Steatsuniversiteit fan Sint-Petersburch
De Steatsuniversiteit fan Sint-Petersburch (Russysk: Санкт-Петербургский государственный университет, Sankt-Peterboerski gosoedarstvenni oeniversitet) is ien fan de âldste universiteiten fan Ruslân en fêstige yn Sint-Petersburch.
Universiteit fan Sint-Petersburch | ||
Namme | ||
Ofkoarting | SPbGU | |
Latynske namme | Universitas Petropolitana | |
Biedwurd | Hic tuta perennat | |
Lokaasje | ||
Lân | Ruslân | |
Plak | Sint-Petersburch | |
Oare bysûnderheden | ||
Type | Iepebiere universiteit | |
Oprjochting | 28 jannewaris 1724 | |
Rektor | Nikolaj Kropatsjev | |
Tal studinten | ± 32.000 | |
Tal meiwurkers | 4.055 (2004) | |
Netwurken | BRICS Universities League, Campus Europae | |
Offisjele webside | ||
spbu.ru |
Foar 1924 hie de universiteit de nammen Petersburguniversiteit, Petrograduniversiteit en Universiteit fan Sint-Petersburg. Tusken 1924 en 1948 en yn de perioade tusken 1989 en 1991 hjitte er Steatsuniversiteit fan Leningrad. Fan 1948 oant 1989 wie de namme Steatsuniversiteit fan Leningrad A. A. Zjdanov.
De universiteit waard as "Wittenskipsakademy fan Sint Petersburch" op 24 jannewaris 1724 fan tsaar Peter de Grutte oprjochte neffens iin opset fan Gottfried Wilhelm Leibniz. Sûnt 1726 waarden der ek iepenbiere koleezjes jûn. De akademy gie yn 1803 formeel ticht, mar der wie noch wol in Pedagogysk Ynstitút dat de basis waard foar de nije universiteit dy't yn 1819 iepene waard. De status fan âldste universiteit fan Ruslân wurdt dêrom ek oanstriidber: de Steatsuniversiteit fan Moskou hat ommers sûnt 1755 sûnder ûnderbrekking bestien.
De universiteit krige yn 1944 de Lenin-oarder en yn 1969 de Oarder fan de Reade Flagge fan de Arbeid.
Yn 2004 hie de universiteit sân Nobelpriiswinners ûnder har ôfstudearden.
Fakulteiten
bewurkje seksjeDe universiteit hat 19 fakulteiten.
- Tapaste wiskunde en Statistyk
- Biology en Boaimkunde
- Skiekunde
- Ekonomy
- Geografy en Geo-ekology
- Geology
- Skiednis
- Ynternasjonale Relaasjes
- Sjoernalistiek
- Rjochten
- Management
- Wiskunde en Meganika
- Medisinen
- Oriïntaalske Stúdzjes
- Filology en Keunst
- Filosofy en Politike wittenskippen
- Natuerkunde
- Psychology
- Sosjology
Ferneamde alumni
bewurkje seksjePartneruniversiteiten
bewurkje seksjeIn kar:
- Universiteit Tartu, Estlân
- Technyske Universiteit Dortmund, Dútslân
- Universiteit fan Paderborn, Dútslân
- Universiteit fan Passau, Dútslân
- Universiteit fan Potsdam, Dútslân
- Europa-Universiteit Viadrina Frankfurt (Oder), Dútslân
- Universiteit fan Greifswald (Dútslân)
- Ching Yun Universiteit (Taiwan)
- Ryksuniversiteit Grins (Nederlân)