Aleksandrov
Aleksandrov (Russysk: Александров) is in stêd yn Ruslân. It is it bestjoerlike sintrum fan it Aleksandrovski-rajon yn de oblast Vladimir. De stêd makket diel út fan de Gouden Ring fan Ruslân en foarmet it sintrum fan in stêdekloft mei in befolking fan likernôch 112.000 ynwenners. Dêrûnder falle ek de plakken Strûnino (Струнино) en Karabanovo (Карабаново).
Aleksandrov | |
---|---|
Trije-ienheidskatedraal | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Ruslân |
Oblast | Vladimir |
Sifers | |
Ynwennertal | 57.073 (2018) |
Oerflak | 25 km² |
Befolkingstichtens | 2.195,12 ynw. / km² |
Hichte | 190 m |
Oar | |
Stifting | 1434 1778 (stêd) |
Tiidsône | UTC+3 |
Koördinaten | 56° 24' N 38° 43' E |
Webside | side stêd Aleksandrov |
Skiednis
bewurkje seksjeAleksandrov dûkt foar it earst op yn 14e-iuwske dokuminten en hiet oarspronklik "Aleksandrova Sloboda" (Алекса́ндрова слобода́, letterlik Aleksander delsetting). Oan it begjin fan de 16e iuw liet grutfoarst Vasili III dêr in lyts jachtslot ferbouwe ta in grut paleizekompleks mei meardere tsjerken. Likernôch yn deselde tiid ûntstie yn de sloboda de yn 1513 foltôge en noch jimmeroan besteande Trije-ienheidskatedraal fan it Untsliepeniskleaster.
Op 3 desimber 1564 ferliet Ivan de Ferskriklike Moskou foar in beafeart. Tsjin 21 desimber kaam er oan by it Trije-ienheid-Sergius-kleaster. Nei de beafeart gyng er net werom nei Moskou, mar nei de Aleksandrova Sloboda. Tsjin de hjerst fan 1565 waard it lân de facto fan út Aleksandrov bestjoerd. De delsetting bleau oant 1581 it politike en kulturele sintrum fan Ruslân. Yn 1571 waarden twatûzen kreaze froulju út it hiele ryk nei de delsetting helle, wêrút Ivan de Ferskriklike Marfa Sobakina as syn nije frou keas.
Nei't Ivan yn novimber 1581 syn soan, kroanprins Ivan, sa hurd sloech dat er yn koma rekke en in pear dagen letter ferstoar, ferliet er foar altiten syn residinsje. Sûnt ferfoelen de eardere ferbliuwen fan de tsaar en dêroerhinne kamen yn de Tiid fan de Reboelje nochris de Poalsk-Litouske fernielings oan it begjin fan de 17e iuw. Pas yn it midden fan de 17e iuw, doe't yn de sloboda in houten paleis foar tsaar Michael I boud waard, krige it plak wer wat oansjen. Noch wat letter waard op it lege plak fan de eardere residinsje fan Ivan de Ferskriklike in frouljuskleaster stifte, it hjoeddeiske Untsliepeniskleaster (Успе́нский монасты́рь).
Yn de 18e iuw krige de sloboda jimmeroan mear stedske bebouwing, fral oan de wei nei Moskou ûnstienen nije wenwiken. Aleksandrov krige yn 1778 offisjeel stedsrjochten en waard haadplak fan in gemeente yn de provinsje Vladimir-Kostroma (sûnt 1796: gûvernemint Vladimir). Yn de 19e iuw krige de stêd tekstylfabriken en fanôf 1870 in direkte spoarferbining mei de haadstêd Moskou. It hjoeddeiske stasjon, ien fan de monuminten fan de stêd, stamt út 1903. Mei de bou fan in radiofabryk yn Aleksandrov yn de jierren 1930 krige de stêd yn de Sovjet-tiid in nije ympuls.
Befolkingsûntwikkeling
bewurkje seksjeJier | Ynwennertal |
---|---|
1897 | 6.810 |
1939 | 27.726 |
1959 | 36.738 |
1970 | 49.911 |
1979 | 60.391 |
1989 | 68.220 |
2002 | 64.824 |
2010 | 61.551 |
2022 | 57.073 |
It besjen wurdich
bewurkje seksjeFanwegen it histoaryske belang en de noch foar in part bewarre bouwurken út de 16e iuw foarmet de stêd Aleksandrov ûnderdiel fan de Gouden Ring fan Ruslân.
It paleis fan Aleksandrovskaja Sloboda mei in tal tsjerken, lykas de Trije-ienheidskatedraal, binne it besjen wurdich. Yn it paleis binne noch tal fan saken te sjen dy't te krijen hawwe mei it libben en wurkjen fan Ivan de Ferskriklike, lykas syn troan fan ivoar. Hjoeddedei hearre dy gebouwen by it Untsliepeniskleaster.
-
Katedraal fan de Berte fan Kristus
-
Untsliepenistsjerke yn it kremlyn
-
Klokketoer (kremlyn)
-
Foarbeatsjerke
-
Troan Ivan de Ferskriklike
-
Stasjon
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aleksandrov fan Wikimedia Commons. |