Kideksja
Kideksja (Russysk: Ки́декша) is in doarpke yn it Russyske oblast Vladimir. Kideksja leit likernôch fjouwer kilometer eastlik fan Sûzdal, net fier fan de mûning fan de Kamenka yn de Nerl.
Kideksja | ||
De twa tsjerken fan Kideksja mei de skeve toer | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ruslân | |
Oblast | Vladimir | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 137 (2010) | |
Hichte | 115 meter boppe seenivo | |
Oar | ||
Stifting | 1152 (earste fermelding) |
Skiednis
bewurkje seksjeYn Kideksja stie yn de 12e iuw de residinsje fan de foarst Joeri Dolgorûki. De foarst keas it plak nei alle gedachten fanwegen de strategysk geunstige lokaasje. Dy makke it mooglik om sa oer it wetter in eintsje de stream op nei Sûzdal, dat oan de Kamenka leit, te beweitsjen.
Boris- en Glebtsjerke
bewurkje seksjeYn it doarp bleane in pear gebouwen út de 12e oant de 18e iuw beholden. Dêrûnder is de yn 1152 boude Boris- en Glebtsjerke, dy't as hôftsjerke fan de residinsje boud woarn wie. De tsjerke tsjinne ek as begraafplak foar ien fan de soannen fan Joeri Dolgorûki, prins Boris Joerijevitsj, dy't ferstoar yn 1159. Boris' frou Maria († 1161) en harren dochter Eufrosine († 1202) waarden dêr ek begroeven.
Njonken de Transfiguraasjekatedraal yn Pereslavl-Zalesski is it de âldste tsjûgenis fan de kalkstienarsjitektuer fan it foarstendom Vladimir-Sûzdal. Yn de tiid fan de ynfallen fan de Mongoalen waard it bouwurk fernield. Yn 1239 waard it nochris renovearre, mar wat letter ferfoel de tsjerke dochs noch. Pas yn de 16e en 17e iuw waard de ferfallen tsjerke yn in oare foarm wer opboud.
Yn 1780 waard njonken de Boris- en Glebtsjerke waarden de Stefanustsjerke en de achthoekige, skeve klokketoer boud.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kidekscha
|