Apollinari Vasnetsov
Apollinari Michailovitsj Vasnetsov (Russysk: Аполлина́рий Миха́йлович Васнецо́в) (Rjabovo, ûnder de stêd Kirov, 6 augustus 1856 - Moskou, 23 jannewaris 1933) wie in Russyske keunstskilder, tekener en grafikus. Hy spesjalisearre him yn sênes út de midsiuwske skiednis fan Moskou. [1]
Apollinari Vasnetsov | ||
keunstner | ||
Portret fan Apollinari Vasnetsov troch Nikolaj Koeznetsov, 1897 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Russysk | |
berne | 6 augustus 1856 | |
berteplak | Rjabovo | |
stoarn | 23 jannewaris 1933 | |
stjerplak | Moskou | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Keunstskilder | |
streaming | Realisme |
Biografy
bewurkje seksjeVasnetsov hie trije âldere en twa jongere bruorren. Syn iennige suster stoar doe't er fjouwer moanne âld wie. Vasnetsovs heit spile in wichtige rol yn de opfieding en oplieding fan syn soannen. Hy learde harren fan de natuer te hâlden en fertroud te reitsjen mei it libben fan fûgels en bisten. Vasnetsovs heit stoar yn 1870, wat in freeslike klap foar him wie.
Vasnetsov krige gjin formele keunstoplieding, syn jongere broer Viktor Vasnetsov learde him tekenjen en skilderjen. Yn 1883 sleat er him mei syn broer oan by de slavofile keunstnerskoloanje Abramtsevo, noardlik fan Moskou, dêr't er sterk ûnder ynfloed kaam fan Vasili Polenov. Yn 1890 makke Vasnetsov in reis troch it noarden fan it Russyske Ryk en koe er prachtige útsichten op Sibearië en de Oeral fêstlizze. Yn 1895 hold er yn de Kaukasus ta. Hy wie djip ûnder de yndruk fan de skjintme fan it rûge Kaukasusberchtme. Hy beklom de gletsjers fan 'e Elbrûs, besocht Tiflis en wenne yn 'e Darialkleau.
Yn de perioade 1898-1899 reizge er troch Europa, gie nei Frankryk en Italië, en die er mei oan eksposysjes fan de Peredvizjniki ('De swalkers'), dêr't er diel fan wie. Om de iuwwiksel hinne soe er him ferbine oan de keunstnersbeweging Mir Iskoesstva ('De wrâld fan de keunst').
Yn 1900 waard Vasnetsov lid fan de Akademy foar Skiene Keunsten yn Sint-Petersburch. Yn 1903 waard er lid fan de Feriening fan Russyske Keunstners (Союз русских художников). Fan 1901 oant 1918 late Vasnetsov de tekenklasse oan de Akademy foar Skilderkeunst, Byldhoukeunst en Arsjitektuer yn Moskou. Yn de lêste jierren fan syn libben wied er ûnder oare dwaande mei archeologysk ûndersyk.
Hy stoar yn 1933 yn de âldens fan 76 jier.
Neitins
bewurkje seksjeIt measte fan syn wurk is hjoed-de-dei te finen yn de Tretjakovgalery yn Moskou en yn it Russysk Museum yn Sint-Petersburch.
De asteroïde (3586) Vasnetsov is nei him en syn broer ferneamd[2]
Galery
bewurkje seksjeSkilderijen
bewurkje seksje-
Boreaal bosk yn it Oeralberchtme (1890)
-
De mar
-
Rodina
-
Yn it skaad fan 'e linebeammen
-
Elegy
-
It Novodevisji-kleaster
-
De rivier Kama (1895)
Skiedkundige tekeningen
bewurkje seksje-
Ivan de Grutte-plein, Kremlin, 17e iuw
-
Bely Gorod-toer, Moskou, 17e iuw
-
Ald Moskou
-
Oankomst fan de boadskippers by it Kremlin
-
Kremlin
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Apollinary Vasnetsov fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|