Pereslavl-Zalesski

Pereslavl-Zalesski is in stêd (sûnt 1152) yn it oblast Jaroslavl yn de Russyske Federaasje.

Pereslavl-Zalesski
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Jaroslavl
Sifers
Ynwennertal 37.391 (2021)
Oerflak 23,01 km²
Befolkingstichtens 1661,82 ynw. / km²
Hichte 142 m
Oar
Stifting 1152
Tiidsône (UTC+3)
Koördinaten 56° 44' N 38° 51' E
Webside Side fan de stêd

De skiednis fan de stêd giet op it jiertal 1152 werom, doe't grutfoarst Joeri Dolgorûki, dy't fiif jier earder ek Moskou stifte, op de lokaasje in fêsting bouwe liet. De fêsting, yn dy tiid in grutte fêsting, waard yn in sompige omjouwing mei wâlen fan likernôch 2,5 kilometer lang oanlein. Allinne de fêsting fan Vladimir wie dêrmei te fergelykjen, dy't ek likernôch 2,5 kilometer lang wie.

De stêd krige de namme Pereslavl, nei de yn 907 stifte stêd Perejaslav fan de Kiëvske Rus. De tafoeging Salesski is fan lettere datum en betsjut safolle as "achter it bosk", se ferwiist nei de eardere boskrike omjouwing fan it gebiet. Pereslavl soe de haadstêd wurde fan Zalesje, dat de noardlike en westlike dielen fan it hjoeddeiske oblast Vladimir, it noardeasten it olbast Moskou en it suden fan it oblast Jaroslavl omfieme. Na de dea fan Dolgorûki rekke Pereslavl de funksje fan haadstêd kwyt.

 
Transfiguraasjekatedraal

Under Jaroslav II Vsevolodovitsj (1190-1238), de heit fan de yn 1220 berne Aleksander Nevski, waard der net allinne hearske oer Pereslavl-Zalesski, mar ek oer Dmitrov en Tver. It wie doe ien fan de belangrykste russyske foarstendommen. It ierden bolwurk en de Transfiguraasjekatedraal út de jierren 1150 de iennige noch besteande tsjûgen fan dat eardere kremlyn. De katedraal, ien fan de âldste russysk-otterdokse gebouwen, is ek bekend om 't ien fan de measte ferneamde soannen fan Ruslân, Aleksander Nevski, dêr doopt waard.

By argeologysk ûndersyk yn 2016 waard yn it sintrum fan de stêd in massagrêf ûntdutsen. Troch de likenis mei massagrêven yn Jaroslavl wolle se der op oan dat de minsken yn it grêf omkommen binne by de ynfal fan de Tataren yn 1238. Ek de jiertallen 1252 , 1281 , 1282 , 1294, 1382, 1408 en 1419 binne ferbûn oan ynfallen, plonderings en ferneatiging troch de Gouden Horde.

Yn de jierren 1276-1294 hearske Dmitri Perejaslavski, de soan fan Aleksander Nevski, grutfoarst fan Vladimir, oer Pereslavl. Hy residearre net yn Vladimir mar yn Pereslavl, sadat Pereslavl yn dat tiidrek op 'e nij de eigentlike haadstêd fan Noardeast-Ruslân wie.

Fanôf 1302 hearde Perslavl-Zalesski by it grutfoarstendom Moskou. De stêd ûntwikkele him ta in wichtich hannelsplak oan de wei fan Moskou nei Archangelsk. Yn 1608, yn de Tiid fan Unrêst, waard de stêd troch in Poalsk-Litousk leger beset. Pereslavl waard op 'e nij ferneatige en moast neitiid op 'e nij wer opboud wurde. Dêrby ûnstiene ek meardere tsjerken, dy't tsjintwurdich noch besteane. De stêd makke fral yn it midden fan de 16e iuw in grutte bloei troch, doe't Ivan de Ferskriklike goed ynvestearre yn de stêd.

Fan 1688 oant 1693 liet tsaar Peter de Grutte in rige fan lytsere kriichsskippen bouwe, it begjin fan de russyske marine.

Yn de 18e iuw hie de stêd as fêsting gjin betsjutting mear. Mei de stifting fan de earste tekstylfabriken begûn in yndustrialisaasje. Ut dy tiid datearret in tal histoaryske gebouwen yn de binnenstêd fan Pereslavl. Alles by inoar spile Pereslavl net sa'n grutte rol foar de yndustry, dat bleau ek yn de tiid fan de Sovjet-Uny wakker gelyk, itjinge mei kaam troch de wat aparte lokaasje fan de stêd: de ferbiningswei fan Moskou nei Jaroslavl lei bûten de stêd.

Befolkingsûntwikkeling

bewurkje seksje
Demografyske ûntwikkeling fan Pereslavl-Zalesski fan 1939 oant 2021
Jier 1897 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2017 2021'
Befolking 10.639 13.386 19.874 23.137 30.062 37.505 42.331 43.379 41.925 38.649 37.391

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Foar de ekonomy fan Pereslavl-Salesski is it toerisme in wichtige faktor. De stêd heart by de Gouden Ring fan Ruslân.

De hiele binnenstêd fan Pereslavl bestiet út histoaryske keapmanshûzen en de typyske russyske houten hûzen.

Belangrike monuminten binne de resten fan it eardere kremlyn mei de Transfiguraasjekatedraal, dêr't yn 1152 tagelyk mei de stifting fan de stêd de earste stien foar lein waard. De stêd telt boppedat fiif otterdokse kleasters: it Untsliepenis-kleaster (stifting yn it begjin 14e iuw); it Nikita-kleaster (stifte yn 1186), it Nikolaaskleaster (stifte 1350), it Danilov-kleaster fan de Hillige Trije-ienheid (stifte yn 1506) en it Feodorovski-kleaster (15e iuw). Belangrike tsjerken yn Perslavl-Salesski binne û.o. de Tsjerke fan de Metropolyt Peter (1585), de Katedraal fan de Vladimir-ikoan (1740) en de Aleksander-Nevskitsjerke (1740).

Yn de buert fan stêd yn it doarp Veskovo stiet it yn 1803 oprjochte museum "Boat fan Peter I", dêr't it skip "Fortuna" útstald stiet. By in brân yn 1783 gyng de hiele float ferlern, allinne de Fortuna bleau bewarre. Fierder stiet bûten de stêd yn it doarp Talitsi in Spoarmuseum.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Переславль-Залесский