Middelnamme
In middelnamme is in middelste namme fan in minske, dy't tusken de foarnamme en de efternamme pleatst is. Dit is in ferskynsel dat benammen bekend is út 'e Feriene Steaten, dêr't it meastepart fan 'e lju in nammefoarm brûkt fan it stramyn 'foarnamme-middelnamme-efternamme', lykas Richard Allen Knaak. In middelnamme is net itselde as in twadde foarnamme, sa't dy yn Nederlân en Fryslân in protte foarkomt; ynstee wurdt immens middelnamme net selden foarme troch de famkesnamme (oarspronklike efternamme) fan 'e mem, of troch in oare efternamme.
Yn 'e Feriene Steaten
bewurkje seksjeYn it deistich gebrûk wurdt yn 'e Feriene Steaten yn 'e regel alhiel gjin melding makke fan 'e middelnamme, lykas by Jimmy Carter (James Earl Carter jr.) of Tom Selleck (Thomas William Selleck), of wurdt de middelnamme ôfkoarte ta in inisjaal, lykas by George W. Bush (George Walker Bush) of John F. Kennedy (John Fitzgerald Kennedy). It is seldsum as in middelnamme altyd folút neamd wurdt, mar soks komt foar by beskate bekende persoanen, lykas Martin Luther King en Lee Harvey Oswald. By froulju fungearret yn 'e Feriene Steaten faak harren oarspronklike famkesnamme as middelnamme, lykas it gefal is by Hillary Rodham Clinton en Lois McMaster Bujold.
Fierders komt it ek wol foar dat men de middelnamme brûkt ynstee fan 'e foarnamme, wêrby't de foarnamme ferkoarte wurdt ta in inisjaal en de middelnamme folút skreaun wurdt. Foarbylden dêrfan binne J. Egar Hoover en J. Steven York. Ek kin it wêze dat men de foarnamme hielendal fuortlit, lykas DeForest Kelley (Jackson DeForest Kelley). Mank Amerikanen fan Ulstersk (d.w.s. protestantsk Noardiersk) komôf wie it lange tiid wenst om 'e bern gjin middelnamme te jaan, mar wol in middelinisjaal oan te nimmen, om't dat yn 'e Feriene Steaten ferwachte waard. Dy middelinisjaal stiet yn sokke gefallen nearne foar is poer foar de show. It bekendste foarbyld fan dat aparte ferskynsel is de eardere presidint Harry S. Truman, by wa't men omdôch sykje sil nei de betsjutting fan 'e S.
Men giet derfan út dat de Amerikaanske middelnamme him ûntjûn hat út it gebrûk fan twadde foarnammen troch de oarspronklike Britske kolonisten fan Noard-Amearika. Nettsjinsteande dat waard de term 'middelnamme' ynsafier bekend pas foar it earst brûkt yn 1835 yn it tydskrift Havardiana. It stramyn 'foarnamme-middelnamme-efternamme' is no yn 'e Feriene Steaten sa ynboargere, dat it ynkorporearre is yn kompjûtersystemen lykas databases, mei as gefolch dat dêryn mar ien foarnamme en ien middelnamme (of twa foarnammen) opnommen wurde kinne, en dat foar mear foarnammen, sa't dy yn Jeropa frij algemien foarkomme, gjin romte is. Likemin kinne tuskenfoechsels apart opnommen wurde (lykas "Van der"), dy't oan 'e efternamme fêstplakt wurde moatte, en ek dûbele efternammen, sa't gebrûklik is yn Spaansktalige kultueren, kinne net offisjeel fêstlein wurde. Dit ferskynsel wurdt no bekritisearre as in foarm fan amerikanosintryske diskriminaasje fan lju út oare kultueren en religyen.
Sûnt 1905 wurdt de term 'middelnamme' yn 'e Feriene Steaten ek wol yn 'e oerdrachtlike sin brûkt om in opmerklike eigenskip (fan jinsels) oan te jaan. Dat gebrûk heart men net selden yn Amerikaanske films, bgl. as ien personaazje it oare op it hert drukt dat eat wol subtyl dien wurde moat, en de oare antwurdet: "subtyl is myn middelnamme."
Yn Skandinaavje
bewurkje seksjeYn Denemark, Noarwegen en Sweden wurdt mei de term 'middelnamme' ferwiisd nei nammen dy't oarspronklik efternammen wiene, mar dy't gjin ûnderdiel útmeitsje fan 'e efternamme fan 'e drager. Lykwols binne it ek gjin twadde of trêde foarnammen, om't it gjin foar-, mar efternammen binne. Meastal giet it dêrby om 'e oarspronklike famkesnamme fan 'e mem, dy't troch de drager oannommen wurdt, lykas it gefal is by de Noar Carl Viggo Manthey Lange. Dêrby binne Carl en Viggo de earste en twadde foarnamme, wylst Lange de efternamme is. Manthey is de famkesnamme fan Lange syn mem. By it gebrûk fan dizze nammefoarm wurdt Manthey inkeld tafoege as de hiele namme brûkt wurdt, sa net, dan sprekt men fan 'de hear Lange' of gewoan fan 'Lange' (mar net fan 'Manthey Lange').
Yn Noarwegen is dizze nammefoarm typysk foar de âlde maatskiplike klasse fan 'e begoedige boargerij. Yn Denemark en Sweden wurdt itselde systeem hantearre om ûnderskie te meitsjen mei oare lju mei deselde foar- en efternamme. Sa hat de Deenske politikus Lars Løkke Rasmussen ien fan 'e meast foarkommende foarnammen fan it lân en teffens ien fan 'e meast foarkommende efternammen; 'Lars Rasmussen' komt foar Deenske begripen oerien mei in Fryske namme as 'Jan Dijkstra'. Dêrom hat dizze man de famkesnamme fan syn mem as middelnamme tafoege, mei't 'Løkke' minder faak foarkomt.
Op 'e Filipinen
bewurkje seksjeOp 'e Filipinen ferwiist de middelnamme útslutend nei de famkesnamme fan 'e mem. In namme as 'Juan Roxas Cruz' bestiet bygelyks út 'e foarnamme 'Juan', de middelnamme (famkesnamme fan 'e mem) 'Roxas' en de efternamme 'Cruz'. As Spaanske nammefoarmen tapast wurde soene (dêr't de Filipynske foarm fan ôflaat is), soe dizze namme 'Juan Cruz y Roxas' wurde, en dy foarm wurdt yn juridyske konteksten ek noch altyd brûkt. De reden dat de gongbere Filipynske nammefoarm dêrfan ôfwykt, is dat de Filipinen nei sa'n fjouwer iuwen Spaansk koloniaal bewâld krapoan fyftich jier ûnder Amerikaansk bestjoer stien hawwe, sadat de Amerikaanske konvinsjes der trochkrongen binne. Oars as yn 'e Feriene Steaten wurdt de middelnamme op 'e Filipinen lykwols nea ôfkoarte ta in inisjaal. Yn 'e seldsume gefallen dêr't dat wol dien liket te wurden, lykas by Manuel L. Quezon en Benigno S. Aquino III, stiet de inisjaal net foar de middelnamme (yn dizze gefallen Molina, resp. Cojuangco), mar foar in twadde foarnamme. De folsleine nammen binne yn dizze gefallen sadwaande: Manuel Luis Molina Quezon en Benigno Simeon Cojuangco Aquino III.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |