Sachalin (oblast)

De oblast Sachalin (Russysk: Сахалинская область/ Sachalinskaja oblast) is in bestjoersdistrikt yn de Russyske Federaasje. De oblast bestiet út it eilân Sachalin en de Koerilen en is part fan it Russyske federaasjedistrikt Fiere Easten.

Sacharin oblast

Сахалинская область

flagge wapen
polityk
soarte gebiet oblast
lân Ruslân
federaal distrikt Fiere Easten
ekonomyske regio Fiere Easten
haadplak Jûzjno-Sachalinsk
grutste plak Jûzjno-Sachalinsk
taal Russysk
Etnyske groepen Russen (84,3%)
Koreanen (5,4%)
Oekraïners (4,00%)
Tataren (1,2%) (sifers 2010)
sifers
ynwennertal 466.609 (2021)
oerflak 87.101 km²
befolkingstichtens 5,36 ynw. / km²
oar
stifting 1947
tiidsône UTC+11 MSK+8
koördinaten 50° 33' N 142° 36' E
webside www.adm.sakhalin.ru

Geografy bewurkje seksje

 
Fulkaan op de Koerilen

Sachalin wurdt troch de seestrjitte Tataresont fan it Russyske fêstelân skieden en de Koerilen foarmje in eilannebôge fan Kamtsjatka oant it Japanske eilân Hokkaidō. Oan de westlike kant fan de Tataresont leit de kraj Chabarovsk en noardlik, oan de oare kant fan de See fan Ochotsk, de kraj Kamtsjatka. Yn it suden leit de lânsgrins mei Japan en oan de oare kant dêrfan it eilân Hokkaidōm.

It eilân Sachalin is tige bercheftich, fan it noarden nei it suden is de ôfstân 948 km. De Koerilen hawwe in lingte fan 1200 km. Yn it gebiet lizze in soad fulkanen. Op de Koerilen binne 9 aktive fulkanen; ierdskoddings komme regelmjittich foar.

Grutste rivieren binne de Tym, de Porona, de Ljûtoga en de Naiba. De rivieren en it wetter om de oblast binne tige fiskryk.

Klimaat bewurkje seksje

It klimaat is rûch, ek al binne yn july en augustus dagen mei in temperatuer fan boppe de 20° gewoan. Fan novimber oant april lizze de temperatueren fan −7° oant +4°. De trochsneed temperatueren lizze nachts fan oktober oant maaie fan −18,4° oant +0,3°. Winterdeis is it kâld en de simmers binne fochtich. Yn it súdeasten is it waar mylder, yn it noardwesten is it waar op syn rûchst. Fan noard nei súd skynt de sinne nammentlik jimmeroan faker en fan west nei east nimme de dagen mei min waar ôf.

Befolking bewurkje seksje

 
Nije Bertekatedraal yn de haadstêd fan de oblast

Russen binne mei likernôch 85% de mearderheid fan de befolking. Dêrnjonken binne der gruttere Koreaanske en Oekraynske mienskippen. De tradisjonele minderheden (Koreanen, Oekraïners, Tataren en Wyt-Russen) nimme yn tal ôf, wylst it tal Nivchen, Kirgizen, Usbeken, Ameenjers en Azerbeidzjanen tanimt. Ut de Kaukasus en Sintraal-Aazje binne sûnt it ein fan de Sovjet-Uny in pear tûzen immigrearre, alhoewol't dat oantal minder is as yn oare dielen fan Ruslân.

De totale befolking fan de oblast sakket al sûnt 1989.

Lânseigen befolking bewurkje seksje

De lânseigen befolking binne de Nivchen, de Nanai, de Oroken, de Ultsen, de Orotsjen en Ewinken. Fanâlds libje hja fan it fiskjen en it fokken fan rendieren. De Ainû, dy't oant 1945 ek yn dit gebiet libben, waarden nei Japan deportearre. Mooglik binne der noch in pear Ainû yn de tige lytske Japanske mienskip fan de oblast. De lânseigen befolking yn de oblast Sachalin foarmet tsjintwurdich lykwols mar in fraksje fan de befolking en binne foar in part sterk opgien yn de Russyske mienskip.

Skiednis bewurkje seksje

De eilannen hearre sûnt de 19e iuw by Ruslân en wiene lang tusken Ruslân en Japan in kwestje fan striid. Oan it ein fan de 19e iuw leine der ferskillende wurkkampen op Sachalin. Tsjin it ein fan de Twadde Wrâldkriich oermastere de Sovjet-Uny it suden fan Sachalin en de Koerilen op Japan. Ruslân stelde de oblast yn de hjoeddeiske foarm yn 1947 yn. Foar dy tiid foel it noardlike diel fan Sachalin sûnt 1932 ûnder de kraj Fiere Easten resp. de kraj Chabarovsk.

Ekonomy bewurkje seksje

It noarden fan Sachalin hat grutte foarrieden gas en oalje. Fierder soargje houtyndustry en fiskerij foar wurkgelegenheid. De oblast heart ta de rykste oblasten fan Ruslân.

Bestjoerlike yndieling en stêden bewurkje seksje

De oblast is ûnderferdield yn 17 rajon's en ien stedsdistrikt. De iennige grutte stêd fan Sachalin is de haadstêd en it stedsdistrikt Jûzjno-Sachalinsk. Meiïnoar hat de oblast 14 stêden en 6 plakken fan it stedske type.

Wapen Namme Russyske namme stedsdistr./rajon Ynwennertal Stifting Stêd sûnt Lokaasje
  Aleksandrovsk-Sachalinski Александровск-Сахалинский Aleksandrovsk-Sachalinski 8.854 1869 1917 50° 54' N 142° 09' E.
  Aniva Анива Anivski rajon 9.638 1886 1947 46° 43' N 142° 31' E
  Cholmsk Холмск Cholmski rajon 25.677 1870 1922 47° 02' N 142° 02' E
  Dolinsk Долинск Dolinski rajon 11.740 1884 1922 47° 19' N 142° 48' E
  Jûzjno-Sachalinsk Южно-Сахалинск stedsdistrikt 181.587 1882 1915 46° 57' N 142° 44' E
  Korsakov Корсаков Korsakovski rajon 33.950 1853 1907 46° 38' N 142° 46' E
  Koerilsk Курильск Koerilski rajon 2.530 18e iuw 1947 45° 15' N 147° 53' E
  Makarov Макаров Makarovski rajon 5.848 1892 1947 48° 37' N 142° 47' E
  Nevelsk Невельск Nevelski rajon 10.608 1789 1946 46° 39' N 141° 52' E
  Ocha Оха Ochinski rajon 20.357 1908 1938 53° 35' N 142° 56' E
  Poronaisk Поронайск Poronaiski rajon 16.026 1869 1946 49° 13' N 143° 06' E
  Severo-Koerilsk Северо-Курильск Severo-Koerilski rajon 2.374 1898 1947 50° 40' N 156° 07' E
  Tomari Томари Tomarinski rajon 4.313 1870 1947 47° 46' N 142° 04' E
  Uglegorsk Углегорск Uglegorski rajon 8.041 20e iuw 1946 49° 02' N 142° 02' E

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Sachalin

  • Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 5 septimber 2022

 
Dielgebieten fan Ruslân

 

Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne