De Republyk fan de Krim (Russysk: Республика Крым, Respûblika Krym; Oekraynsk: Республіка Крим; Krimtataarsk: Qırım Cumhuriyeti) is in federale republyk fan de Russyske Federaasje. It gebiet komt oerien mei de Autonome Republyk fan de Krim, de jure in dielgebiet fan de Oekraïne.

Republyk fan de Krim

Республика Крым (Russysk)
Республіка Крим (Oekraynsk)
Qırım Cumhuriyeti (Krimtataarsk)

flagge wapen
polityk
soarte gebiet dielrepublyk
lân Ruslân
federaal distrikt Súd
ekonomyske regio Noard-Kaukasus
haadplak Simferopol
grutste plak Simferopol
taal Russysk, Oekraynsk, Krimtataarsk
Etnyske groepen Russen 65,20%
Oekraïners 15,99%, Krim-Tataren 12,59%
(Stân 2014)
sifers
ynwennertal 1.896.393 (2022)
oerflak 26.081 km²
befolkingstichtens 72,71 ynw./km²
oar
stifting 11 maart 2014
tiidsône UTC+3 MSK
koördinaten 44° 56' N 34° 06' E
webside crimea.gov.ru
Dizze side giet oer it ûnderwerp yn de Russyske Federaasje. Foar it dielgebiet fan de Oekraïne, sjoch: Autonome Republyk fan de Krim.

De haadstêd en grutste stêd fan de republyk is Simferopol. Sebastopol is grutter as Simferopol, mar makket as federale stêd fan de Russyske Federaasje gjin ûnderdiel út fan de Republyk fan de Krim. Beide binne neffens de Russyske bestjoerlike yndieling ûnderdiel fan it Federaal Distrikt Súd. Ek yn de tiid fan it Oekraynsk bewâld hie Sebastopol in aparte status.

By de lêste folkstelling fan 2014 hie de republyk 1.891.465 ynwenners.

Mei it ferslaan fan de Krim-Tataren foege Katarina de Grutte it skiereilân yn april 1783 by it Russyske Ryk. Ynearsten like it der op dat it Osmaanske Ryk de anneksaasje fan de Krim akseptearre, mar it liede dochs ta de Russyske-Turkske kriich fan 1787-1792. Sûnder súkses besocht it Osmaanske Ryk de annekaasje werom te draaien en it wie Ruslân dy't nei it ferlies fan it Osmaanske fort Izmaïl oan de Donau mei de ûndertekening fan it Ferdrach fan Jassy op 9 jannewaris 1792 de Osmaanske erkenning fan de anneksaasje wist yn te heljen. De Krim wie fan 1802 oant 1917 it súdlike diel fan it gûvernemint Taurida.

Yn de Russyske boargerkriich fan 1917 oant 1921 wiksele de Krim ferskillende kearen fan partij en it wie op't lêst it lêste diel fan Europeesk Ruslân dat noch yn hannen wie fan it Wite regear. Lang om let waard de Krim yn 1921 in autonome republyk yn de Russyske Federative Sosjalistyske Sovjetrepublyk. Om't de Krim-Tataren troch de Sovjet-autoriteiten beskuldige waarden fan kollaboraasje mei de nazy's waarden hja yn 1944 deportearre en it gebiet rekke yn 1945 de autonome status kwyt.

1954: De Krim wurdt ûnderdiel fan de OSSR

bewurkje seksje

Yn 1954 droech it presidium fan de Heechste Sovjet fan de USSR it gebiet oer oan de Oekraynske Sosjalistyske Sovjetrepublyk (OSSR), in oare dielrepublyk fan de Sovjet-Uny. Yn dy tiid waard de USSR tige sintraal bestjoerd en de grinzen tusken de beide dielrepubliken wiene mear administratyf fan aard, ek al wie de Oekraïne yn dy tiid in ôfsûnderlik lid fan de Feriene Naasjes. Healwei de jierren 1980 mochten de Krim-Tataren yn it ramt fan de perestrojka werom komme op de Krim.

Mei it ynstoarten fan de Sovjet-Uny kaam de Krim yn de doe ûnôfhinklike steat Oekraïne te lizzen, mar yn 1991 krige it gebiet syn autonome status werom. Yn 1996 waard dy autonome status mei de ratifikaasje fan de grûnwet fan de Oekraïne op 'e nij fêststeld, dy't de Krim as de 'Autonome Republyk fan de Krim' omskreau, mar ek as in 'net ôf te skieden diel fan de Oekraïne'.

Autonome Sosjalistyske Sovjetrepublyk fan de Krim

bewurkje seksje

Op 20 jannewaris 1991 waard op de Krim in referindum holden mei de fraach oan befolking oft hja de 'Autonome Sosjalistyske Sovjetrepublyk fan de Krim' wer opmeitsje woene, dy't yn 1945 ôfskaft wie, mei as útslach dat 94% fan de kiezers dat útstel stipe. Op 26 febrewaris 1992 doopte it parlemint fan de Krim de 'Autonome Sosjalistyske Sovjetrepublyk' om ta de 'Republyk fan de Krim' en op 5 maaie 1992 folge it útroppen fan de ûnôfhinklikheid. Oer dy ûnôfhinklikheid wie lykwols nea in referindum holden en it parlemint yn Kiëv draaide dy werom, de jonge republyk wie wer de 'Autonome Republyk fan de Krim'. Op 17 maart 1995 skafte it parlemint yn Kiëv ek de grûnwet fan de Krim út 1992 ôf en alle wetten en dekreten, dy't yn striid wiene mei dy fan Kiëv. Nei de ratifikaasje fan it Russysk-Oekraynske Freonskipsferdrach fan maaie 1997 waard yn de grûnwet fan 1998 it gebiet omskreaun as de 'Autonome Republyk fan de Krim'.

 
Lokaasje fan de Krim

NAFO-oefening op de Swarte See

bewurkje seksje

De spannings namen lykwols wer ta doe't Amerikaanske troepen op útnoeging fan de Oekraïne op de Krim ferskynden foar in grutte NAFO-oefening op de Swarte See. De oanwêzichheid fan Amerikaanske soldaten op it skiereilân late ta protesten fan de befolking en de troepen waarden twongen yn de barakken te bliuwen. Dyselde wike ferklearre it parlemint fan de Krim it skiereilân ta in NAFO-frije sône.[1]

Yn septimber 2008 beskuldige de Oekraynske minister fan Utlânske Saken Volodymyr Ohryzko Ruslân der fan Russyske paspoarten út te dielen oan de ynwenners fan de Krim. Op 24 augustus 2009 holden Russyske ynwenners anty-Oekraynske demonstraasjes. De parlemintariër Sergei Tsekov sei dat er hope dat Ruslân de Krim itselde behannelje soe as Súd-Ossetië en Abchaazje.

Yn 2010 wûn Viktor Janûkovitsj de ferkiezing ta president fan de Oekraïne en folge dêrmei Jûlija Timosjenko op. Ynternasjonale waarnimmers beöardielden de ferkiezingen as frij en earlik. Janûkovitsj sette him te war tsjin it assosjaasjeferdrach mei de Europeeske Uny en foar in pakket lieningen fan Ruslân. Dy hâlding late ta fûle protesten yn it lân fan pro-Europeeske oanhingers, wêrby't deaden foelen en minsken ferwûne rekken. Lang om let waard Viktor Janûkovitsj op 22 febrewaris 2014 troch it Oekraynske parlemint ôfset. Dy ôfsetting late ta grutte lilkens ûnder de pro-Russyske befolking fan de Oekraïne. It Russyske regear naam doe it beslút yn te gripen en te wurkjen oan de weromkear fan de Krim yn de Russyske Federaasje. Mei help fan de Russyske striidkrêften slaggen pro-Russyske seperatisten der yn om it gebiet yn in pear wike tiid ûnder Russyske kontrôle te krijen. It pro-Rusyske parlemint fan de Krim en de stedsried fan Sebastopol hiene no de hannen frij en kundigen op 6 maart oan in referindum te organisearjen oer in weriening mei Ruslân, ek al stie de grûnwet fan de Oekraïne dat net ta.

De boargers fan de Krim krigen yn dat referindum twa fragen foarlein:

  • Binne jo foar in werieniging fan de Krim mei Ruslân mei de rjochten fan in dielgebiet fan de Russyske Federaasje?
  • Binne jo foar de werynfiering fan de grûnwet fan de Republyk fan de Krim út 1992 en foar in status fan de Krim as diel fan de Oekraïne?

Mei dy fraachstelling stelde de oerheid fan de Krim by in 'ja' Ruslân yn steat om te stellen dat Ruslân de Krim net anneksearre hie, mar dat de Krim har soevereine foech sels útoefene hie om in fúzje mei de Russyske Federaasje nei te stribjen.

Op 11 maart furdige it parlemint fan de Krim en de ried fan Sebastopol in mienskiplike yntinsjeferklearring út om de ûnôfhinklikheid iensidich út te roppen as de befolking de earste fragen mei in 'ja' beänderje soe. Yn de yntinsjeferklearring waard eksplisyt ek nei it Kosovo-presedint ferwiist, dêr't op soartgelikense wize mei stipe fan it Westen de ûnôfhinklikens útroppen waard.

 
Undertekening fan de opname fan de Krim yn de Russyske Federaasje op 18 maart 2014 troch Vladimir Pûtin , Vladimir Konstantinov, Sergei Aksionov en Aleksei Tsjalij

De útslach fan it referindum waard op 16 maart 2014 bekend makke. De opkomst wie 81,36% en dêrfan hie in mearderheid fan 96,77% fan de befolking foar de ûnôfhinklikheid fan de Oekraïne en foar oansluting by Ruslân as in federaal dieldistrikt stimd. De ynternasjonale mienskip erkende it referindum net. De Feriene Naasjes joegen krityk op de omstannichheden weryn't it referindum holden waard en de Europeeske Uny, Kanada, Japan en de Feriene Steaten feroardielen it referindum as yllegaal. Sûnt 15 april 2014 beskôget de Oekraïne de Krim as beset gebiet.

De statusferoaring fan de Krim waard mar troch in pear lannen erkend. De Oekraïne wegere it ferlies fan de Krim te akseptearjen, mar it Oekraynske leger begûn him op 19 maart werom te lûken en op 26 maart 2014 hie Ruslân de folsleine kontrôle oer it skiereilân krigen. Yn in pear dagen tiid nei de útslach fan it referindum sette it yntegraasjeproses fan de Krim yn de Russyske Federaasje útein. Op 24 maart waard de rûbel as offisjele munt ynfierd; al bleau de Oekraynske muntienheid noch oant 1 jannewaris 2016 as betelmiddel jildich. Ek de klok waard oan de Moskouske tiid oanpast en op 31 maart kundige premier Dmitri Medvedev in rige fan programma's oan op de Krim sa soepel mooglik yn de Russyske ekonomy en ynfrastruktuer te yntegrearjen. Foar dat doel waard in spesjaal ministearje foar saken dy't de Krim oangyngen oprjochte.

Yn july 2015 ferklearre Dmitri Medvedev de foltôging fan de yntegraasje fan de Krim yn Ruslân en sa'n ferklearring folge ek yn de Russyke Feilichhheidsried.

Ruslân beskuldige de Oekraïne yn novimber 2015 der fan de levering fan elektrisiteit oan de Krim te sabotearjen. It skiereilân waard troch de tekoarten fertsjustere en de needtastân waard ôfkundige. Ruslân hat dêrnei ûnderseeske kabels lein om it skiereilân fan elektrisiteit te foarsjen. De wegering fan de Oekraïne om de hannelsbannen en de elektrisiteitslevering op te helpen, late fan Russyske kant ta it opsizzen fan de frijhannelsoerienkomst mei de Oekraïne op 1 jannewaris 2016. Tusken it skiereilân en it Russyske fêstelân waard in brêge boud.

 
Jalta, Aleksander Nevskikatedraal

Neffens de folkstelling fan it Federaal Distrikt van de Krim fan 2014 bestie de befolking fan it gebiet út:

  • Russen: 1.188.978 (65,2%)
  • Oekraïners: 291.603 (16,0%)
  • Krim-Tataren: 229.526 (12,6%)
  • Tataren: 42.254 (2,3%)
  • Wyt -Russen: 17.919 (1,0%)
  • Armeenjers: 9,634 (0,5%)

By dy folkstelling neamde 84% fan de ynwenners fan de Krim it Russysk as memmetaal, 7,9% joech it Krim-Tataarsk op, 3,7% it Tataarsk en 3,3% it Oekraynsk. Artikel 10 fan de grûnwet bepaald dat der trije offisjele talen binne op de Krim: Russysk, Oekraynsk en Krim-Tataarsk.

De ekonomy fan it skiereilân is basearre op toerisme, lânbou (wyn, fruit, rys, griente, weet), fiskerij, mynbou en natuerlike helpboarnen (metaal, titanium, aluminium, magnesium, kalsyt, sânstien, kwarts, ametist e.o.), metaallurgyske- en staalyndustry, skipsbou en -reparaasje, oalje, gas en petrogemy, gemyske yndustry, elektronika en elektryske ûnderdielen, ynstrumintebou, glês, apparaten en bou.

De mearderheid fan de befolking hinget de Russysk-Otterdokse Tsjerke oan. De Krim-Tataren foarmje in soennityske islamityske minderheid. Dêrnjonken binne der roomsk-katolike, Gryksk-katolike, Armeensk-apostolykse en joadske minderheden. Neffens sifers fan 2013 neamt likernôch 2% himsels atéist, wylst 10% fan de befolking oanjoech gjin godstsjinst te hawwen.

Op de Krim lizze sechtjin stêden. Alve dêrfan foarmje in selsstannich stedsdistrikt, fjouwer hearre by ien fan de fjirtjin rajon's en ien stêd (Alûpka) falt ûnder Jalta.

Stêd Russysk Oekraynsk Krim-Tataarsk Ynwenners Wapen Lokaasje
Simferopol* Симферополь Сімферополь Aqmescit 336.212 (2021)   44° 56' N 34° 6' E
Kertsj* Керчь Керч Kerç 151.996 (2021)   45° 20' N 36° 28' E
Jevpatorija* Евпатория Євпаторія Kezlev 108.1491 (2021)   45° 12' N 33° 21' E .
Jalta* Ялта Ялта Yalta 78.171 (2021)   44° 29' N 34° 09' E
Feodosija* Феодосия Феодосія Kefe 67.750 (2021)   45° 02' N 35° 22' E
Dzjankoj* Джанкой Джанкой Canköy 37.410 (2021)   45° 42' N 34° 23' E
Krasnoperekopsk* Краснопереко́пск Яни Капу/Краснопереко́пськ Yañı Qapı 24 660 (2021)   45° 57' N 33° 47' E
Alûsjta* Алушта Алушта Aluşta 30.194 (2021)   44° 40' N 34° 23' E
Saki* Саки Саки Saq 24.282 (2021)   45° 08' N 33° 34' E
Bachtsjisarai* Бахчисарай Бахчисарай Bağçasaray 21.239 (2021)   44° 45' N 33° 51' E
Armjansk* Армянск Армянськ Ermeni Bazar 24.282 (2021)   46° 06' N 33° 41' E
Belogorsk* Белогорск Білогірськ Qarasuvbazar 16.298 (2021)   45° 03' N 34° 36' E
Sûdak* Судак Судак Sudaq 16.235[ (2021)   44° 51' N 34° 58' E
Sjtsjolkino* Щёлкино Щолкіне Şçolkino 10.078 (2021)   45° 25' N 35° 49' E
Stari Krim* Старый Крым Старий Крим Eski Qırım 9.381 (2021)   45° 01' N 35° 05' E
Alûpka* Алупка Алупка Alupka 8.087 (2021)   44° 25' N 34° 02' E

* De transliteraasje fan de Syrillyske namme is út it Russysk wei. Dêr is foar keazen om't it Russysk fierwei de mearderheidstaal is. Boppedat giet it yn it lemma om in gebiet dat de facto yn de Russyske Federaasje falt. De aktuele ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russyske lemma.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Republic of Crimea


Dielgebieten fan Ruslân  
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
  ·   ·