Vladimir (stêd)
Vladimir (Russysk: Влади́мир; IPA: vlɐˈdʲimʲɪr) is in stêd yn Ruslân oan de rivier Kljazma, 200 km beëasten Moskou oan de sneldyk M7. It is de haadstêd fan it oblast Vladimir. Vladimir wie yn de Midsiuwen ien fan de haadstêden fan Ruslân. Twa fan de katedralen yn Vladimir stean op de wrâlderfgoedlist fan de UNESCO. De stêd hat in lofthaven en yn it tiidrek fan de Kâlde kriich wie dêr de fleanbasis Dobrynskoje.
Vladimir | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 315.954 (2001) | |
Oerflak | 308 km² | |
Befolkingstichtens | 1026,8 /km² | |
Hichte | 150 | |
Polityk | ||
Lân | Ruslân | |
Boargemaster | Aleksander Rybakov | |
Oar | ||
Stifting | 990 of 1108 |
SkiednisBewurkje
StiftingBewurkje
De earste fernijing fan Vladimir yn de Nestorkronyk is fan 1108, it jier wat yn it generaal as stiftingsjier fan de stêd beskôge wurdt. Der wurdt oannaam dat Vladimir Monomach de stifter en nammejouwer fan de stêd west hat. Vladimir Monomach soe de regio erfd hawwe as part fan it foarstedom Rostov-Soezdal en de soe de stêd stifte hawwe om him los te meitsjen fan de ynfloed fan de bojaren. Yn 1958 waard de 850e jierdei fan Vladimier fierd.
Yn de jierren 90 fan de 20e iuw lykwols, makke in oare teory opgong, dy't de stifting fan de stêd taskriuwt oan Vladimir I de Hillige, dy't Ruslân kristene hat. Neffens dy ferzje soe Vladimir om 990 hinne ûntstien wêze. De teory is striderij oer, omdat se Vladimir âlder meitsje soe as it yn 1024 stifte Soezdal, wylst ferskate 12e- en 13e-iuwske boarnen fernije dat Vladimir fergelike mei Soezdal en Rostov in jonge stêd wie.
Gouden IuwBewurkje
Begjin 12e iuw wie Vladimir mar in ferdigeningspost fan it foarstedom Rostov-Soezdal. Nei 1157 ferset de soan fan Vladimir Monomach, Joeri Dolgoroeki ('Joeri mei de lange earms'), de haadstêd nei Vladimir, en begjint in Gouden Iuw dy't duorje soe oant de ynfallen fan de Tataren yn Ruslân.
Yn dy perioade wie Vladimir ien fan de meast moaie stêden fan Europa, dêr't tal fan katedralen út wite stien boud waarden. Anno 2006 binne dêr noch mar trije fan oerbleaun: de Mem fan God-Fertsjerringskatedraal, de Sint Dmitrikatedraal, en de Gouden Poarte.
DelgongBewurkje
Op 8 febrewaris 1238 waard Vladimir oermastere troch de Gouden Binde ûnder Batu Khan. Pakesizzer fan Joeri Dolgoroeki, prins Joeri II, en syn famylje komme om ûnder de belegering, op de earste dei doe't al 32 gebouwen troch brân ferwoastge waarden.
Dy klap is Vladimir nea wer oerhinne kaam; hoewol't it oant mids 14e iuw de haadstêd fan Ruslân bleau, ferskode it politike sintrum stadichoan nei de nijiere stêden Moskou en Nizjny Novgorod.
BefolkingBewurkje
1811 | 1840 | 1863 | 1897 | 1914 | 1926 |
---|---|---|---|---|---|
5 700 | 12 000 | 14 700 | 28 500 | 32 700 | 40 000 |
1939 | 1956 | 1959 | 1962 | 1970 | 1976 |
66 800 | 121 000 | 154 000 | 174 000 | 234 000 | 276 000 |
1979 | 1986 | 1989 | 1996 | 2002 | 2008 |
296 400 | 336 000 | 349 700 | 339 700 | 315 954 | 339 494 |
De befolking is foar 85% ortodoks. Der is ek in katolike gemeente mei de Rosairetsjerke as gebedshûs.
Modern VladimirBewurkje
EkonomyBewurkje
Yn Vladimir binne ferskate elektrisiteitssintrales en gemyske fabriken festige; teffens fiedselferwurkjende fabriken en it is it haadkertier fan it 27e raketleger fan de Strategyske Raketstriidkrêft. It toerisme hâldt ferbân mei de histoaryske plakken yn de stêd en foarmet in wichtige boarne fan ynkommen.
UnderwiisBewurkje
Vladimir hat de folgjende ynstellingen foar heger ûnderwiis:
- Steatsuniversiteit Vladimir
- Steatsuniversiteit foar the Humanioara Vladimir (klassike talen en letterkunde)
- Judysjeel Ynstitút Vladimir fan it ministearje fan Justysje
- Sake-ynstitút Vladimir
Yn Vladimir is ek it "Federaal Sintrum foar Sûnens en Wolwêzen fan Bisten.
TransportBewurkje
Vladimir is ferbûn mei Moskou en Nizjny Novgorod fia it spoar en de M7. Lokaal ferkear wurdt fersoarge mei bussen, trolleybussen, persoanebuskes en taksys. De lêste twa binne it hiele etmaal ta jin foldwaan.
SportBewurkje
FC Torpedo Vladimir is de fuotbalklup fan de stêd, sy spylje yn de Russyske Twadde Difyzje.
Keppelings om utensBewurkje
- (in) Offisjeel webstee fan Vladimir
- Ynfomaasje Vladimir (toerisme)
- Mear oer Vladimir en oare stêden fan de Gouden Ring
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vladimir (stêd) fan Wikimedia Commons. |