Ron Jeremy
Ron Jeremy, echte namme: Ronald Jeremy Hyatt (New York, 12 maart 1953), is in rêstend Amerikaansk pornoakteur en -regisseur en mainstream-akteur, dy't yn it ferline as akteur ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen R.J., Ronald Jeremy, Ron Jeremey, David Elliot en David Elliott. Ron Jeremy wie ien fan 'e meast werkenbere figueren út 'e Amerikaanske pornoyndustry, en fan alle manlike pornoakteurs krong er wierskynlik it measte en it fierste troch yn mainstream-filmyndustry en -tillefyzjesektor. Syn bynamme wie the Hedgehog ("de Stikelbaarch"). Op 'e ranglist dy't AVN, it toanoanjaande tydskrift oer de Amerikaanske pornoyndustry, gearstalde fan 'e top 50 pornostjerren aller tiden, stie hy op it earste plak. Yn 2018 breide er mei 65 jier in ein oan syn karriêre as pornoakteur. Yn 2020 waard Jeremy oanklage foar ferkrêfting en seksuele oantaasting fan tsientallen froulju, mar yn jannewaris 2023 oardiele de rjochter dat er net terjochtstean koe omreden fan syn ûngenêslike neurokognitive efterútgong (demintens). Dêrfoar waard er in moanne letter opnommen yn in psychiatrysk sikehûs.
Ron Jeremy | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Ronald Jeremy, Ron Jeremey, R.J., David Elliot, David Elliott | |
echte namme | Ronald Jeremy Hyatt | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 12 maart 1953 | |
berteplak | New York (New York) | |
etnisiteit | Joadsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | pornoakteur, regisseur | |
jierren aktyf | 1979 – 2018 | |
offisjele webside | ||
ronjeremy.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeJeremy waard yn 1953 berne yn in húshâlding út 'e middenklasse yn 'e New Yorkske borough Queens. Syn heit, Arnold Hyatt, wie in apteker. Syn mem, yn har lettere libben in redaktrise by in útjouwerij, wurke yn 'e Twadde Wrâldoarloch foar de OSS (de foarrinder fan 'e CIA) om't se floeiend Dútsk en Frânsk spriek. Jeremy folge de middelbere skoalle oan 'e Cardozo High School yn 'e Queenske buert Bayside, dêr't er yn 'e klasse siet by akteur Reginald VelJohnson (dy't letter bekend wurde soe troch syn rol yn 'e aksjefilm Die Hard, út 1988) en CIA-direkteur George Tenet. Nei't er slagge wie foar syn eineksamens folge er in oplieding oan it Queens College, City University of New York, en behelle dêr bachelortitels yn ûnderwiiskunde en teäter en in mastergraad yn bysûnder ûnderwiis. Dêrop fûn er wurk as learaar yn it bysûnder ûnderwiis yn New York-Stêd, en dêrnjonken as ynfallearkrêft yn it gewoane ûnderwiis.
Pornokarriêre
bewurkje seksjeJeremy joech syn wurk as learaar deroan om aktearjen, syn wiere passy, nei te jeien. Hy koe lykwols sa goed as gjin wurk fine, en rekke finansjeel alhiel ta reapsein. Om dochs wat te fertsjinjen, besleat er om neaken te posearjen foar it neakenblêd Playgirl, nei't syn doetiidske freondinne syn foto dêrhinne opstjoerd hie en der fan 'e kant fan it tydskrift in positive reäksje weromkaam. Fia-fia bedarre er dêrnei yn 1979 yn 'e pornoyndustry, wêrby't er ûnder syn foar- en middelnamme begûn te wurkjen. Nei de fotoreportaazje yn 'e Playgirl, waard syn beppe Rose (dy't yn it tillefoanboek as R. Hyatt fermeld stie) nammentlik de hiele dei en nacht opskille troch wyldfrjemde manlju dy't kontakt mei Ron Hyatt sochten. Neffens Jeremy gie it sa bot dat syn beppe in moanne lang net yn har appartemint ferkeare koe. Syn heit sei tsjin him: "Asto dy sa nedich mei dy neakene healwizenens ynlitte moatst, dan moatst mar dwaan watst net litte kinst, mar ast ús efternamme noch ien kear brûkste, dan meitsje ik dy ôf!"
Syn bynamme the Hedgehog ("de Stikelbaarch") krige Jeremy doe't er yn 1979 foar de opnamen fan 'e pornofilm Olympic Fever fan New York oerkaam nei Lake Arrowhead, yn Kalifornje. Jeremy hie waarm waar ferwachte, dat hy arrivearre yn in T-shirt en koarte broek, mar ûnder syn ritsje op 'e motor nei de filmset yn 'e bergen sloech it waar om en barste der in wiere sniestoarm los. Mei ûnderkuollingsferskynsels kaam er op 'e set oan, en waard dêr daliks ûnder de waarme dûs treaun. Doe't er dêr wer ûnderwei kaam, hie syn hûd troch de grutte temperatuerferskillen in felrôze kleur oannommen, wylst it hier oer syn hiele lichem rjocht razend oerein stie, sadat er, alteast neffens syn kollega William Margold, dy't de bynamme betocht, wol wat wei hie fan in stikelbaarch. Der wurdt gauris tocht dat de bynamme slacht op syn taname yn gewicht, mar dat is net wier, want doedestiden wie Jeremy noch sa fit as wat.
Jeremy stiet yn it Guiness Book of World Records as rekôrhâlder foar it grutste tal spile rollen yn pornofilms. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD), in toanoanjaande digitale database oangeande de Amerikaanske pornoyndustry, wurke er as akteur mei oan 2.582 pornofilms, sij it net altiten yn pornografyske rollen. As regisseur wie Jeremy tusken 1980 en 2009 aktyf, en op dat mêd wied er ferantwurdlik foar 284 pornofilms. Dêrby betsjinne er him fan in wiid ferskaat oan skûlnammen: Bill Blackman, B. Ron Eliot, Dave Elliott, David Elliot, Lance Jeremy, Umberto Lenzi, Barry Morrison, Anthony Pearl, Nicholas Pera, Norm L. Pera, Ron Pighead, Norm Prestissimo, Ron Prestissimo en Ron Presto. Yn 'e Amerikaanske pornoyndustry stied er bekend om syn gefoel foar humor, dat him tegearre mei syn grutte penis tige populêr makke hat, en fierders om it feit dat hy as iennichste manlike pornoakteur ea syn ejakulaasje sekuer oankundigje koe troch op in beskaat stuit te begjinnen mei fan tsien ôf werom te tellen nei nul.
Jeremy wûn meitiid frijwat oan yn lichemsgewicht en geandewei syn karriêre waard er fansels ek almar âlder. Sadwaande gie yn 'e pornoyndustry wol de grap om dat de dingen dy't guon aktrises te kinky fine, binne: sado-masogisme, seks mei bisten en seks mei Ron Jeremy. Likegoed wûn Jeremy troch de jierren hinne 3 AVN Awards (de Oscars fan 'e pornowrâld), wylst er der noch 9 oare kearen foar nominearre waard. Njonken in bulte oare prizen waard er ek ynhuldige as lid fan sawol de AVN Hall of Fame as de XRCO Hall of Fame. Teffens krige er in eigen stjer op it Adult Star Path of Fame, yn Edison, yn 'e steat Nij-Jersey.
Njonken syn aktearwurk wie Jeremy ek aktyf as wurdfierder foar de pornografyske webside HotMovies.com, dêr't men tsjin betelling per minút pornofilms sjen kin. As ûnderdiel fan syn ferplichtings reizge er yn dy hoedanichheid elts jier yn Noard-Amearika en Jeropa de grutste erotykbeurzen ôf. Yn 2009 iepenen Jeremy en syn sakepartner Paul Smith yn Portland, yn 'e steat Oregon, Ron Jeremy's Club Sesso, in nachtklub dy't bedoeld wie foar swingers. Fierders liende Jeremy syn namme ek foar in rummerkRon de Jerem (ron is ek Spaansk foar "rum").
Mainstreamkarriêre
bewurkje seksjeRon Jeremy hie nei alle gedachten it grutste tal crossovers nei mainstreamfilms en -tillefyzjeprogramma's op syn namme stean fan alle Amerikaanske pornostjerren. Sa wurke er bygelyks as "bysûnder adviseur" (special consultant) foar de Hollywood-kaskreaker 9½ Weeks (1986), mei Kim Basinger en Mickey Rourke, en de film Boogie Nights (1997), mei Burt Reynolds en Mark Wahlberg. Fierders figurearre er yn 'e film Ghostbusters en hied er lytse roltsjes yn in ferskaat oan oare mainstreamfilms, wêrûnder They Bite (1996), The Boondock Saints (1999), Spun (2002), Zombiegeddon (2003) en Finishing the Game (2007). Yn 2003 spile er himsels yn 'e komeedzjefilm Being Ron Jeremy, in parody op it bekendere Being John Malkovich.
Gauris wiene syn rollen feitliks lytse byroltsjes wêryn't er himsels spile en wêrby't selsspot him dan yn 'e regel net frjemd wie. Foarbylden binne Crank: High Voltage (2009), wêryn't er himsels as demonstrant tsjin 'e lege salarissen fan manlike pornoakteurs spile, en One-Eyed Monster (2009), in horrorparody wêryn't syn penis oernommen wurdt troch bûtenierdske wêzens en dan lju begjint te fermoardzjen. Ek wie Jeremy it ûnderwerp fan in oardel oere duorjende dokumintêre út 2001, mei as titel Porn Star: The Legend of Ron Jeremy. Dêrút kaam û.m. nei foarren dat er doe al miljonêr wie, mar dat er sa sunich (of deun) iswie dat er noch altiten elts dûbeltsje fiif kear omdraaide ear't er it útjoech. Sa brûkte er leaver jiskepûden om syn bagaazje yn te ferfieren, as dat er in koffer kocht.
Ek op 'e tillefyzje wie Jeremy yn in ferskaat oan programma's te sjen, fan 'e Amerikaanske realityshow The Surreal Life, wêryn't er freonskip sleat mei evangeliste Tammy Faye Bakker en op it twadde plak einige, krekt efter aktrise Traci Bingham, oant it Britske praatprogramma The Frank Skinner Show, wêryn't er mei de eardere Britske minister Mo Mowlam in duët ten gehoare brocht fan it Sonny en Cher-nûmer I Got You Babe.
Teffens figurearre Jeremy allegeduerigen yn fideoklips fan popnûmers, û.m. fan A Day to Remember, Armin van Buuren, Christina Linhardt, Escape The Fate, Everclear, Flight of the Conchords, Guns n' Roses, Insane Clown Posse, Kid Rock, LMFAO, Los Umbrellos, Mad Yellow Sun, Mercury Rev, My Darkest Days, Moby, Necro, de Radioactive Chickinheads, Sam Kinison, Steel Panther, Sublime en de Iislânske band XXX Rottweiler Hundar. Boppedat brocht er yn 1996 sels ek in rapsingle út ûnder de titel Freak of the Week, dy't it ta plak 95 brocht yn 'e top 100 fan rapnûmers (gearstald troch it tydskrift Billboard), en 27 wiken lang yn dy ranglist stean bleau.
Fierdersoan waard Jeremy yn ferskate fideospultsjes opnommen as in spylber personaazje, wylst er ek figurearre yn fideo's op it ynternet. Hy makke twaris reklame makke foar bistebeskermingsorganisaasje PETA, ienris foar humanere slachtmetoaden by de fastfoodrestaurantkeatling KFC, en ienris tsjin oerpopulaasje fan húsdieren. (Op dy lêste reklameposter leit Jeremy healneaken en mei hanboeiens om op in bêd, mei dêrûnder it boadskip: "Tefolle seks is net goed. Sterilisearje en kastrearje jimme katten en hûnen!") Yn 2007 kaam by útjouwerij HarperCollins Publishers Jeremy syn autobiografy út, mei as titel: Ron Jeremy: The Hardest (Working) Man in Showbiz ("Ron Jeremy: De Hurdste (Wurkjende) Man yn 'e Showbusiness").
Priveelibben
bewurkje seksjeJeremy troude nea, en hat (ynsafier bekend) gjin bern. Op 29 jannewaris 2013 ried er himsels nei it Cedars-Sinai Medical Center yn Los Angeles ta mei slimme pine yn it boarst. By ûndersyk waard in aneurisma deunby syn hert ûntdutsen, dat hy waard de oare deis daliks operearre. Trije wiken letter waard er út it sikehûs ûntslein, wêrby't er oan 'e gearkommen media syn groeden sjen liet en úthold dat er ûnder syn opnametiid 22½ kg ôffallen wie. Ek fertelde er dat er fan doel wie om tenei sûner te iten. Neffens de krante New York Daily News seid er: "Sûn iten ite is deprimearjend, mar it hâldt my wol yn libben. Us heit is 94 en noch sa sûn as fisk. Hy is lulk op my wurden om't ik dit barre litten haw. Hy makket gauris it grapke dat hy en ús mem my in poerbêst lichem jûn hawwe en dat ik it fertutearzje litten haw."
Beskuldigings fan oer de grins geand hâlden en dragen
bewurkje seksjeYn 'e 2010-er jierren foel Ron Jeremy yn 'e jûnsskimer fan syn karriêre fan syn fuotstik doe't úteinlik 21 froulju beskuldigings tsjin him ynbrochten fan seksuele oantaasting, ferkrêfting en oare foarmen fan seksueel oer de grins geand hâlden en dragen. Ferskate gefallen hiene betrekking op syn oanwêzigens op konvinsjes dy't de pornoyndustry organisearret om fans yn kontakt komme te litten mei pornostjerren. Froulju, benammen kollega-sekswurkers, seine dat Jeremy it foar de moade hie om harren te betaasten en syn fingers yn harren lichemsiepenings te stekken sûnder dat er dêr tastimming foar frege of krigen hie. De organisaasje efter Exxxotica, ien fan 'e grutste erotykbeurzen yn 'e Feriene Steaten, ferklearre him yn oktober 2017 ta persona non grata, nei't webcammodel Ginger Banks dêr in kampanje foar fierd hie. De Free Speech Coalition, in mei de pornoyndustry liëarre organisaasje dy't him yn 'e Feriene Steaten oankantet tsjin sinsuer en foar frijheid fan mieningsutering, loek omreden fan 'e beskuldigings syn Positive Image Award yn dy't yn 2009 oan Jeremy taparte wie. Ien en oar spile in grutte rol by it beslút fan Jeremy yn 2018 om in punt efter syn karriêre te setten.
Yn juny 2020 waard Jeremy troch de ofsier fan justysje foar Los Angeles oanklage foar fjouwer gefallen fan seksuele oantaasting en ferkrêfting. Hy waard beskuldige fan it seksueel oantaasten fan twa froulju, fan 33, resp. 46 jier âld, by ferskillende gelegenheden yn 2017 yn in kafee (de Rainbow Bar and Grill) yn West Hollywood. Ek soed er yn maaie 2014 in 25-jierrige frou ferkrêfte hawwe yn in hûs yn West Hollywood en soed er yn july 2019 in 30-jierrige frou ferkrêfte hawwe yn 'e Rainbow Bar and Grill. Op 27 juny 2020 ferklearre Jeremy foar de rjochter oer dat er ûnskuldich wie. Fia Twitter liet er syn fans witte: "Ik bin ûnskuldich fan alles dat tsjin my ynbrocht wurdt. Ik kin net wachtsje om my ûnskuld foar de rjochtbank te bewizen! Eltsenien tankjewol foar alle stipe."
Trije dagen nei de earste oanklacht brocht it Iepenbier Ministearje nochris 25 oare oanklachten oangeande seksueel oer de grins geand hâlden en dragen tsjin Jeremy yn. Dêrfan hiene 13 gefallen plakhân yn Los Angeles County. Neitiid kamen noch seis oare froulju út 'e Amerikaanske pornoyndustry nei foarren mei beskuldigings fan seksuele oantaasting en/of ferkrêfting tsjin Jeremy. Yn july 2020 befêstige it Los Angeles County Sheriff's Department dat der 30 nije oanjeften fan ferkrêfting en betaasting tsjin Jeremy dien wiene, dy't allegearre nei 2000 plakfûn hiene. By de ferkrêftings gie it benammentlik om it ûnwinske binnenkringen fan it froulik lichem mei de fingers ynstee fan mei de penis.
Yn augustus 2020 stelde de ofsier fan justysje Jeremy yn beskuldiging fan 20 bykommende gefallen, wêrûnder ferkrêfting, seksuale oantaasting, sodomy en penetraasje ûnder twang mei in objekt. It gie om ynsidinten dy't tusken 2004 en 2020 plakfûn hiene, mei froulju dy't útinoar rûnen fan 15 oant 54 jier. It jongste slachtoffer sei dat Jeremy him yn juny 2004, doe't se fyftjin jier wie, op in feest yn Santa Clarita oan har fertaast hie. It meast resinte gefal datearre fan 1 jannewaris 2020, doe't Jeremy in 21-jierrige frou oantaast hawwe soe foar in winkel yn Hollywood. By de nije beskuldigers wiene seis dy't seine dat Jeremy harren misbrûkt hie yn 'e Rainbow Bar and Grill yn West Hollywood en in oarenien dy't úthold dat Jeremy him oan har fertaast hie op it parkearterrein fan dy saak.
De rjochter stelde de boarch foar Jeremy fêst op $6,6 miljoen. Safolle koed er net opbringe, dat hy ferdwûn yn foararrest efter de traaljes fan 'e Twin Towers Correctional Facility. Op 17 maart 2022, koart nei't de rjochtsaak tsjin Jeremy einlings en te'n lêsten úteinset wie, waard de fuortgong fan 'e saak troch de rjochter opskoarre yn ôfwachting fan in evaluaasje fan Jeremy syn geastlike sûnens. De rom oardel jier yn it tichthûs hie him nammentlik beslist gjin goed dien. Hy wie ynkoherint yn syn praat en koe syn eigen abbekaat nei't it skynt net werom. Sadwaande waard er oerbrocht nei in psychiatrysk sikehûs, dêr't er op 'e sletten ôfdieling bedarre. Op 17 jannewaris 2023 oardiele de rjochter op basis fan 'e útkomsten fan it ûndersyk dat Jeremy omreden fan "ûngenêslike neurokognitive efterútgong" (d.w.s. demintens) net kompetint wie om terjocht te stean. Op 8 febrewaris waard er foargoed opnommen yn in steatlik psychiatrysk sikehûs, dêr't er foarearst twa jier bliuwe soe.
Op 21 augustus 2023 klagen twa fan Jeremy syn slachtoffers de Rainbow Bar and Grill yn West Hollywood oan. Se holden út dat de wurknimmers dêre wisten dat Jeremy froulju seksueel misbrûkte, mar him likegoed syn gong gean lieten.
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar syn optreden yn |
---|---|---|---|---|
1984 | AFAA Award | wûn | bêste byrol fan in akteur | Suzie Superstar |
1985 | AFAA Award | wûn | bêste byrol fan in akteur | All the Way In! |
XRCO Award | nominearre | bêste orgastyske orale sêne (mei Tanya Lawson) | All the Way In! | |
wûn | bêste orgastyske orale sêne (mei Little Oral Annie) | Succulent | ||
1986 | AVN Award | wûn | bêste byrol fan in akteur (film) | Candy Strippers II |
1991 | AVN Award | wûn | bêste byrol fan in akteur (fideo) | Playin' Dirty |
XRCO Award | ynhuldige | XRCO Hall of Fame | n.f.t. | |
1996 | FSC Award | wûn | Lifetime Achievement Award (oeuvrepriis) | n.f.t. |
2003 | AVN Award | nominearre | bêste byrol fan in akteur (fideo) | Burnin' Love |
Grabby Award | nominearre | bêste net-pornografyske rol | Police Academy | |
2004 | FICEB Ninfa Award | wûn | bêste akteur | Magic Sex Genie |
Adam Film World Guide Award | wûn | crossover-akteur fan it jier | n.f.t. | |
2005 | XRCO Award | nominearre | mainstream-pornomediafavoryt | n.f.t. |
2006 | FAME Award | wûn | favorite pornoakteur | n.f.t. |
2007 | AVN Award | nominearre | crossover-stjer fan it jier | n.f.t. |
XRCO Award | wûn | mainstream-pornomediafavoryt | n.f.t. | |
2008 | AVN Award | nominearre | bêste net-pornografyske rol | Operation Desert Stormy |
nominearre | crossover-stjer fan it jier | n.f.t. | ||
ynhuldige | AVN Hall of Fame | n.f.t. | ||
Big Daddy Award | wûn | Big Daddy Award | n.f.t. | |
XRCO Award | nominearre | mainstream-pornomediafavoryt | n.f.t. | |
2009 | AVN Award | nominearre | bêste net-pornografyske rol | Dark City |
nominearre | Jenna Jameson Crossover-stjer fan it Jier | n.f.t. | ||
FSC Award | wûn | Positive Image Award (útjefte priis ynlutsen yn 2017) |
n.f.t. | |
2011 | AVN Award | nominearre | Jenna Jameson Crossover-stjer fan it Jier | n.f.t. |
XRCO Award | nominearre | mainstream-pornomediafavoryt | n.f.t. | |
2012 | AVN Award | nominearre | bêste groepsekssêne (mei 15 oaren) | Rocki Whore Picture Show: A Hardcore Parody |
nominearre | bêste net-pornografyske rol | Justice League of Porn Star Heroes | ||
wûn | Jenna Jameson Crossover-stjer fan it Jier | n.f.t. | ||
2013 | Kyri Michael Award | wûn | Kyri Michael Award | n.f.t. |
Sex Award | wûn | Lifetime Achievement Award ("oeuvrepriis") | n.f.t. |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Ron Jeremy
- (in) Offisjele webside fan Ron Jeremy's Club Sesso
- (in) Biografy en filmografy fan Ron Jeremy yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Ron Jeremy yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|