Kareelje (republyk)

(Trochferwiisd fan Autonome Republyk Kareelje)

Kareelje (Russysk: Карелия, Karelija; Karelysk en Finsk: Karjala, Wepsysk: Karjal) is in dielrepublyk yn it noardwesten fan Ruslân, dy't foar it grutste part oerienkomt mei it eartiidske histoaryske Kareelje.

Republyk Kareelje

Республика Карелия

flagge wapen
polityk
soarte gebiet Dielrepublyk
lân Ruslân
federaal distrikt Noardwest
ekonomyske regio Noard
haadplak Petrozavodsk
grutste plak Petrozavodsk
taal Russysk
Etnyske groepen Russen (78,9%), Kareeljers (7,1 %)
(stân: 2010)
sifers
ynwennertal 603.067 (2022)
oerflak 180.520 km²
befolkingstichtens 3,34 ynw./km²
oar
stifting 1923
tiidsône UTC +3
koördinaten 63° 49' N 33° 00' E
webside Side fan Kareelje
 
kaart fan Kareelje

De republyk grinzget yn it easten oan de Wite See en yn it westen oan Finlân, dêr't it in grins fan 723 mei hat. Oanbuorjende oblasten binne Leningrad en Vologda yn it suden, Moermansk yn it noarden en Archangelsk yn it easten. Beskiedend foar it lânskip binne lykas yn Finlân it grutte tal marren. De Ladogamar en de Onegamar binne de twa grutste marren fan Europa. Meiïnoar telt de regio likernôch marren. 49 % fan de republyk bestiet út nuddelbosk, 25 % út wetter.

It 74.400 hektare hektare grutte Kalevalski-oerwâld is sûnt 2006 in nasjonaal park. It leit oan de Finske grins en foarmet ien fan de lêste oerwâlden fan Europa.

De tsjintwurdige republyk Kareelje omfiemet it histoaryske gebiet East-Kareelje en in lytser diel fan West-Kareelje. De tsjintwurdige bestjoersienheid ûnstie pas yn 1923 as diel fan de Sovjet-Uny. East-Kareelje stie al lange tiid ûnder russysk-otterdokse ynfloed. En ek al wie de befolking yn mearderheid Finsk- of Karelysktalich, polityk makke it nea diel út fan Finlân of Sweden. Yn de 18e iuw ferlear Sweden in grut part fan West-Kareelje oan Ruslân. By in oare oarloch mei Sweden yn it begjin fan de 19e iuw krige Ruslân ek de kontrole oer it tsjinwurdige Finlân.

Om de Finsk-Sweedske adel en de befolking yn 'e mjitte te kommen ferienige Ruslân de oermastere gebieten yn it Gruthartochdom Finlân, it wie in diel fan it Russyske Ryk mar it hold in relatyf grutte autonomy. East-Kareelje bleau lykwols bûten dat hartochdom en foel foar it measte ûnder it Russyske gûvernemint Olonets en in lytser diel oan it gûvernemint Archangelsk. Mei't Russen harren nei wenjen setten yn East-Kareelje rûn it oandiel fan de Finsk-Karelykse befolking bot werom.

Nei de Finske ûnôfhinklikens yn 1917 waard West-Kareelje foar in part ûnderdiel fan it nije Finlân, wylst East-Kareelje Russysk bleau. Yntusken ûnstie yn Finlân de Grut-Finlânbeweging, dy't East-Kareelje opeaske. Yn 1918 en yn 1919 foelen Finske nasjonalisten East-Kareelje binnen en besetten grutte dielen fan it Sovjet-gebiet. In opstân ûnder East-Karelyske separatisten yn novimber 1921 krige stipe fan it Finske regear, mar alhoewol't hja ynearsten súkses hiene, waard de opstân yn maart 1922 delslein.

 
Twatalich strjitnammeboerd yn Petrozavodsk

Op 25 july 1923 ûnstie de Karelyske Autonome Sosjalistyske Sovjetrepublyk (ASSR). Njonken Russysk waard Finsk de taal yn it offisjele ferkear en it gebiet krige in grut tal autonomyrjochten. Nei de nederlaach fan de East-Karelyske separatisten flechten tûzenen nei Finlân. Fan de oare kant flechten in soad 'readen' nei East-Kareelje om harren oan te sluten by de bolsjewistyske idéalen. Yn de jierren 1920 en 1930 bleau it Finsk op skoallen fan Finsktalige plakkende fiertaal, mar it oandiel fan de Kareeljers foel fan 1926 oant 1939 werom fan 37,6 % op 23,2 %. Mei de Grutte Terreur waard ek Finsk ûnderwiis yn de Karelysktalige gebieten ferbean. Mei help fan Otto Wille Kuusinen waard it Finsk noch in kear ynfierd, mar dat duorre mar oant 1956. Sûnt wurdt op skoallen gjin Finsktalich ûnderwiis mear jûn, itjinge ek ûnder de etnysk Karelyske befolking in grutte weromfal betsjutte yn it Finske taalgebrûk. Tusken 1941 en 1944 besette Finlân dielen fan East-Kareelje en mei de ôftocht fan de Finske troepen yn 1944 flechten ek tûzenen Kareeljers nei Finlân. Yn 1959 wie noch mar 17,2% fan de befolking Karelysk of Finsk en de assimilaasje fan de Kareeljers yn de Russyske mearderheid is sûnt allinne mar tanommen. Op wat folkoaristyske tradysjes nei is der fan de jimmeroan lytsere Karelyske mienskip meikoarten gjin sprake mear fan in Karelyske identiteit.

Sûnt maart 1940 wie de eardere ASSR as Karelo-Finske SSR in selstannige dielrepublyk yn de Sovjet-Uny; op 16 july 1956 folge de yndieling by de (RSFSR). Nei de opheffnig fan de Sovjet-Uny yn 1991 waard Kareelje in republyk yn de Russyske Federaasje.

Yn 2010 bestie de befolking foar 78,9% út Russen, 7,1% út Kareeljers, 3,6% út Wyt-Russen, 2,0% út Oekraïners, 1,3% út Finnen en 0,5% út Wepsen. Russen en oare folken hawwe in jimmeroan grutter diel yn de totale befolking (2010). Njonken Russysk wurdt ek Karelysk, Finsk en Wepsysk praat, mar it Russysk is sûnt de jierren 1980 de offisjele taal. De taalgroepen hawwe ek eigen kranten en radiostjoerders. De measte folken binne yn mearderheid russysk-otterdoks, allinne de Finnen binne lutherks. Offisjele sifers binne lykwols net bekend.

De volost Vepsskaja is in autonoomgebiet foar de Wepsen yn Kareelje (in volost is yn Kareelje in gemeentlik distrikt).

Bestoersyndieling en stêden

bewurkje seksje
 
Regearingsgebou (Petrozavodsk)
 
Houten Untsliepenistsjerke by Kondopoga
 
Sicht op de Nuorunen, mei 577 meter de heechste berch fan de republyk

De republyk is ûnderferdield yn 22 rajons en twa stedsdistrikten. Neffens ynwennertal folgje op de haadstêd Petrosavodsk mei ôfstan de stêden Kondopoga, Segezja en Kostomûkzja. De republyk hat meiïnoar 13 stêden en 11 plakken mei in stedsk karakter.

Grutste stêden
Namme Russysk Karelysk Ynwenners Wapen Lokaasje
Petrozavodsk Петрозаводск Petroskoi 280.890 (2022)   61° 47' N 34° 20' E
Kondopoga Кондопога Kondupohju 28.150 (2022)   62° 12' N 34° 16' E
Segezja Сегежа Segeža 25.334 (2022)   52° 43' N 41° 26' E
Kostomûkzja Костомукша Koštamuš 29.739 (2022)   64° 35' N 30° 36' E
Sortavala Сортавала Sortavala 18.600   61° 42' N 30° 40' E
Medvezjegorsk Медвежьегорск Karhumägi 13.620   62° 55' N 34° 27' E

Belangryk binne de fiskerij, de papieryndustry en houtbewurking. Ek masjinebou en metallurgy binne oanwêzich. Fanwegen de natoer hat Kareelje in soad toerisme. Der is op it eilân Kizji yn de Onegamar in iepenloftmuseum foar de lokale houten arsjitektuer.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Republik Karelien


Dielgebieten fan Ruslân  
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
  ·   ·