Dmitrov (Russysk: Дмитров) is in stêd yn 'e Russyske oblast Moskou, 65 kilometer noardlik fan it sintrum fan Moskou. De stêd leit oan 'e rivier de Jachroma en it Moskoukanaal, dat de haadstêd fan it lân mei de Wolga ferbynt.

Dmitrov
Kremlyn fan Dmitrov
Kremlyn fan Dmitrov
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Ruslân Ruslân
oblast Moskou
rajon Dmitrov
Sifers
Ynwennertal 63.044 (gemeente) (2024)
Hichte 160 m boppe seenivo
Oar
Tiidsône UTC +3
Koördinaten 56° 21' N 37° 32' E
Offisjele webside
Side Dmitrov
Kaart
Dmitrov (Jeropeesk Ruslân)
Dmitrov

Dmitrov waard yn it jier 1154 as fort yn 'e bosken stifte troch grutfoarst Joeri Dolgorûki ta oantinken fan 'e berte fan syn soan Vsevolod yn datselde jier. De namme ferwiist nei Sint-Demetrius, de patroanhillige fan Vsevolod.

Sûnt it iere begjin lei Dmitrov op it krúspunt fan wichtige kommunikaasjerûtes dy't Moskou, Sergiev Posad, Klin, Uglitsj, Pereslavl-Zalesski en Rostov Veliky mei inoar ferbûnen. Unbekend is wannear't Dmitrov in apart foarstedom waard, mar sûnt it jier 1334 is der yn 'e kroniken sprake fan in prins fan Dmitrov. It lytse foarstedom Dmitrov stie yn it sintrum fan 'e machtstriid tusken de twa machtige foarstedommen Moskou en Tver. Yn 1301 kamen de Russyske prinsen by inoar yn Dmitrov om in ein te meitsjen oan 'e ûnderlinge striid. Grutfoarst Andrej Aleksandrovitsj fan Vladimir, prins Michael Jaroslavitsj fan Tver, prins Ivan Dmitrejevitsj fan Pereslavl-Zalesski en prins Daniel Aleksandrovitsj fan Moskou slaggen der lykwols net yn om frede yn 'e Russyske lannen te bringen.

Sûnt 1364 waard Dmitrov by it grutfoarstedom Moskou foege, mar it hold noch in eigen foarstehûs oant 1569. Dmitrov krige yn 1374 stedsrjochten. Yn dy tiid hie Dmitrov ek slim te lijen fan 'e ynfallende Mongoalske legers. Dmitrov waard yn 1238 en 1293 twaris plondere troch de Mongoalske Tataren. Tochtamysj, de lêste khan fan de Wite Heap, liet de stêd yn 1382 yn 'e brân stekke. De lêste kear dat de stêd fan 'e Mongoalske ynfallen te lijen hie, wie yn 1408 troch troepen fan emir Edigu.

 
Dmitrov yn de 16e iuw. (1920)
Apollinari Vasnetsov (1856-1933)

Under it bewâld fan prins Joeri Ivanovitsj waard tusken 1509 en 1533 de Untsliepeniskatedraal boud. Grutfoarst Vasili III fan Moskou ferstoar yn 1533 en yn 1534 liet Elena Glinskaja, regintesse foar har soan (de nije grutprins Ivan IV, letter bekend as Ivan de Ferskriklike) prins Joeri finzen sette, om 't hja him as in bedriging beskôge foar de troan fan har soan. Prins Joeri ferstoar yn 1536 yn 'e finzenis. Nei de dea fan prins Joeri kaam de stêd yn hannen fan syn broer Andrej Ivanovitsj fan Staritsa en dêrnei yn 1537 fan syn soan prins Vladimir Adrejvitsj fan Staritsa. Doe't prins Vladimir yn 1569 eksekutearre waard, foel Dmitrov ta oan de Opritsjnina, in apart gebiet yn Ruslân bûten it normale rjochtsgebiet en bestjoerd troch de eigen Geheime Plysje fan Ivan de Ferskriklike, bekend ûnder de namme Opritsjnik. Lykas de rest fan it lân hie Dmitrov yn dy tiid slim te lijen fan 'e ûnderdrukking en de hannel makke in grutte tebekslach.

Yn de Tiid fan Unstjoer naam it werom lûkende Poalsk-Litouske leger fan Jan Sapega de stêd yn. It leger bleau net lang yn Dmitrov, mar yn 'e tiid fan 'e besetting waard it houten fort fan 'e stêd ferneatige. It fort waard nea werboud, mar de wâlen besteane noch jimmeroan.

Nei de stifting fan Sint-Petersburch yn 1703 naam de betsjutting fan 'e stêd noch fierder ta, om't it in knooppunt waard oan 'e wetterwei tusken Moskou en Sint-Petersburch. De stêd waard yn 1788 troch Katarina II beneamd ta bisdom.

Sûnt de ein fan 'e 18e iuw ûnstie der yndustrialisaasje, fral yn 'e masinebou en tekstyl. Yn 1812 besetten Frânske troepen Dmitrov, mar de stêd hie der fierder net fan te lijen en doe't de Frânsen hearden dat der Russyske troepen út Klin ûnderweis wiene, ferlieten hja de stêd sûnder slach.

 
Boris- en Glebkleaster yn de jierren 1930.

Yn 'e jierren 1930 wie yn it Boris- en Glebkleaster fan Dmitrov de kamplieding ûnderbrocht fan it kamp Dmitlag, in ûnderdiel fan it Gûlag-systeem. Oer in lingte fan 128 kilometer wurken tusken 1932-1938 likernôch 200.000 finzenen oan 'e oanlis fan in kanaal tusken Moskou en de Wolga. It kanaal waard mei grut fertoan op 15 july 1937 iepene en waard yn 1947 omdoopt yn it Moskou-Wolga-kanaal. Fuort foar de iepening fan it kanaal waard útein set mei in nije arrestaasjeweach fan 'e kamplieding en oaren; mear as 2.000 minsken waarden eksekutearre. Ek de keunstner Konstantyn Sobolevski wurke nei syn feroardieling yn it kamp. Hy waard yn 'e maaitiid fan 1936 frijlitten, mar yn juny 1937 op 'e nij oppakt en op 14 septimber 1937 eksekutearre. It kamp waard op 31 jannewaris 1938 opheft.

Twadde Wrâldkriich

bewurkje seksje

Op 26 en 27 novimber setten de Dútsers yn 'e regio in offinsyf yn op de nei it doarp Peremilovo ferneamde hichte. It offinsyf foarme ûnderdiel fan 'e Slach om Moskou súd fan Dmitrov. De Dútsers slaggen der ynearsten yn om foet oan 'e grûn te krijen, mar op 29 novimber waarden de Dútsers wer troch de Russen werom dreaun. In tsjinoffinsyf fan it Reade Leger dat dêrop folge makke it hiele rajon op 11 desimber wer frij fan ynkringers.

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1624 1649 1787 1897 1926 1931 1939 1959 1970 1979 1989
Ynwenners 700 1.300 3.000 4.500 6.400 8.500 25.029 34.518 44.489 57.418 65.237
Jier 2002 2010 2021 2024
Ynwenners 62.219 61.305 67.499 63.044

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Дмитров