Gouden Ring fan Ruslân
De Gouden Ring (Russysk: Золото́е кольцо́ / Zolotoje koltso) is in grut gebiet noardeastlik fan Moskou. Dy ring fan âldrussyske stêden is ien fan de meast ferneamde attraksjes fan Ruslân. De stêden fan de Gouden Ring tsjûgje fan de skiednis fan it ûnstean fan Ruslân. Oer de fraach hokker stêden by de Gouden Ring hearre, bestiet gjin ienriedigens. It begryp Gouden Ring waard it earst troch de skriuwer Joeri Bitsjkov (1913-2016) brûkt.
Skiednis
bewurkje seksjeDe measte stêden wiene yn it ferline otterdokse of ekonomyske sintra en/of rike delsettings fan ambachts- en keaplju. De geunstige geografyske lokaasje, nochal wat stêden lizze oan de Wolga of oan ien fan de sydrivieren, liet de stêden yn de midsiuwen bloeie. Fanôf de 12e iuw ûntwikkele de noardeastlike Rûs him as it nije sintrum fan de Kiëvske Rûs. Dat diel hie folle minder te lijen fan de driging fan de Mongoalen. Fanút de súdlike ryksdielen folge lang tiid in flechtlingenstream fan minsken om oan de oanfallen fan de Mongoalen te ûntkommen. Yn it noarden koene de oerbosken de minsken folle better tsjin fijannelike oanfallen beskermje. De Noardeastlike Rûs foarme de kymsel foar de lettere Russyske ekspânsje.
Toerisme
bewurkje seksjeYn stêden lykas Sûzdal, Uglitsj, Rostov Veliki, Sergiev Posad of Pereslavl-Zalesski liket de wrâld sa op it earste gesicht sûnt iuwen net folle feroare te wêzen. Noch jimmeroan oerhearske de klokketuorren fan prachtige katedralen dêr it stedsbyld. Jaroslavl en Vladimir binne dêr foaroer tsjintwurdich middelgrutte stêden wurden. Se steane lykwols allegear yn it skaad fan de miljoenenstêd Moskou.
De monuminten fan de regio binne yn de Sovjet-tiid better bewarre bleaun as yn in soad oare gebieten fan de Sovjet-Uny.
Oars as by in oare reisdoelen fan Ruslân hawwe de stêden fan de Gouden Ring in relatyf goede ynfrastruktuer foar toeristen. Dat hat ek te krijen mei de relatyf lytse ôfstân fan Moskou. In soad ynwenners fan Moskou brûke de wykeinen om histoaryske gebouwen te besichtigjen, mar ek bûtenlânske toeristen witte de Gouden Ring te finen. Yn de tiid fan de Sovjet-Uny slagge it bûtenlanners net om de hiele Ring yn syn gehiel te besjen. De yndustrystêd Ivanovo, sa healwei tusken Sûzdal en Kostroma, wie foar toeristen út it Westen sels in ferbean gebiet.
List fan stêden
bewurkje seksje- Aleksandrov (Александров)
- Bogoljûbovo (Боголюбово)
- Gorochovets (Гороховец)
- Gûs-Chrûstalny (Гусь-Хруста́льный)
- Ivanovo (Иваново)
- Jaroslavl (Ярослáвль)
- Joerjev-Polski
- Kaljazin (Калязин)
- Kideksja (Кидекша)
- Kostroma (Кострома)
- Moerom (Муром)
- Palech (Палех)
- Pereslavl-Zalesski (Переславль-Залесский)
- Pljos (Плёс)
- Rostov (Ростов)
- Rybinsk (Рыбинск)
- Sergiev Posad Сергиев Посад)
- Sûzdal (Суздаль)
- Tûtajev (Тута́ев)
- Uglitsj (Углич)
- Vladimir (Владимир)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Gouden Ring fan Ruslân fan Wikimedia Commons. |