Vasili Polenov
Vasili Dmitrievitsj Polenov (Russysk: Василий Дмитриевич Поленов) (Sint-Petersburch, 1 juny 1844 – Borok, Oblast Toela, 18 july 1927) wie in Russysk keunstskilder.
Libben en wurk
bewurkje seksjePolenov studearre tagelyk oan de Universiteit fan Sint-Petersburch (rjochten) en oan de Russyske Keunstakademy. Al yn 1869 en 1870 wûn er wichtige prizen mei in pear fan syn earste skilderijen. Fan 1872 oant 1876 reizge er troch Jeropa en besocht er ûnder oaren Wenen, München, Feneetsje, Florâns, Napels en foar langere tiid Parys. Dêrnei wie er in skoftke werom yn Ruslân en gie doe as hofskilder nei de Russysk-Turkske Oarloch (1877-1878). Werom yn Moskou sleat er him oan by en de realistyske skildersgroep Peredvizjniki (“de swalkers”). Hy skildere meast histoaryske tafrelen, lânskippen en sjênrestikken. Teffens makke er yn dy snuorje in protte teäterdekoraasjes.
Yn 1881-1882 reizge Polenov troch it Heine Easten en Georgje en skildere op lokaasje. Letter yn 1899 hat er nochris yn dy kontreien wurke. It hat resultearre yn in rige fan 72 skilderijen, 'Ut it libben fan Jezus', dêr't er oant 1909 oan wurke hat.
Fan 1882 oant 1895 wie er learaar oan de Moskouse Hegeskoalle foar skilderkeunst, byldhoukeunst en arsjitektuer. Under syn learlingen dêre wienen ûnder oaren Konstantin Korovin, Isaak Levitan en Abram Archipov.
Polenov wie befreone mei Ilja Repin en Rafail Levitski. Hy stoar yn 1927 yn Borok, in lyts doarp ûnder Toela.
-
Jezus oan de Mar fan Gallilea
-
Op de boat; Abramtsevo, 1880
-
'Droit de seigneur', 1879
-
Portret fan N. Jakunchikova, 1882
-
Beppe har tún, 1878
-
Dreamen, 1894
-
Bylina-ferteller Nikita Bogdavov, 1876
-
Trinity-tsjerke, Abramtsevo, ûntwerp fan Polenov, 1890
-
Binnenplak yn Moskou, 1878
-
De âlde mûne, 1880
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vasiliy Polenov fan Wikimedia Commons. |