Ghostbusters (franchise)

Ghostbusters is in Amerikaanske mediafranchise dy't yn 1984 begûn mei de súksesfolle film Ghostbusters. De geastlike heit dêrfan wie akteur en senarioskriuwer Dan Aykroyd. De franchise kin ta de sjenres fan fantasy en komeedzje rekkene wurde en omfettet ek science fiction-eleminten. It giet oer in team fan wittenskippers dat yn New York úteinset mei it fangen fan spûken. Ghostbusters bestiet anno 2023 út fjouwer films mei byhearrende soundtrackalbums, twa tekenfilmsearjes, ferskate soundtrackalbums, in stikmannich fideospultsjes, in rollespul, inkele strips en ferskate foarmen fan merchandising, wêrûnder boartersguod. Ghostbusters is eigendom fan filmstudio Columbia Pictures en fan Ghost Corps, dat allebeide dochterûndernimmings fan Sony Pictures binne.

Ghostbusters
betinker Dan Aykroyd
eigner Columbia Pictures
Ghost Corps (Sony Pictures)
lân Feriene Steaten
begjinjier 1984
films
langspylfilms Ghostbusters (1984)
Ghostbusters II
Ghostbusters (2016)
Ghostbusters: Afterlife
tillefyzje
tekenfilmsearjes The Real Ghostbusters
Extreme Ghostbusters
spultsjes
fideospultsjes ferskaat, sjoch hjirre
literatuer
strips ferskaat, sjoch hjirre
muzyk
soundtracks Ghostbusters (1984)
Ghostbusters II
Ghostbusters (2016)
offisjele webside
www.ghostbusters.com

Ghostbusters (1984)

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Ghostbusters (film út 1984).

Yn Ghostbusters reitsje parapsychologen Peter Venkman (Bill Murray), Ray Stantz (Dan Aykroyd) en Egon Spengler (Harold Ramis) harren baan kwyt by de universiteit, wêrnei't se in bedriuw oprjochtsje, "Ghostbusters", dat spesjalisearre is yn it fangen fan spûken. In hommelse taname fan boppenatuerlike aktiviteit yn New York soarget derfoar dat se al mei gauwens omkomme yn it wurk, sadat se in fjirde teamlid oannimme, Winston Zeddemore (Ernie Hudson). Fia Dana Barrett (Sigourney Weaver), de frou dêr't Venkman fereale op is, rekket it kwartet belutsen by it krewearjen fan Gozer, de Sûmearyske god fan 'e ferneatiging, om ta de reële diminsje troch te brekken, wat se tsjin eltse priis sjen moatte foar te kommen.

Ghostbusters waard regissearre troch Ivan Reitman nei in senario fan Dan Aykroyd en Harold Ramis. De film gie op 7 juny 1984 yn premiêre, en brocht $295,2 miljoen op tsjin in budget fan $25 oant 30 miljoen. Ghostbusters wie dêrmei de op ien nei meast opbringende film fan 1984. De film waard nominearre foar 2 Oscars en 3 Golden Globes (wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje), en wûn in BAFTA en in Saturn Award. It wurdt tsjintwurdich rûnom beskôge as ien fan 'e ynfloedrykste komeedzjefilms aller tiden.

Ghostbusters II

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Ghostbusters II.

Yn Ghostbusters II, dat fiif jier nei de foarfallen yn 'e earste film spilet, hawwe de Ghostbusters, dy't oan 'e ein fan 'e earste film as helden einigen, har kredyt by de befolking fan New York alhiel ferspile troch de hoemannichte skea se mei harren aksjes oanrjochtsje. Lykwols identifisearje se in nije bedriging foar de stêd as se in rivier fan ektoplasmatysk slym ûntdekke, dat reägearret op alle negative emoasjes yn 'e stêd. Dêrtroch makket it de weromkear nei de wrâld fan 'e libbenen mooglik fan in boasaardige Eastjeropeeske kriichshear út 'e santjinde iuw.

Ghostbusters II waard wer regissearre troch Ivan Reitman nei in senario fan Dan Aykroyd en Harold Ramis. Alle wichtige leden fan 'e cast wiene wer fan 'e partij, hoewol't de film benammen in inisjatyf wie fan 'e filmstudio's, dy't de senarioskriuwers en akteurs ûnder druk setten. De film gie op 16 juny 1989 yn premiêre, en brocht $215,4 miljoen op tsjin in budget fan $30 oant 40 miljoen. Nettsjinsteande dat kommersjele súkses ûntfong Ghostbusters II lauwe reäksjes fan 'e filmkritisy en wurdt de ferfolchfilm oer it algemien sjoen as in stik minder as de orizjinele film.

Ghostbusters (2016)

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Ghostbusters (film út 2016).

Ghostbusters (letter op dvd en blu-ray útkommen ûnder de titel Ghostbusters: Answer the Call) wie in reboot fan 'e Ghostbusters-franchise mei froulike haadpersoanen. Yn 'e film hawwe de wittenskipsters Abby Yates (Melissa McCarthy), Erin Gilbert (Kristen Wiig) en Jillian Holtzmann (Kate McKinnon) ferskate moetings mei spûken. Dat bringt harren derta om in team te foarmjen dat spûken fangt, dat se oanfolje mei Patty Tolan (Leslie Jones), in wurknimster fan it iepenbier ferfier yn New York. Fjouweresom ûntdekke se dat de boppenatuerlike foarfallen útlokke binne troch Rowan North (Neil Casey), in geastlik steurde wittenskipper dy't oanhelle is mei in godkompleks. Dyselde besiket mei syn eksperiminten troch te kringen ta de diminsje fan 'e spûken, wat mooglik in apokalyps feroarsaakje soe. Der is de froulju dêrom alles oan gelegen him tsjin te hâlden.

Ghostbusters waard regissearre troch Paul Feig nei in senario fan himsels en Katie Dippold. De film gie op 9 july 2016 yn premiêre, en brocht $229,1 miljoen op tsjin in budget fan $144 miljoen. Fanwegen de ûnbidich hege marketingkosten litte de produksje lykwols in oansjenlik ferlies en wurdt Ghostbusters beskôge as in flop. De film wie kontroversjeel om't er de manlike haadpersoanen út 'e earste beide films ferfong troch froulju, wylst de resepsjoniste Janine Melnitz (Annie Potts) út dy films no in manlike resepsjonist waard, spile troch Chris Hemsworth. Yn 'e oangeande kultueroarloggen yn 'e Feriene Steaten late dat op 'e sosjale media ta in stoarm fan krityk troch fans fan 'e franchise.

Ghostbusters: Afterlife

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Ghostbusters: Afterlife.

Yn Ghostbusters: Afterlife sette de jonge Trevor (Finn Wolfhard) en Phoebe Spengler (McKenna Grace) har mei harren mem Callie (Carrie Coon) nei wenjen op it boerespultsje yn Oklahoma dat se urven hawwe fan Callie har koartby ferstoarne en fan har ferfrjemde heit. Trevor en Phoebe fine allegear aparte apparatuer en ûntdekke dat harren pake de Ghostbuster Egon Spengler (Harold Ramis †, fia argyfbylden en special effects) wie. De geast fan Spengler liedt harren nei in myn deunby, dêr't de Sûmearyske Gozer fannijs besiket de minsklike wrâld binnen te kringen. Trevor en Phoebe, en harren freonen Lucky (Celeste O'Connor) en Podcast (Logan Kim), moatte kontakt opnimme mei de oerlibjende Ghostbusters en besykje Gozer tsjin te kearen.

Ghostbusters: Afterlife waard regissearre troch Jason Reitman nei in senario fan himsels en Gil Kenan. De film gie op 23 augustus 2021 yn premiêre, en brocht $177,6 miljoen op tsjin in budget fan $75 miljoen. Ghostbusters: Afterlife waard opdroegen oan 'e yn 2014 ferstoarne Harold Ramis.

The Real Ghostbusters

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side The Real Ghostbusters.

The Real Ghostbusters is in tekenfilmsearje op basis de earste Ghostbusters-film, dy't sân seizoenen rûn, fan 1986 oant en mei 1991. De searje folget de fierdere aventoeren fan Peter Venkman (seizoen 1–2: Lorenzio Music; seizoen 3–7: Dave Coulier), Ray Stantz (Frank Welker), Egon Spengler (Maurice LaMarche), Winston Zeddemore (seizoen 1–3: Arsenio Hall; seizoen 4–7: Buster Jones), harren resepsjoniste Janine Melnitz (seizoen 1–2: Laura Summer; seizoen 3–7: Kath Soucie) en it spûk Slimer (Frank Welker), dat harren maskotte wurdt. Der waarden yn totaal 140 ôfleverings fan makke, mei dêropta nochris 13 spin-offs oer Slimer, yn 'e foarm fan koarte tekenfilmkes. The Real Ghostbusters waard oarspronklik útstjoerd troch it tillefyzjenetwurk ABC.

Extreme Ghostbusters

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Extreme Ghostbusters.

Extreme Ghostbusters is in tekenfilmsearje dy't in ferfolch wie op of in spin-off fan The Real Ghostbusters. De searje rûn ien seizoen, fan septimber oant desimber 1997 en der waarden yn totaal 40 ôfleverings fan makke. Extreme Ghostbusters begjint ferskate jierren nei de lêste ôflevering fan The Real Ghostbusters, as it Ghostbustersteam opheft is. Inkeld Egon Spengler (Maurice LaMarche) is noch mei Slimer (Billy West) yn 'e âlde brânwachtkazerne efterbleaun om 'e ynslutingsienheid geande te hâlden, wylst er tagelyk dosint is oan in pleatslike universiteit. As de boppenatuerlike aktiviteit yn New York wer bot oanboazet, rekrutearret er fjouwer fan syn studinten as de nije Ghostbusters: Eduardo Rivera (Rino Romano), Kylie Griffin (Tara Strong), Garrett Miller (Jason Marsden) en Roland Jackson (Alfonso Ribeiro). Extreme Ghosbusters waard oarspronklik yn syndikaasje útstjoerd.

Yn it ramt fan 'e Ghostbusters-franchise binne de folgjende soundtrackalbums útkommen:

It liet Ghostbusters, it haadtema fan 'e films, songen troch Ray Parker jr. wie yn 1984 in grutte nûmer 1-hit.

Yn it ramt fan 'e Ghostbusters-franchise binne de folgjende strips útkommen:

Fideospultsjes

bewurkje seksje

Yn it ramt fan 'e Ghostbusters-franchise binne de folgjende fideospultsjes útkommen:

Oare spultsjes

bewurkje seksje

In rollespul yn it ramt fan 'e Ghostbusters-franchise, mei as namme ienfâldichwei Ghostbusters, waard yn 1986 útjûn troch West End Games. It wie ûntwurpen troch Sandy Petersen, Lynn Willis en Greg Stafford.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Ghostbusters (filmsearje)
Ghostbusters (1984) • Ghostbusters II (1989) • Ghostbusters (2016) • Ghostbusters: Afterlife (2021)