Kaljazin
Kaljazin (Russysk: Калязин) is in stêd oan de Wolga yn it Russyske oblast Tver. Kaljazin leit 25 kilometer eastlik fan Kasjin en 30 kilometer súdlik fan Uglitsj. It plak is it bestjoerlike sintrum fan it rajon mei deselde namme.
Kaljazin | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ruslân | |
Oblast | Tver | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 12.294 (2021) | |
Oerflak | 10 km² | |
Befolkingsticht. | 1.229 ynw./km² | |
Oar | ||
Stifting | 1434 stêd sûnt 1775 | |
Tiidsône | UTC+3 | |
Koördinaten | 57° 14' N 37° 51' E |
Skiednis
bewurkje seksjeKaljazin ûnstie op syn lêst yn de 15e iuw en heart ta de âldste stêden fan it oblast. De earste fermelding fan de stêd datearret fan in dokumint út 1434. De namme soe út de Finsk-Ugryske taal stamme; "kala" respektivelik "kola" betsjut letterlik "fisk". It soe goed kinne dat it hjoeddeiske Kaljazin yn de midsiuwen in fiskersdoarp west hat.
Fan de 15e oant de 17e iuw wie it plak fral bekend as it eigendom fan it Trije-ienheidskleaster. Yn 1466 besocht de út Tver ôfkomstige keapman Afanassi Oant de 17e iuw ûntwikkele it kleasterdoarp him ta in grutter plak, dy't meardere plakken oan beide kanten fan de Wolga anneksearre. De organisaasje fan twa grutte jiermerken alle jierren yn de 18e iuw sette Kaljazin as plak fan hannel noch mear op de kaart. Kaljazin krige in mear stedsk oansjen en oan de Wolga waarden publike parken en promenades oanlein.
Kaljazin krige mei in dekreet fan Katarina de Grutte yn 1775 stedsrjochten en waard it haadplak fan in ûjezd. De hannel droech yn de 19e iuw fierder by oan de ekonomy en der ûnstiene tal fan bedriuwen, fral yn de skipsbou en de produksje fan filten skoaiïng. Nei de politike omslach yn 1917 ferlear de stêd syn kommersjele ynslach.
Mei de bou fan in wetterkrêftsintrale en de foarming fan in opslachmar by Kaljazin tusken 1935 en 1940 waard in grut diel fan it histoaryke sintrum fan Kaljazin ferneatige. It eardere Trije-ienheidskleaster mei alle tsjerken ferdwûn ûnder it wetter fan it Uglitsjer Opslachmar. Itselde barde mei de yn 1800 boude Nikolaaskatedraal. Allinne de klokketoer bleau as in ruïne stean op in lyts eilân yn it opslachmar. De toer is ien fan de meast belangrike trekpleisters fan Kaljazin.
Op 19 novimber 2001 kamen by in ûngelok mei in Iljûsjin-fleantúch yn Kaljazin 27 minsken om.
Befolkingsûntwikkeling
bewurkje seksjeDemografyske ûntwikkeling fan Kaljazin fan 1897 oant 2018 | ||||||||||||
Jier | 1897 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2010 | 2018 | 2021 | ||
befolking | 5.496 | 10.302 | 11.077 | 11.272 | 13.893 | 15.544 | 14.820 | 13.867 | 12.770 | 12.294 |
Ekonomy
bewurkje seksjeKaljazin is in toeristysk plak en hat net in soad yndustry. Der is tekstylyndustry en der binne fabriken foar de produksje fan masjines en skuon. Foar it oanlizzen fan boaten dy't oer de Wolga farre binne der steigers. De stêd foarmet in krúspunt fan meardere grutte wegen, wêrûnder de R104 nei Sergiev Posad. Kaljazin hat spoarferbining mei Moskou (Savjolovski stasjon), Kasjin, Uglitsj, Rybinsk, Sonkovo en Savjolovo.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kaljasin
|