jûns keart Peck werom mei in rjochterlik befel om him de brânwachtkazerne ynspektearje te litten. Hy stiet derop om it ekto-omslutingsfjild fan 'e ynslutingsienheid út te setten, en hy lit Spengler, Stantz, Zeddemore en de krekt arrivearjende Venkman arrestearje wannear't sy har dêrtsjin fersette. As it omslutingsfjild útset wurdt, bart wat de Ghostbusters al foarsein hiene: alle spûken dy't se de lêste moannen fongen hawwe, komme wer frij, wat ta in hommelse ûntploffing liedt. Tully/De Kaaimaster ûntkomt ek en fynt syn paad nei hûs, dêr't er him by Dana/de Poartewachter jout en op it dak fan it appartemintekompleks úteinset mei in mysterieus ritueel. Yn 'e sel op it plysjeburo fertelle Stantz en Spengler oan Venkman en Zeddemore dat it flatgebou dêr't Dana en Tully wenje, ûntwurpen en boud is troch Ivo Szándor, de lieder fan in grizelige sekte dy't Gozer fereare, om te fungearjen as in soarte fan antenne. Dêrtroch wurdt spirituele enerzjy oanlutsen dy't it foar Gozer mooglik meitsje sil om troch te kringen ta de moderne wrâld om 'e Ein fan 'e Tiden yn it lieden.

Troch it frijlitten fan alle spûken is der ûnderwilens yn New York in boppenatuerlike gaos útbrutsen. Boargemaster Clotch lit de Ghostbusters út 'e sel helje en by him bringe om harren oandiel yn 'e problemen te efterheljen. Dat jout Venkman de kâns en praat op him yn, wêrby't er der op slûchslimme manear op wiist dat it yn syn foardiel is om harren gean te litten. As se echt sjarlatans binne, dan sil dat wol blike en kinne se gewoan wer fêstset wurde, mar as it harren slagget en bêdzje it spul del, dat hat Clotch miljoenen stimberjochtige kiezers it libben rêden. Ynspekteur Peck, dy't ek oanwêzich is, kantet him o sa oan tsjin 'e frijlitting fan 'e Ghostbusters, mar de boargemaster lit him út syn kantoar smite en jout de Ghostbusters alles dêr't se ferlet fan hawwe.

De Ghostbusters kringe it appartemintekompleks fan Szándor binnen, dat it sintrum fan alle boppenatuerlike aktiviteit yn 'e stêd liket te wêzen. Op it dak treffe se Dana en Tully oan, dy't feroare binne yn in pear demoanyske hûnen en in poarte nei in oare diminsje iepenje foar Gozer. De god fan 'e ferneatiging ferskynt yn 'e foarm fan in jonge frou en falt de Ghostbusters oan, mar wurdt wei as se weromslaan sille. Har lichemsleaze stim hjit it kwartet lykwols om "de foarm fan 'e ferneatiger" te kiezen. Venkman warskôget de oaren dat se nearne oan tinke moatte, mar Stantz komt sûnder erch in dierbere bedriuwsmaskotte út syn jonkheid yn 't sin, wêrnei't Gozer op 'e nij ferskynt yn 'e foarm fan in reuseftige Stay Puft Marshmallow Man en de stêd begjint te ferdylgjen.

Spengler ornearret dat de noch altyd iepensteande diminsjepoarte twa kanten út wurkje kin. Hy tinkt dat alle boppenatuerlike enerzjy dêr't Gozer gebrûk fan makket, weromsûgd wurde sil nei de diminsje dêr't it wei komt as se de streamen fan harren protoanewapens kruse, ek al hat er dat earder op it strangst ûntret. As de Ghostbusters dogge wat Spengler foarstelt, wurdt Gozer yndie ferballe nei it plak dêr't se wei kaam, wat resultearret yn 'e ûntploffing fan 'e Stay Puft Marshmallow Man, sadat eltsenien ûnder it ektoplasma komt te sitten. Nei't de diminsjepoarte ticht giet, feroarje de beide demoanyske hûnen yn holle stânbylden, dy't troch de Ghostbusters stikken slein wurde om Dana en Tully te rêden, dy't yn it binnenste fêstsitte. De Ghostbusters ferlitte it swier skansearre appartemintekompleks en wurde op 'e strjitte troch de New Yorkers ynhelle as helden.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Bill Murray.
 
Dan Aykroyd.
 
Sigourney Weaver (yn 2008).
haadrollen
personaazje               akteur/aktrise
Peter Venkman Bill Murray
Ray Stantz Dan Aykroyd


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Dana Barrett Sigourney Weaver
Egon Spengler Harold Ramis
Winston Zeddemore Ernie Hudson
Louis Tully Rick Moranis
Janine Melnitz Annie Potts
Walter Peck William Atherton
boargemaster Lennie Clotch David Margulies
hotelmanager fan it Sedgewick Hotel Michael Ensign
Gozer Slavitza Jovan (live-action)
Paddi Edwards (stim)
spûk yn bibleteek Ruth Hale Oliver
bibletekaresse Alice Drummond
froulike testpersoan Jennifer Runyon
manlike testpersoan Steven Tash
dreamspûk Kymberly Herrin
fioelist Timothy Carhart
plysjeman Reginald VelJohnson
himsels Roger Grimsby
himsels Larry King
himsels Joe Franklin
himsels Casey Kasem
gast op feest Ron Jeremy (cameo)

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Ghostbusters wie oarspronklik it privee-projekt fan akteur Dan Aykroyd, dat berne waard út syn fassinaasje foar en leauwe yn it boppenatuerlike. Dat hied er trochkrigen fan syn heit (dy't it boek A History of Ghosts skreau), syn mem (dy't sei dat se spûken sjoen hie), syn pake (dy't eksperimintearre mei radio's om mei de deaden yn kontakt te kommen) en syn oerpake (dy't in ferneamd spiritist wie). Yn 1981 lies Aykroyd yn The Journal of the American Society for Psychical Research in artikel oer parapsychology en kwantumfysika, dat him it idee joech om spûken te fangen en op te sluten. Hy skreau doe in senario oer in trio spûkefangers (Aykroyd sels, syn freon John Belushi en in personaazje dat bedoeld wie foar Eddie Murphy). Yn dat skript reizgen se troch de tiid en belibben aventoeren wêrby't se boppenatuerlike bedrigings fersloegen.

Nei it hommels ferstjerren fan Belushi yn 1982 rûnen Aykroyd syn plannen op 'e non. Om't filmstudio Columbia Pictures syn senario finansjeel ûnferfilmber fûn, waard Harold Ramis derby frege om Aykroyd te helpen it skript te werskriuwen foar wat Ghostbusters wurde soe. It ferhaal kaam doe fan begjin oant ein yn New York te spyljen en waard reälistysker makke. Ivan Reitman ferfolle de funksjes fan sawol regisseur as filmprodusint. De produksjemaatskippijen wiene Columbia-Delphi Productions en Aykroyd syn studio Black Rhino. Foar de film wie in budget beskikber fan $25 oant 30 miljoen. Dat jild waard foar it meastepart útjûn oan special effects; Ghostbusters wie de earste komeedzjefilm dy't dêr yngeand gebrûk fan makke. Der waard safolle oan bestege dat de studiobazen by Columbia senuweftich waarden, mei't se net folle fidúsje yn it súkses fan 'e film hiene. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan László Kovács, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Elmer Bernstein.

De opnamen foar Ghostbusters setten op 28 oktober 1983 útein en duorren oant ein jannewaris 1984. Hoewol't de film folslein yn New York spilet, waarden de measte sênes filme yn Los Angeles, sawol op lokaasje as yn 'e soundstages fan 'e The Burbank Studios. Yn New York waarden inkeld beskate bûtendoarsênes opnommen dêr't bekende eftergrûnen foar nedich wiene. It appartemintekompleks dêr't Dana wennet, is bgl. 55 Central Park West en de brânwachtkazerne dy't de Ghostbusters ta haadkertier tsjinnet, is Firehouse, Hook & Ladder Company 8. (De binnendoarsênes yn 'e kazerne waarden lykwols filme yn Fire House No. 23 yn it sintrum fan Los Angeles.) Oare filmlokaasjes yn New York wiene: it Stedhûs fan New York, de Iepenbiere Bibleteek fan New York, it Lincoln Sintrum foar de Poadiumkeunsten, de rotonde Columbus Circle en de Tavern on the Green yn Central Park. De binnendoarsênes yn 'e bibleteek waarden dan wer opnommen yn 'e Sintrale Bibleteek fan Los Angeles, wylst it Millennium Biltmore Hotel, ek yn Los Angeles, trochgie foar it Sedgewick Hotel út 'e film.

 
Firehouse, Hook & Ladder Company 8, de brânwachtkazerne dy't yn 'e film tsjinst docht as it haadkertier fan 'e Ghostbusters.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Ghostbusters waard fersoarge troch Columbia Pictures. De film gie op 7 juny 1984 yn Los Angeles yn premiêre en iepene dêrnei op 8 juny yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde omtrint deselde tiid by platemaatskippij Arista Records. Ghostbusters waard yn oktober 1985 útbrocht as VHS-keapfideo en kaam yn 1999 foar it earst út op dvd en yn 2009 foar it earst op blu-ray. Yn 'e bioskopen ûnderfûn Ghostbusters benammen konkurrinsje fan 'e horrorkomeedzje Gremlins en de aventoerefilm Indiana Jones and the Temple of Doom, dy't dêr tagelyk draaiden.

Fan 'e filmkritisy krige Ghostbusters oer it algemien loovjende resinsjes. Sa parte Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 31/2 fan 4 stjerren ta. Hy helle Ghostbusters oan as in seldsum foarbyld fan in súksesfolle kombinaasje fan special effects en komyske dialooch. Ek murk er op dat yn 'e film de special effects de aktearprestaasjes fan 'e cast tsjinje en net oarsom. Yn 'e Deseret News priizge Christopher Hicks de talinten fan regisseur Ivan Reitman, mar hy fûn de klimaktyske striid fan 'e Ghostbusters mei in Sûmearyske god op it dak fan 'e wolkekliuwer "oerdreaun" en klage dat de film dêr syn fermaaklikens ferlear. Janet Maslin fan The New York Times wie dat mei him iens; neffens har wurke Ghostbusters it bêste yn 'e lytsskalige spûkefangerssênes.

Peter Travers skreau yn it tydskrift People dat er Ghostbusters nettsjinsteande "toilethumor en flauwe fisuele grappen" beskôge as "ûnwjersteanbere ûnsin". Yn Time omskreau Richard Schickel de special effects yn 'e film as "suterich", mar neffens him wie dat mei sin sa dien by wize fan parody fan oare spûkefilms. Hy konkludearre dat eltsenien dy't by de produksje fan Ghostbusters belutsen west hie, lof takaam foar "tinken op in grutte komyske skaal". De resinsinten wiene konsekwint yn harren lof foar it aktearjen fan Bill Murray. Sa skreau Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune dat Murray's syn komyske feardichheden de "saaie special effects" goedmakken. Yn it blêd The New Yorker fûn Pauline Kael lykwols dat it swakke plak fan 'e film it spyljen fan 'e oare akteurs wie: hja woe hawwe: "Op Murray syn dialooch komt gjin wjerwurd."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Ghostbusters in tige heech goedkarringspersintaazje fan 97%, basearre op 72 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "In oansteklik fermaaklik mingsel fan special effects en komeedzje, wêrby't de op hilaryske wize mei in stielen gesicht spile rol fan Bill Murray [it hichtepunt is]." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Ghostbusters in goedkarringspersintaazje fan 71%, basearre op 8 resinsjes.

 
55 Central Park West, it gebou dat as setting foar it klimaktyske gefjocht yn Ghostbusters tsjinne.

Tsjintwurdich wurdt Ghostbusters oer it algemien beskôge as ien fan 'e ynfloedrykste komeedzjefilms aller tiden. Yn 2015 waard Ghostbusters troch de Amerikaanske Library of Congress útornearre foar preservaasje foar de ivichheid yn it Nasjonaal Film Register, omreden fan fan kultureel, histoarysk en/of estetysk belang.

Ghostbusters brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $242,2 miljoen op. Detaillearre opbringstsifers foar oare lannen en territoaria binne net beskikber, mar der wurdt rûst dat Ghostbusters dêr yn 'e bioskopen likernôch $53 miljoen yn 't laadsje brocht. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $295,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $25 oant 30 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $265,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Ghostbusters de op ien nei meast opbringende film fan 1984, nei Beverly Hills Cop en foàr Indiana Jones and the Temple of Doom, Gremlins, The Karate Kid en Police Academy. De titelsong fan 'e film, dy't ek Ghostbusters hiet, songen troch Ray Parker jr., wie ek tige súksesfol en waard in nûmer 1-hit.

Yn 1985 waard Ghostbusters nominearre foar 2 Oscars, yn 'e kategoryen bêste special effects (ferlern fan Indiana Jones and the Temple of Doom) en bêste orizjinele liet, Ghostbusters fan Ray Parker jr. (ferlern fan I Just Called to Say I Love You fan Stevie Wonder út 'e film The Woman in Red). By de Golden Globes waard Ghostbusters datselde jiers nominearre foar 3 prizen: bêste film – musical of komeedzje (ferlern fan Romancing the Stone), bêste akteur yn in musical of komeedzjefilm foar Bill Murray (ferlern fan Dudley Moore yn Micki & Maude) en bêste orizjinele liet foar Ghostbusters fan Ray Parker jr. (op 'e nij ferlern fan I Just Called to Say I Love You fan Stevie Wonder).

Ghostbusters wûn wol de BAFTA, de wichtichste Britske filmpriis, yn 'e kategory bêste orizjinele liet (foar Ghostbusters), hoewol't de BAFTA foar bêste special effects, dêr't de film ek foar nominearre wie, nei Indiana Jones and the Temple of Doom gie. Fierders wûn Ghostbusters de Saturn Award foar bêste fantasyfilm.

Mediafranchise

bewurkje seksje

It grutte súkses fan Ghostbusters soarge foar it ûntstean fan 'e mediafranchise dy't ek Ghostbusters hjit. Dy bestiet anno 2023 út twa ferfolchfilms (Ghostbusters II út 1989 en Ghostbusters: Afterlife út 2021), de mislearre reboot mei froulike haadpersoanen Ghostbusters út 2016, twa tekenfilmsearjes, ferskate soundtrackalbums, in stikmannich fideospultsjes, in rollespul en inkele strips.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Ghostbusters (filmsearje)
Ghostbusters (1984) • Ghostbusters II (1989) • Ghostbusters (2016) • Ghostbusters: Afterlife (2021)