Nizjni Novgorod (oblast)
Nizjni Novgorod (Russysk: Нижегородская область, Nizjegorodskaja oblast) is in oblast (bestjoerlike ienheid) yn it Europeeske diel fan de Russyske Federaasje. De oblast waard op 14 jannewaris 1929 oprjochte en omfieme oant 1934 ek it tsjintwurdige oblast Kirov.
Nizjni Novgorod oblast
Нижегородская область | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Oblast |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Wolga |
ekonomyske regio | Wolga-Vjatka |
haadplak | Nizjni Novgorod |
grutste plak | Nizjni Novgorod |
taal | Russysk |
sifers | |
ynwennertal | 3.144.254 (2022) |
oerflak | 76.624 km² |
befolkingstichtens | 41,03 ynw. / km² |
Etnyske groepen | Russen (95 %) Tataren (1,2%) stân 2002 |
oar | |
stifting | 1929 |
tiidsône | UTC +3 |
koördinaten | 56° 29' N 44° 32' E |
webside | www.government.nnov.ru |
Geografy
bewurkje seksjeDe oblast grinzget yn it noarden oan de oblasten Kostroma en Kirov, dan mei de klok mei oan de autonome republiken Mary El, Tsjûvasje en Mordoovje en oan de oblasten Rjazan, Vladimir en Ivanovo. Mei goed 75.000 km² is de oblast likernôch like grut as Eastenryk.
Haadstêd fan de oblast is de stêd mei deselde namme, Nizjni Novgorod, ien fan de grutste stêden fan Ruslân. Oare grutte plakken binne Dzerzjinsk, Sarov (eartiids Arzamas-16), Kstovo en Pavlovo. De oblast hat 28 stêden en mear as 4500 doarpen.
De oblast Nizjni Novgorod hat in goede ynfrastruktuer. Oer it gebiet rint it spoar nei Moskou, de Wolgarepubliken, de Kaukasus, Sibearje, it Russyske Fiere Easten en de Sintraal-Aziatyske lannen. It trans-Sibearyske spoar is dêrfan de belangrykste. Troch de oblast streame de rivieren de Wolga en de Oka, dy't ek wichtige ferkearsferbinings foarmje.
Skiednis
bewurkje seksjeIt foarstendom Nizjni Novgorod ûnstie neffens de Russyske tradysje yn 1221, doe't Joeri II fan Vladimir de stêd Nizjni Novgorod stifte. Yn 1350 waard de stêd de haadstêd fan it gebiet, dy't yn de 14e iuw it kulturele sintrum fan Ruslân waard en dêr't eigen munten slein waarden. Nizjni Novgorod waard oant de 14e iuw sân kear ferneatige troch de Mongoalen, ek al krige de stêd in stiennen kremlyn en in slotgrêft, mar jimmeroan waard de stêd wer opboud troch de bewenners.
Yn 1393 waard it foarstendom by Moskou foege. It waard doe in militêr bolwurk tsjin it eastlike kanaat Kazan. Nei't dat ryk oermastere waard en Ruslân yn de twadde helte fan de 16e iuw nei Sibearje útwreide, ferlear de stêd syn militêre betsjutting foar Moskou en waard mei tank oan de strategyske lokaasje de hannel belangryk.
It gûvernemint Nizjni Novgorod waard yn 1714 oprjochte mei Nizjni Novgorod as haadstêd. Dat bleau sa oant de revolúsje.
Yn de Sovjet-tiid krige it gebiet de folgjende nammen:
- 1929 Oblast Nizjni Novgorod
- 1929–1932: Kraj Nizjni Novgorod
- 1932–1936: Kraj Gorki
- 1936–1992: Oblast Gorki
Mei yngong fan 16 maaie 1992 draacht de stêd en de oblast wer de âlde namme Nizjni Novgorod.
Befolkingsûntwikkeling
bewurkje seksjeJier | 1897 | 1926 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Befolking | 1.584.774 | 2.743.007 | 3.869.887 | 3.590.813 | 3.682.484 | 3.711.617 | 3.714.322 | 3.524.028 | 3.144.254 |
Yndieling
bewurkje seksjeDe oblast Nizjni Novgorod is ferdielen yn 48 rajons en fjouwer stedsdistrikten. De stedsdistrikten binne de fjouwer grutste stêden yn de oblast, de haadstêd Nizjni Novgorod, Dzerzjinsk en Arzamas en de sletten stêd (ZATO) Sarov. Meiïnoar hat de oblast 28 stêden en 55 plakken mei in stedsk karakter.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Nischni Nowgorod
|
Dielgebieten fan Ruslân | ||
---|---|---|
Republyk | Adygeä • Altai • Basjkortostan • Boerjaasje • Chakasje • Dagestan • (Donjetsk) • Ingûsjeesje • Kabardino-Balkaarje • Kalmukje • Karatsjai-Tsjerkjesje • Kareelje • Komi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari El • Mordoovje • Noard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • Tsjûvasje • Tûva | |
Kraj | Altai • Chabarovsk • Kamtsjatka • Krasnodar • Krasnojarsk • Perm • Primorje • Stavropol • Transbaikal | |
Oblast | Amoer • Archangelsk • Astrachan • Belgorod • Brjansk • (Cherson) • Irkûtsk • Ivanovo • Jaroslavl • Kaliningrad • Kalûga • Kemerovo • Kirov • Koergan • Koersk • Kostroma • Leningrad • Lipetsk • Magadan • Moermansk • Moskou • Nizjni Novgorod • Novgorod • Oarenburch • Omsk • Orjol • Penza • Pskov • Rjazan • Rostov • Sachalin • Saratov • Smolensk • Sverdlovsk • Tambov • Tjûmen • Tomsk • Tsjeljabinsk • Tûla • Tver • Uljanovsk • Vladimir • Vologda • Voronezj • Wolgograd • (Zaporizja) | |
Autonome oblast | Joadske Autonome Oblast | |
Autonoom distrikt | Chanto-Mansje • Jamalo-Nenetsje • Nenetsje • Tsjûkotka | |
Federale stêd | Moskou • Sint-Petersburch • (Sebastopol) | |
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne | ||
· · |