Seksuele dimorfy of geslachtsdimorfy is it ferskil yn uterlik tusken eksimplaren fan it manlik en it froulik geslacht sa't dat foarkomt binnen in grut tal bistesoarten en ek wol by planten, lykas by guon rintfearren. Dêrby giet it net om 'e geslachtsorganen sels, mar om oare morfologyske ferskillen yn lichemsfoarm, lichemsgrutte of lichemskleur.

It wyfke (lofts) en it mantsje fan 'e fazant.
Mantsje (lyts) en wyfke (grut) fan 'e spinnesoarte Argiope appensa.

By de measte bistesoarten ferskille mantsjes en wyfkes net sa bot, mar by guon bisten is de seksuele dimorfy sa grut dat lang tocht is dat mantsjes en wyfkes ta ferskillende soarten hearden. By beskate fiskesoarten en wjirms waarden de (lytsere) mantsjes foarhinne beskôge as parasiten.

It komt ek foar dat him seksuele dimorfy by bisten, benammentlik fisken en einen, inkeld foardocht yn 'e djoeitiid.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.