De stikelbaarch (wittenskiplike namme: Erinaceus europaeus), ek wol ychel, ychelbaarch of ychelswyn neamd, is in sûchdier út it skift fan 'e ynsekte-iters (Eulipotyphla), de famylje fan 'e stikelbargen (Erinaceidae) en it skaai fan 'e Jeraziatyske stikelbargen (Erinaceus). Om ûnderskie te meitsjen mei oare stikelbargesoarten wurdt dit bist ek wol oantsjut as de gewoane stikelbaarch, de westlike stikelbaarch of de Jeropeeske stikelbaarch. De stikelbaarch hat in grut ferspriedingsgebiet yn Súd-, Midden-, Noardwest- en Noard-Jeropa, en komt ek yn Fryslân rûnom foar. It is yn 'e westlike helte fan Jeropa in bekende ferskining yn tunen, mar dochs is it eins in nachtdier. De stikelbaarch is benammen bekend om syn stikelpels en syn gewoante om him by gefaar op te rôljen. It is wichtich om oan te jaan dat de stikelbaarch in folslein oar soarte bist is as de kjifstikelbaarch. De IUCN klassifisearret de stikelbaarch as net bedrige.

stikelbaarch
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift ynsekte-iters (Eulipotyphla)
famylje stikelbargen (Erinaceidae)
skaai Jeraziatyske stikelbargen
   (Erinaceus)
soarte
Erinaceus europaeus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

Fersprieding

bewurkje seksje

De stikelbaarch komt yn hast hiel West-Jeropa foar, útsein Yslân en guon lytsere eilannen, lykas de Fêreu-eilannen, de Skotske Hebriden, Orkney- en Sjetlâneilannen en de Baleären yn 'e Middellânske See. Op 'e eilannen Ierlân en Grut-Brittanje komt er wol foar, en datselde jildt foar de Kanaaleilannen yn It Kanaal, Korsika, Sardynje en Sisylje yn 'e Middellânske See, en Gotlân, Seelân (Denemark), Funen en guon oare eilannen yn 'e Eastsee. Fierders rint syn ferspriedingsgebiet oaniensletten fan 'e súdpunt fan it Ibearysk Skiereilân en de Tean fan 'e Lears fan Itaalje oant de noardpunt fan Jutlân. De eastgrins fan it areaal fan 'e stikelbaarch rint troch westlik Poalen, folget de grins tusken Tsjechje en Slowakije, en giet dan fierder súdoan troch Eastenryk en Sloveenje hinne nei de kust fan 'e Adriatyske See.

 
Skelet fan 'e stikelbaarch.

Op it Skandinavysk Skiereilân libbet de stikelbaarch oant fier boppe de poalsirkel, mar allinnich oan 'e kusten fan 'e Atlantyske Oseaan en Botnyske Golf, net yn it Skandinavysk Heechlân. Eastliker komt er ek foar yn hast hiele Finlân en Estlân en it noarden fan Letlân. Yn Ruslân komt er foar yn it oan Finlân grinzgjende diel fan 'e Autonome Republyk Kareelje en fan 'e Estyske en Letske eastgrins it lân yn oant en mei de omkriten fan Moskou. Yn 'e rest fan East-Europa libje de nau besibbe noardlike (Erinaceus roumanicus) en súdlike Eastjeropeeske stikelbaarch (Erinaceus concolor).

As eksoat komt de westlike stikelbaarch ek foar yn Nij-Seelân, dêr't er yn 1885 troch de minske útset is by de stêden Dunedin en Christchurch, op it Sudereilân, mei as doel om ûngedierte te bestriden. Tsjintwurdich is de stikelbaarch folslein algemien op sawol it Sudereilân as it Noardereilân, útsein yn 'e hege berchkriten fan it binnenlân.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De stikelbaarch hat trochinoar in kop-romplingte fan 221/2–271/2 sm, mei in sturtlingte fan 11/2–3 sm en in skofthichte fan 12–15 sm. It gewicht bedraacht 0,4–1,2 kg, wêrby't der him in dúdlike tiidsbûne fariaasje foardocht: hjerstmis binne stikelbargen folle swierder as by 't maityd, as se ferskate moannen net iten hawwe. Der bestiet in lytse seksuele dimorfy by dit bist, mei't mantsjes yn 'e regel justjes grutter binne as wyfkes, mar dat ûnderskie wurdt wei yn it ûnbidige seizoenale gewichtsferskil.

De rêch fan 'e stikelbaarch is oerdutsen mei likernôch seistûzen stikels fan 2–3 sm lingte. Dy hawwe ferskillende kleurbannen fan ljochtbrún (suver bêzje) en dûnkerbrún, wat it bist in spikkelbûnt oansjen jout. Okkasjoneel komt der ris in saneamde "blûne" stikelbaarch foar, mei in krêmkleurich uterlik. Sokke eksimplaren leaut men fan dat se in net faak foarkommend resessyf gen hawwe, al binne it eins gjin albino's. Blûne stikelbargen binne tige seldsum, útsein op it Kanaaleilân Alderney, dêr't se sa'n 25% fan 'e populaasje útmeitsje. De stikelbaarch wikselet syn stikels selden en ûngeregeldwei; trochinoar geane stikels sa'n 11/2 jier mei. Faak hawwe de bisten in karakteristyk patroan yn harren stikels.

 
In close-up fan 'e stikels fan in stikelbaarch.

Op 'e bealch hat de de stikelbaarch sêft ljochtbrún hier, krekt as op 'e kop en om 'e lytse earkes hinne. Om 'e eagen hinne en op 'e snút is it hier swart, sadat it suver wat liket as hat it bist in masker op.

Stikelbargen komme foar yn leafbosken en fochtige greiden, en benammen boskrânen binne hja hjit op. Ek komme se foar yn dunen, salang't dy begroeid binne, mar net faak yn nullewâld of yn bergen boppe de beamgrins. De stikelbaarch mei ek graach oer tunen en parken, dêr't fanwegen strewelleguod, hagen, skudden en skuorkes witwat beskutting te finen is, wylst guon minsken se ek noch byfuorje.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

Stikelbargen binne solitêr libjende bisten. Soms kin in pearke in nêst diele, mar dat is mar foar koarte tiid. As men in groepke stikelbargen sjocht, giet it frijwol altyd om in mem mei jongen. Stikelbargen hawwe gjin territoarium. It binne eins nachtdieren, hoewol't se by 't simmer, as de nachten koart binne, ek wol rom foar tsjuster al op 'e lapen binne. It lûd fan stikelbargen bestiet út snuven by it iten en gnoarjen as der gefaar driget. Se kinne goed klimme en swimme. Hjerstmis, as de temperatuer sakket en der minder te fretten is, giet de stikelbaarch yn wintersliep. Hy leit dêrfoar in nêst oan fan gers en ôffallen blêden. De measte stikelbargen wikselje winterdeis in pear kear fan nêst.

 
In wyfke mei in jong.

Yn finzenskip kinne stikelbargen 8–10 jier âld wurde, mar yn it wyld bedraacht de libbensferwachting sa'n 4–6 jier. De wichtichste deadsoarsaak is nei alle gedachten ferhongering ûnder de wintersliep, mar yn stedske en heal ferstedske gebieten is dat it ferkear. As in stikelbaarch him bedrige fielt, rôlet er himsels op ta in bal. Sa'n stikelige bal foarmet in goede beskerming tsjin natuerlike fijannen as de foks (Vulpes vulpus), mar is kânsleas tsjin auto's. De wichtichste natuerlike fijân fan 'e stikelbaarch is de das (Meles meles), dy't mei syn klauwen in stikelbal útteart, sadat er by de kwetsbere bealch fan 'e stikelbaarch komme kin. Oare gefaren dy't in protte stikelbargen it libben kostje, binne fergiftiging mei ynsektisiden, sleatten en oare oerflaktewetters mei steile wâlen (dêr't se net wer út komme kinne, sadat se fersûpe) en deameand wurde troch meanmasines.

 
In stikelbaarch dy't him hjerstmis yn syn nêst weromlutsen hat.

Fan 'e sintugen fan 'e stikelbaarch binne benammen it gehoar en de rooksin tige skerp. Unbekende stoffen of nije geurkes ûndersiket de stikelbaarch mei it saneamde orgaan fan Jacobson, dat ek by slangen en hagedissen tige goed ûntwikkele is. Dat is in ekstra sintúch dat tusken it ferwulft en de noasholte yn leit. Yn spesjale sellen wurde azem en flibe op nije geur- en smaakprikels ûndersocht. Earst beknaacht of berûkt de stikelbaarch de nije stof mei grutte oandacht, dan produsearret er in hiel soad flibe. As er ienris de síntúchlike ûnderfining ferwurke hat, spuit er de flibe op syn rêch wylst er him yn de frjemdste bochten wringt. It orgaan is no wer skjin en klear foar nije prikels. It himsels 'beflybkjen' is spitigernôch yn in soad gefallen mei in symptoom fan rabiës (hûnsdûmens) betize, wylst stikelbargen no krekt net folle lêst hawwe fan dy gefaarlike en besmetlike sykte.

Nei't er út 'e wintersliep wekker wurden is, begjint foar de stikelbaarch yn maaie of juny de peartiid. It djoeien is in langduorjend leafdesspul, wêrby't de bisten hoeden te wurk geane. It mantsje en it wyfke draaie dêrby as in karûssel efterinoar oan. De draachtiid duorret by de stikelbaarch 31–35 dagen. In smeet bestiet trochinoar út 3–6 jongen, al binne smeten fan 2–10 jongen mooglik. Der binne ien of twa fan sokke smeten yn it jier. De jongen komme foar it meastepart keal en ek dôf en blyn te wrâld, mar hawwe al wol (sêfte) stikels. De jongen wurde berne yn in nêst fan gers en blêden; soms wurde ferlitten kninehoalen brûkt. Sûgjen en grutbringen wurdt troch it wyfke allinnich dien. De jongen kinne harren al nei 11 dagen oprôlje, en nei 22 dagen ferlitte se foar it earst it nêst. Mei likernôch 4–6 wiken wurde se ôfwûn, wêrnei't de mem harren ferstjit en se fierders harsels rêde kinne moatte.

 
In stikelbargejong fan ien dei âld.

It fretten fan 'e stikelbaarch bestiet út slakken, wjirms en ynsekten lykas krobben en rûpen; se binne dêrmei nuttige helpers yn 'e bestriding fan natuerlik ûnrant. Ek frette se eamels, sprinkhoannen, imerkes, bijen, meepsen, flinters, motten, earkrûpers, kakkerlakken en spinnen, en in inkele kear gripe se lytse wringedieren lykas kikkerts, hagedissen of jonge kjifdieren. Ek fûgelaaien en ies ite se inkeld wol, krekt as fruchten en poddestuollen. Bewearings dat se ek slangen deameitsje kinne, binne nea bewiisd. Trochinoar meitsje se sa'n 70 g fretten deis lytsman.

 
In stikelbaarch op it asfalt. Elts jier wurde withoefolle stikelbargen deariden yn it ferkear.

De stikelbaarch hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Neffens byleauwe en folkloare stelle stikelbargen wol apels op harren rêch en drinke molke út 'e jaren fan kij. Dêrom waard de stikelbaarch eartiids bestriden. Minsken hawwe komselden stikelbargen iten, mar yn it Dútsk hawwe sigeuners de bynamme fan "Igelfresser" krigen om't se de gewoante (hân) hawwe soene en rôlje stikelbargen yn klaai om se te roasterjen. De stikels soene dan yn 'e klaai stykjen bliuwe, sadat it bist sûnder beswier opiten wurde koe.

 
Printen fan 'e stikelbaarch.

Tsjintwurdich hat dit bist yn Nederlân en in protte oare lannen yn Jeropa de status fan beskerme bistesoarte. It bejeien en yn finzenskip hâlden fan stikelbargen is ferbean. Foar ferwûne, ferweesde en/of sike stikelbargen kin men de diere-ambulânse skilje.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770, s. 19–22.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.