Smolensk

in stêd yn Ruslân

Smolensk (Russysk: Смоленск, útsprekke as [smʌˈlʲensk]?; Wyt-Russysk: Смаленск, Smalensk; Poalsk: Smoleńsk) is in stêd yn it westen fan Ruslân (360 km súdwest fan Moskou) en leit oan de rivier Dnjepr. It is it bestjoerlik sintrum fan de Smolensk. De stêd is ferneamd nei de rivier de Smolnja, mar de oarsprong fan dy namme is net sa dúdlik. De namme soe ûntstien wêze kinne út smola dat tarre of hars betsjut. Yn de kontreien groeie in protte dinnen (Pinus), dêrom wie it fanâlds in wichtich ferwurkingssintrum fan hars. In alternative ferklearring soe it Slavyske wurd smol wêze kinne, dat 'swarte grûn' betsjut.

Smolensk

Смоленск

Maria-Himelfeartkatedraal yn Smolensk
Maria-Himelfeartkatedraal yn Smolensk
Bestjoer
Lân flagge fan Ruslân Ruslân
Oblast Smolensk
Sifers
Ynwennertal 320.170 (2021)
Oerflak 166,35 km²
Befolkingsticht. 1.924 ynw. / km²
Hichte maks. 242 m
Oar
Stifting 862
Tiidsône MSK (UTC+3)
Simmertiid UTC+4
Koördinaten 54° 47' N 32° 3' E
Offisjele webside
(ru) www.admcity.smolensk.ru

Ekonomysk fan belang foar Smolensk binne elektronika, tekstylyndustry, fiedselferwurking, diamantslypjen en masinebou foar de agraryske sektor.

De beskermhillige fan de stêd is de hillige Abraham fan Smolensk.

Nije skiednis

bewurkje seksje

Troch syn strategyske lizzing hat Smolensk faak it toaniel fan fûle fjildslaggen west. Yn 1812 kaam Napoleon by Smolensk oan, dêr't de (Earste) Slach by Smolensk syn beslach krige, dy't wûn waard troch de Frânsken. Dy slach is letter troch Leo Tolstoj yn syn roman 'Oarloch en frede' beskreaun. Likernôch 20.000 man sneuvelen.

Nei de Russyske Revolúsje kaam Smolensk oan Wyt-Ruslân. Op 1 jannewaris 1919 waard de sovjet-republyk Wyt-Ruslân útroppen yn Smolensk. Letter waard Smolensk oan de sovjetrepublyk fan de Russyske Federaasje tawiisd.

Under de Twadde Wrâldkriich wie Smolensk yn 1941 wer it toaniel fan in grutte fjildslach. Meidat de stêd yn dizze Twadde Slach by Smolensk sa lang hoekhâlde, koenen de Russen de ferdigeningslinys om Moskou hinne op oarder bringe. Foar de ferdediging fan de stêd, dêr't 93% fan de stêd by ferwoastge waard en it orzjinele ikoan (taskreaun oan Lukas) ferlern gie, waard Smolensk yn 1985 de status fan heldestêd takend.

Op 10 april 2010 stoarte by it militêr fleanfjild fan Smolensk in Poalsk regearingsfleanmasine del. Alle ynsittenden, ûnder oaren de Poalske presidint Lech Kaczyński, ferlearen it libben. De Poalske regearingsdelegaasje hie yn de omkriten fan Smolensk de betinking fan it bloedbad fan Katyn bywenje sillen.

Untjouwing ynwennertal Smolensk (1897-2005)
Jier 1897 1899 1926 1939 1959 1970 1975 2005 2021
Befolking 46.900 56.400 79.000 157.000 147.000 211.000 250.000 316.500 320.170

Bekende minsken út Smolensk

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje
 
De duvelskleau yn Smolensk