Seksueel oer de grins geand hâlden en dragen

Seksueel oer de grins geand hâlden en dragen is in oerkoepeljende term foar alle foarmen fan hâlden en dragen dy't seksueel fan aard binne en sosjaal net troch de bûgel kinne. Immen dy't him of har dêr skuldich oan makket, siket kontakt mei in oare persoan om dy sûnder tastimming, frijwilligens, lykweardigens, leeftyds- of ûntwikkelingsadekwaasje, kontekstadekwaasje of selsrespekt oer te heljen, te beynfloedzjen, te manipulearjen, te sjantearjen of op oare wize te twingen ta seksuele hannelings. Under seksueel oer de grins geand hâlden en dragen falle: seksuele yntimidaasje, seksuele oantaasting, seksuele mishanneling, ferkrêfting, ynsest en oare foarmen fan seksueel misbrûk.

Heechleararesse Liesbet Stevens oer de grinzen fan seksueel oer de grins geand hâlden en dragen.

Seksueel oer de grins geand hâlden en dragen kin ûnderferdield wurde yn trije kategoryen:

  • ferbaal, troch te praten of tekstberjochten te stjoeren fia e-mail of sms, bgl. troch seksueel tinte opmerkings te meitsjen of seksueel ûnfoechsume fragen te stellen;
  • non-ferbaal, troch te hanneljen, bgl. troch seksueel ûnfoechsume gebearten te meitsjen, jins eigen geslachtsdiel te ûntbleatsjen of in dickpic te stjoeren;
  • fysyk, troch it slachtoffer op in seksueel tinte en ûnfoechsume wize oan te reitsjen.

Der is by seksueel oer de grins geand hâlden en dragen net altyd sprake fan in strafber feit. As in wurkjouwer bgl. in opmerking oer de boarsten fan ien fan syn wurknimsters makket, kin it suver net oars as dat it om seksueel oer de grins geand hâlden en dragen giet. Dat is maatskiplik ûnakseptabel, mar dêrmei noch net strafber. By strafbere foarmen fan seksueel oer de grins geand hâlden en dragen giet it om seksueel geweld en sedemisdriuwen.

Seksueel oer de grins geand hâlden en dragen komt, yn ferskillende mjitte, yn alle kultueren fan 'e wrâld foar. Net alle kultueren definiëarje sok wangedrach persiis itselde, dus wat yn ien kultuer beslist as seksueel oer de grins geand hâlden en dragen sjoen wurdt, kin yn in oare kultuer as ûnskuldich beskôge wurde. Binnen de Westerske kultuer komt seksueel oer de grins geand hâlden en dragen foar yn alle maatskiplike klassen en alle sosjale fermiddens. Yn 2012 publisearre de Rutgers Stichting in ûndersyk dêr't út nei foarren kaam dat yn Nederlân 40% fan alle froulju en 13% fan alle manlju te krijen hân hat mei ûnwinske lichaamlik kontakt mei in lid fan it oare geslacht. It wiere persintaazje slachtoffers fan seksueel oer de grins geand hâlden en dragen leit perfoarst noch in stik heger, om't yn it ûndersyk ferbaal en non-ferbaal seksueel oer de grins geand hâlden en dragen net meinommen is, likemin as fysyk seksueel oer de grins geand hâlden en dragen mei leden fan itselde geslacht.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.