Danilov-kleaster fan de Hillige Trije-ienheid (Pereslavl-Zalesski)
It Danilov-kleaster fan de Hillige Trije-ienheid (Russysk: Свято-Троицкий Данилов монастырь, Svjato-Troitski Danilov Monastir) is in aktyf russysk-otterdoks kleaster yn Pereslavl-Zalesski, Ruslân.
Danilov-kleaster fan 'e Hillige Trije-ienheid
Свято-Троицкий Данилов монастырь | ||
Untsliepeniskatedraal (wurdt brûkt foar eksposysjes) | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Jaroslavl | |
plak | Pereslavl-Zalesski | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Russysk-Otterdokse Tsjerke | |
bisdom | Pereslavl-Uglitsj | |
oprjochting | 1508 | |
opheffing | 1923 | |
weriepening | nei 1995 | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 16e en 17e iuw | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 761420079060006 | |
Webside | ||
p-danilov.ru | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe stifter fan it kleaster wie de muonts Daniil († 7 april 1540), de bychtheit fan grutfoarst Vasili III van Moskou. Under syn learlingen wie ek de muonts Gerasim fan Boldin, dy't letter it Trije-ienheidskleaster yn Dorogobûzj by Smolensk stiftsje soe.
It kleaster waard stifte op it begraafplak fan minsken sûnder hûs en earmen. De muonts Daniil hie in soad op mei dy minsken en fersoarge de begrafenissen en tsjinsten foar dy fakentiden ûnbekende minsken.
Doe't de grutfoarst in erfgenaam krige, de lettere Ivan de Ferskriklike, joech er opdracht ta de bou fan in nije Trije-ienheidskatedraal, it earste stiennen gebou fan it kleaster. Neffens de kroniken waard Daniil de petefaar fan it bern.
Yn 'e Tiid fan Unrêst waard it kleaster troch Poalsk-Litouske troepen slim teheistere; ek it lân fan it kleaster waard plondere en de boeren dy't der op buorken fermoarde. De stifter fan it kleaster waard al yn 'e 17e iuw as hillige fereare; de yn 1652 opgroeven reliken leine yn 'e Trije-ienheidskatedraal en in soad minsken pylgeren nei it kleaster.
It kleaster waard yn 'e twadde helte fan de 17e iuw werboud, fral mei help fan 'e bojaar Ivan Barjantinski, dy't it kleaster 20.000 rûbel skonk en yn 1701 yn it kleaster begroeven waard. Under lieding fan Gûri Nikitin út Kostroma waard de Trije-ienheidkatedraal yn 'e twadde helte fan 'e 17e iuw beskildere. De yn 1695 boude Pochvalinskaja-tsjerke (Tsjerke fan 'e Ferhearliking fan 'e Mem Gods) mei de refter falt op troch syn ûngewoane arsjitekturale foarmen.
Yn 'e 18e iuw stie op it kleastergebiet in seminaarje.
It kleaster waard sletten en ûntwijd yn 1923. Yn 'e Sovjet-tiid wie it terrein in masjine- en tractorstasjon. Ek is it kleaster brûkt foar it ûnderbringen fan Dútske kriichsfinzenen en in militêre opliedingsienheid.
Yn 1995 folge de weromjefte fan it kleaster oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. Sûnt binne de ferfallen gebouwen wer restaurearre en is it grûngebiet fan it kleaster wer opkreazge.
Tsjerken
bewurkje seksje- Trije-ienheidkatedraal (1530-1532)
- Alderheljentsjerke (1683 of 1687)
- Tsjerke fan it Ikoan fan 'e Mem Gods fan Tichvin (1700)
- Tsjerke fan de Ferhearliking fan 'e Mem Gods (1695)
Ofbylden
bewurkje seksje-
Tsjerke fan de Ferhearliking fan de Mem Gods
-
Hillige Poarte
-
Alderheljentsjerke
-
Klokketoer
-
Kleastermuorre
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Никитский монастырь (Переславль-Залесский)
|