Vladimir (oblast)

De oblast Vladimir (Russysk: Владимирская область; transliterearre Vladimirskaja oblast) is in oblast yn de regio Sintraal Ruslân noardeastlik fan Moskou.

Vladimir oblast

Владимирская область

flagge wapen
polityk
soarte gebiet Oblast
lân Ruslân
federaal distrikt Sintraal
ekonomyske regio Sintraal
haadplak Vladimir
grutste plak Vladimir
taal Russysk
Etnyske groepen Russen (95,6 %),
Oekraïners (0,9 %)
(stân: 2010)
sifers
ynwennertal 1.323.659 (2022)
oerflak 29.084 km²
befolkingstichtens 45,51 ynw. / km²
oar
stifting 14 augustus 1944
tiidsône UTC +3
koördinaten 56° 05' N 40° 37' E
webside www.avo.ru

De oblast leit geunstich oan goede ferbinings fan Moskou nei it easten (Nizjni Novgorod). De grutste rivieren binne de Oka en de Kljasma.

De oblast grinzget yn it noarden oan de oblast Ivanovo, yn it easten oan de oblast Nizjni Novgorod, yn it suden oan de oblast Rjazan, yn it wêst oan de oblast Moskou en yn it noardwêst oan de oblast Jaroslavl.

Oarspronklik wennen de Wolga-Finnen yn it gebiet, mar al yn de midsiuwen setten de Slaven harren yn de regio nei wenjen. Al gau foarmen hja de mearderheid fan de befolking. Yn 1157 ûnstie it Grutfoarstedom Vladimir, doe't foarst Andrei Bogoljûbski syn troan fan Kiëv nei Vladimir ferhûze. De ynvaazje fan de Mongoalen yn 1238 ferneatige alles wat opboud wie en sûnt 1362 waard Vladimir ûnderdiel fan it Grutfoarstedom Moskou.

Fan 1778 oant 1780 hearde it gebiet as de provinsje Vladimir by it gûvernemint Moskou. Yn 1780 waard it gebiet in selsstannich stedhâlderskip, dat oant 1796 bestie en doe ferfongen waard troch it gûvernemint Vladimir. Yn de tiid fan de Sovjet-Uny waard it gûvernemint yn 1929 opheft, mar op 14 augustus 1944 wer út dielen fan de trije oblasten Ivanovo, Gorki en Moskou oprjochte as de oblast Vladimir.

Bestjoersyndieling en stêden

bewurkje seksje

De oblast Vladimir is ûnderferdield yn 16 rajons en 5 stedsdistrikten. Yn de oblast is ien sletten stêd (ZATO): Radûzjny. De wichtichste stêden binne njonken it bestjoerssintrum Vladimir de grutte stêden Kovrov en Moerom en dêrnjonken Gûs-Chrûstalny, Aleksandrov en it toeristyske Sûzdal. Meiïnoar hat de oblast 23 stêden en 9 plakken fan it stedske type.

Grutste stêden
Namme Russysk Rajon Ynwenners (2022) Wapen Lokaasje
Vladimir Владимир stedsdistrikt 348.663   56° 08' N 40° 25' E
Kovrov Ковров stedsdistrikt 134.074   56° 21' N 41° 19' E
Moerom Муром stedsdistrikt 116.075   55° 34' N 42° 2' E
Aleksandrov Александров Aleksandrov 61.551   56° 08' N 40° 25' E
Gûs-Chrûstalny Гусь-Хрустальный stedsdistrikt 51.998   55° 37' N 40° 39' E
Koltsjûgino Кольчугино Koltsjûgino 41.369   56° 18' N 39° 23' E
Vjasniki Вязники Vjasniki 33.769   56° 14' N 42° 07' E

Befolkingsûntwikkeling

bewurkje seksje
Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022
Ynwenners 1.211.000 1.344.000 1.405.000 1.511.000 1.580.000 1.654.000 1.524.000 1.323.659

Yn de 19e iuw waard de flaaksferbou en -ferwurking tige wichtich yn de oblast. Hjoed-de-dei foarmje yn de oblast de swiere yndustry, de metaalferwurking en de glês- en foedingsyndustry wichtige sektoaren foar de ekonomy. Ek it toerisme spilet in rol foar de ekonomy, in tal stêden foarmje ûnderdiel fan de Gouden Ring.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Wladimir


Dielgebieten fan Ruslân  
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
  ·   ·