Vladimir Pûtin

Russysk politikus
(Trochferwiisd fan Vladimir Poetin)

Vladimir Vladimirovitsj Pûtin, (Russysk: Владимир Владимирович Путин, (Leningrad, 7 oktober 1952) is in Russyske politikus en de twadde en fjirde presidint fan de Russyske Federaasje. De ôfkoarting fan syn namme (VVP) wurdt wol brûkt as syn bynamme en komt oerien mei de Russyske ôfkoarting foar "Bruto Ynlânsk Produkt" (VVP). Pûtin wurdt troch syn politike tsjinstanners as diktator sjoen, om syn ûnderdrukking fan de parsefrijheid en syn hurde optreden tsjin demonstraasjes en opstannen tsjin it regearingsbelied. By it meastepart fan de Russen is hy lykwols populêr omdat er stabiliteit, wolfeart en selsrespekt brocht hat.

Vladimir Pûtin
Владимир Путин
politikus
Pûtin yn 2021
Pûtin yn 2021
nasjonaliteit flagge fan Ruslân Russysk
bertedatum 7 oktober 1952
berteplak Leningrad, Sovjet-Uny
etnisiteit flagge fan Ruslân Russysk
partij Kommunistyske Parij fan de Sovjet-Uny (oant 1991)
• Unôfhinklik (1991-1995)
• Us hûs - Ruslân (1995-1999)
• Ienheid (1999-2001)
• Unôfhinklik (2001-2008)
Feriene Ruslân (2008-2012)
• Unôfhinklik (sûnt 2012)
Presidint fan Ruslân
amtsperioade sûnt 7 maaie 2012
foargonger Dimitri Medvedev
Premier fan Ruslân
amtsperioade 8 maaie 2008 - 7 maaie 2012
foargonger Viktor Sûbkov
opfolger Dmitri Medvedev
Presidint fan Ruslân
amtsperioade 31 desimber 1999 - 7 maaie 2008
foargonger Boris Jeltsin
opfolger Dmitri Medvedev
Premier fan Ruslân
amtsperioade 9 augustus 1999 - 7 maaie 2000
foargonger Sergei Stepasjin
opfolger Michail Kasjanov
Sekretaris fan de Feiligensried
amtsperioade 9 maart 1999 - 9 augustus 1999
foargonger Nikolai Bordjûzja
opfolger Sergei Ivanov
Direkteur fan de Feiligenstsjinst
amtsperioade 25 july 1998 - 9 maart 1999
foargonger Nikolai Kovaljov
opfolger Nikolai Patrûsjev

Hoewol't formeel sjoen binnen it Russyske bestjoerssysteem de presidint boppe de premier stiet, like it yn de praktyk Pûtin as premier noch altiten de rol fan werklike Russyske lieder te spyljen. Sa trede er by wichtige barrens meastentiids op as wurdfierder ynstee fan Medvedev en krige Pûtin op telefyzje folle mear stjoertiid as eardere premiers. Sûnt 7 maaie 2012 is Pûtin wer presidint fan Ruslân, mei Dimitri Medvedev oant 2020 as premier, dy't doe opfolge waard troc Michail Misjûstin.

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje
 
Pûtin as fiifjierrich jonkje mei syn mem yn july 1958

Vladimir Pûtin waard berne yn Leningrad, it hjoeddeistige Sint-Petersburch, as soan fan Vladimir Spiridonovitsj Pûtin en Maria Ivanova. Syn heit tsjinne yn de marine fan de Sovjet-Uny en tsjinne dêrnei yn de geheime tsjinst NKVD ûnder Josef Stalin en stie bekend as in fûl marksist-leninist. Vladimir Pûtin syn pake Spiridon Pûtin wie de priveekok fan de sovjetlieders Vladimir Lenin en Josef Stalin. Pûtin syn mem Maria wie in fromme leauwige frou fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke en soe har bern, nettsjinsteande har ateïstyske man, temûk doopt hawwe litten. Pûtin syn heit en mem hiene yn de 1930-er jierren al twa jonge soannen, Viktor en Albert. Albert ferstoar yn in pear moanne tiid en Viktor ferstoar oan diftery by it Belis fan Leningrad yn de Twadde Wrâldkriich. g Vladimir Pûtin folge syn oplieding oan de Universiteit fan Leningrad, en krige yn 1975 in diploma mei in proefskrift oer de polityk fan de Feriene Steaten en yn Afrika.

Iere karriêre

bewurkje seksje
 
Pûtin yn de KGB om 1980 hinne

Yn itselde jier nei't er syn diploma krige, sette er útein mei it wurkjen foar de KGB, dêr't er yn de bûtenlânske ynljochtingetsjinst terjochte kaam. Fan 1985 oant 1990 wenne er yn Dresden yn de doetiidske Dútske Demokratyske Republyk (DDR). Dêr wurke er by in part fan de KGB dy't politike en militêre ynljochtings opgarre. Hy wie ferantwurdlik foar it ferhearren en ynternearjen fan dissidinten, allyk foar westerske spionnen dy't de Sovjet-Uny ynkringe woene. Vladimir Pûtin krige it Eareteken fan de Sovjet-Uny.

Nei it opheffen fan de KGB-ûnderdielen en byhearrende finzenissen yn de DDR, ein 1990, kearde er werom nei Leningrad. Fan 1991 oant 1996 wie er it haad fan it Komitee Bannen om utens fan it buro fan de boargemaster fan Sint-Petersburch, sa't Leningrad wer hiet. Fan july 1998 oant augustus 1999 wie er it haad fan de Federalnaja Slûzjba Bezopasnosti (FSB), de opfolger fan de KGB.

Politike karriêre

bewurkje seksje
 
Pûtin mei Jeltsin doe't dy op 31 desimber 1999 buorkundich makke dat er opstappe soe
 
Pûtin mei Junichiro Koizumi, Jacques Chirac, Gerhard Schröder, George W. Bush en oare steatslieders by de fiering fan de Oerwinningsdei op 9 maaie 2005

Premier fan Ruslân

bewurkje seksje

Fan augustus 1999 oant 31 desimber 1999 wie er premier yn it regear fan presidint Boris Jeltsin. Hy krige yn dy snuorje it respekt fan de Russyske befolking oangeande syn hanneljen by de ûnôfhinklikensstriid yn de Russyske dielrepublyk Tsjetsjeenje. Doe't Boris Jeltsin op 31 desimber 1999 ôfgie, beneamde er Pûtin ta presidint fan de Russyske Federaasje. Pûtin sette de strideraasje yn Tstetsjeenje troch nei't er presidint waard dat ta it ferwoastgjen fan stêden en doarpen en in grut tal deaden en ferwûnen late.

Op 26 maart 2000 wûn er de presidintsferkiezings. Op 16 maart 2004 waard er fannijs keazen. Hy wie op dat stuit partijleas, mar waard stipe troch de politike partij Feriene Ruslân dy't doe op dat stuit in mearderheid yn de Steatsdûma hie. Yn septimber 2007 liet er him kieze ta listlûker fan dy partij. Hy joech oan premier wêze te wollen as Feriene Ruslân in grutte oerwinning makke by de Russyske parlemintsferkiezings fan desimber 2007 en dat der in presidint kaam dêr't er goed mei oparbeidzje koe. Earder yn septimber stelde er Viktor Sûbkov, dy't sels ek wol presidint wurde woe, oan as premier.

Om't Pûtin, neffens de grûnwet, net trije kear efterinoar oan presidint wurde koe, skode er Dmitri Medvedev nei foarren as syn opfolger. Dy beneamde him op 8 maaie 2008 as syn earste minister.

Fannijs premier

bewurkje seksje
 
Pûtin mei Dmitri Medvedev yn maart 2008

Pûtin wie fjouwer jier lang de premier. Pûtin hie neffens syn sizzen twa grutte doelen berikt yn syn twadde premierskip: it trochkommen fan de wrâldwide ekonomyske krisis en it stabilisearjen fan de befolking fan Ruslân tusken 2008 en 2011, nei in lang tiidrek fan ynkrimpen sûnt de 1990-er jierren. Yn 2011 koe er himsels wer ta beskikking stelle foar it presidintskip. Mei in oerweldigjende mearderheid skode Feriene Ruslân Dmitri Medvedev nei foarren foar it premierskip. Op 24 septimber 2011 stelde Medvedev Pûtin foar as presidint foar de parlemintsferkiezings op 4 desimber 2011, itjinge hy oannaam. It presidintskip wie ûnderwilens ferlinge foar in amtstermyn fan seis jier. Nei de presidintsferkiezings op 4 maart 2012 dêr't Pûtin 63,6% fan de stimmen wûn hawwe soe, brutsen der in soad anty-Pûtin demonstraasjes út yn Ruslân. Neffens de opposysje en bûtenlânske waarnimmers soe der op grutte skaal fraude dien wurde.

Under Pûtin syn premierskip stie de premier offisjeel ûnder de presidint, dochs efter de skermen hie Pûtin de stringen yn hannen.

Fannijs presidint

bewurkje seksje
 
Pûtin mei presidint Barack Obama by de G8-top yn Ierlân
 
Pûtin yn petear mei de Oekraynske presidint Petro Porosjenko, Dútske bûnskanselier Angela Merkel en Frânske presidint François Hollande op 17 oktober 2014

Op 7 maaie 2012 waard Pûtin op it Kremlyn fannijs beëdige as presidint mei syn politike freon Dmitri Medvedev as premier oant 2020 ta. Neffens de Russyske grûnwet kin dizze manier fan hanneljen hieltyd wer werhelle wurde, sa't Pûtin syn macht net ôf hoecht te stean. Der fûnen noch hieltyd grutskalige demonstraasjes plak yn Ruslân. Op 17 augustus 2012 waarden trije leden fan de punkband Pussy Riot feroardiele ta twa jier strafkamp om't se by in optreden protestearre hawwe tsjin Pûtin. Dy feroardieling late ta in ynternasjonaal protest.

Yn 2012 en 2013 stipen Pûtin en Feriene Ruslân wetjouwing dy't stranger optreedt tsjin de LGBT-mienskip, itjinge hja de "wet tsjin LGBT-propaganda" neamden. It hingjen fan reinbôgeflaggen waard ferbean. Dat late ta geweld tsjin homoseksuelen[1].

Yn 2017 stelde Pûtin him fannijs kandidaat foar de presidintsferkiezings yn 2018. Yn maart krige er 76% fan de stimmen en koe er úteinsette mei syn fjirde termyn. De wichtichste opposysjelieder Aleksei Navalny waard ferbean mei te dwaan. De sakeman Pavel Grûdinin, kandidaat foar de Kommunistyske Partij fan de Russyske Federaasje (KPRF) krige 12% fan de stimmen en de ultranasjonalist Vladimir Zjirinovski krige goed 5%. De Russyske media joegen hast allinnich omtinken oan Pûtin. Troch it gânse lân hinne waard sprutsen fan fraude, lykas it folstopjen fan stimbussen mei yllegale stimmen. Yntimidaasje en oare ûnrjochtlikens kamen ek foar.

Ynminging yn Syrje

bewurkje seksje

Op 30 septimber 2015 makke Pûtin buorkundich dat Ruslân him bemuoie soe yn de Syryske Boargerkriich, op fersyk fan it Syryske regear foar help tsjin opstannige rebellen en jihadisten. Russyske militêre yntervinsje bestie út bommesmiten, raketoanfallen en adviseurs oan it front tsjin de Syryske opposysje en Islamityske Steat. Op 14 maart 2015 sei Pûtin dat de missy slagge wie en kundige it fuortgean fan it grutste part fan de Russyske striidkrêften.

Ynminging yn de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2016

bewurkje seksje

Yn jannewaris 2017 kamen Amerikaanske ynljochtingetsjinsten ta de konklúzje dat Pûtin ynfloed op de útslaggen fan de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2016 út te oefenjen, oardere hie, ynearsten om de kampanje fan Hillary Clinton skea te dwaan, en letter in foarkar te jaan foar kandidaat Donald Trump. Beide, Trump en Pûtin, ûntkenden Russyske ynminging yn de ferkiezings, en joegen leaver de skuld oan de Ukraïners. Pûtin sei letter dat it Ukraïners, Tataren, Joaden of oare groepen mei in eventueel Russysk boargerskip wêze koene. Pûtin hat ek besocht him yn de ferkiezings fan 2020 te mingen.

Russysk-Oekraynske Kriich

bewurkje seksje
 
Pûtin mei de Sineeske lieder Xi Jinping op 4 febrewaris 2022 yn oanrin fan de Olympyske Winterspullen yn Beijing
  De Wikipedy hat ek in side Russysk-Oekraynske Kriich.

Pûtin is warber yn de Russysk-Oekraynske Kriich en stipet de seperatisten yn de eastlike oblasten fan de Ukraïne, dy't ûnôfhinklikens of oansluting by Ruslân neistribje. Nei de Euromaidan-protesten yn 2014 en de fal fan de pro-Russyske presidint Viktor Janûkovitsj, namen bewapene manlju yn soldate-uniformen, "de griene manlju", kontrôle oer de Krim en Sebastopel nei in referindum dêr't de mearderheid fan de befolking, dy't út etnyske Russen bestiet, fan de Krim harren útspruts foar oansluting by de Russyske Federaasje. Datselde jier waard de Krim troch Ruslân anneksearre, nettsjinsteande dat der protesten út it bûtenlân wei, benammen de Feriene Steaten en de Jeropeeske Uny, kamen.

Ek yn it easten fan de Oekraïne, yn de oblasten Donetsk en Lûhansk, mei-inoar de Donbas neamd, dêr't in soad etnyske Russen wenje, wiene der seperatistyske groepen dy't oansluting by Ruslân neistribben. Yn 2014 waarden dêre de Folksrepubliken Donetsk en Lûhansk útroppen mei stipe fan Ruslân. Yn augustus 2014 lutsen ferskate Russyske militêre reauwen de grins oer yn de oblast Donetsk.

Fan maart 2021 oant febrewaris 2022 liet Pûtin op grutte skaal militêre striidkrêften sammelje by de grins mei Ukraïne. Diplomatike ûnderhannelings tusken de Russyske presidint mei ûnder mear de Frânske presidint Emmanuel Macron en de Amerikaanske presidint Joe Biden leveren gjin resultaat.

Op 21 febrewaris erkende Pûtin yn in tillefyzjetaspraak de selsferklearre folksrepubliken Donetsk en Lûhansk as ûnôfhinklik, en ûndertekene er dokuminten dêr't dy ûnôfhinklikens offisjeel by befêstige waard. Dêrnjonken beskuldige de Russyske presidint Ukraïne derfan genoside te dwaan op it etnysk-Russyske part fan de eigen befolking. Ek beskuldige er it Westen fan agresje foar Ruslân oer.

Op 24 febrewaris moarns betiid makke Pûtin op de Russyske steatstillefyzje buorkundich dat Russyske troepen de Ukraïne ynfoelen. Syn doel wie neffens syn sizzen "de demilitarisaasje en denazifikaasje fan Ukraïne". Ek utere er syn soargen oer it neffens him driigjende útwreidzjen fan de NAFO en dat ûnderhannelings dêroer de lêste tritich jier allinnich mar "leagens en sjantaazje" oplevere hiene.

De Russyske ynvaazje fan Oekraïne fan 2022 is part fan it Russysk-Oekraynsk konflikt fan 2021 en 2022

Ynlânsk belied

bewurkje seksje
 
Pûtin mei minister fan definsje Sergej Sjojgû yn 2013

It belied fan Pûtin bestiet neffens guon kritisy út twa tsjinstridige linen. Oan de iene kant is Pûtin in foarstanner fan it liberalisearjen fan de ekonomy, en wurdt der in soad op dat mêd dien, sa as bygelyks it ynfieren fan privee-eigendom fan lânbougrûn, ferlegings fan de belestings, it ferminderjen fan de burokratyske druk op de lytse en midgrutte bedriuwen. Oan de oare kant wurdt er beskuldige autoritêr te wêzen oangeande it beheinen fan de parsefrijheid (Anna Politkovskaja), eardere geheime aginten, dy't krityk uteren ("ferrieders" lykas Aleksandr Litivenko, Sergei Skripal), oligargen mei politike ambysjes (Boris Berezovski, Michail Chdorkovski, Boris Nemtsov) en politike tsjinstanners (Aleksei Navalny, Sergei Udaltov) ferbalje, op te pakken of fergiftigje te litten. Ek wie der in grutte taname fan korrupsje ûnder syn bewâld sûnt 2000. Boppedat wurde it nasjonalisearjen fan grutte oalje- en gasbedriuwen en it oernimmen troch de steat fan ûndernimmings fan selsferrykjende oligargen troch kritisy fannijs kommunistysk en diktoriaal neamd. Demonstraasjes tsjin it regear wurde gauris troch de rebûljeplysje tsjinwurke dêr't der yn it bûtenlân troch twivele wurdt dat Ruslân wier in demokrasy is.

Hichtepunten fan it belied fan Pûtin wie ûnder oaren it herfoarmjen fan de steatstruktuer yn Ruslân. Under syn bewâld waarden de 89 dielgebieten fan Ruslân ynparte yn s♪n administrative federale distrikten mei oan it haad in presidintsjele gesant. Ek de plysje en it leger waarden herfoarme. Pûtin fynt finansjele stabiliteit tige wichtich en wol soks foar alle wissigens tefoarren komme.

Sûnt 2000 is Pûtin de de facto machthawwer fan Ruslân en yn dy snuorje hat er stadichoan syn macht fergrutte. Nei de fal fan it kommunisme waard de parse en de media reedlik frij, mar Pûtin hat dy stadichoan beheind en kritike tsjinstanners waarden twongen harren stil te hâlden. Pûtin wurdt troch syn poltike tsjinstanners derfan beskuldige it fêstigjen fan in nije diktatuer. Der is krityk op it ûnderdrukken fan de parsefrijheid en it hurde optreden tsjin demonstraasjes tsjin it regear. Ek wurdt er kritisearre fanwegen it tanimmen fan de grutte korrupsje ûnder syn bewâld en de grutte earmoede dêr't in soad Russen yn libje. Troch it fietren fan in ekonomysk belied troch ûnder oaren nepotisme en freonepolityk hat Pûtin himsels tige ferrike. Troch it takennen fan goede banen en hannelskontrakten oan syn meistanners, dy't him dêrnei geunsten werom dwaan, is Pûtin ien fan de rykste Russen ea wurden mei in rûsd fermogen fan 200 miljard dollar. Nei de Russyske ynvaazje fan Ukraïne fan 2022 op 24 febrewaris 2022 naam it biedwurd út 2014 Pûtin, chûjlo fannijs populêr.

Populariteit

bewurkje seksje

Lykwols is er by in soad Russen noch reedlik populêr, om't er reedlike stabiliteit, nij selsrespekt en ekonomyske foarútgong dy't er nei de ûnoarderlike jierren ûnder Boris Jeltsin brocht hie. De ôfkoarting fan syn namme, VVP, wurdt as syn bynamme brûkt en komt oerien mei de Russyske ôfkoarting foar "Bruto Ynlânsk Produkt".

Priveelibben

bewurkje seksje
 
Troufoto fan Vladimir en Ljûdmila Pûtin

Op 28 july 1983 boaske Pûtin Ljûdmila Sjkrebneva en se wennenfan 1985 oant 1990 yn East-Dútslân. Hja hawwe twa famkes, Marija Pûtina, berne op 28 april 1985 yn Leningrad en Jekaterina Pûtina, berne op 31 augustus 1986 yn Dresden.

Neffens geruchten soe Pûtin in oare dochter, Elizaveta, ek bekend as Luiza Rozova, berne yn maart 2003, mei Svetlana Krivonogich hawwe. Yn april 2008 hat de Moskovsky Korrespondent berjochte dat Pûtin fan Ljûdmila skaat wie om mei Olympyske medaljewinner Alina Kabaeva te boaskjen. Dat waard ûntkend en de krante ward foar in skoftke platlein. Pûtin en Ljûdmila bleaune as in echtpear iepenbier ferskinen, wylst de status fan syn relaasje mei Kabaeva ûnderwerp fan spekulaasje wiene.

Op 6 juny 2012 makken Pûtin en Ljûdmila buorkundich dat harren houlik dien wie. Op 1 april 2014 hat it Kremlyn befêstige dat de skieding offisjeel wie. Kabaeva hat yn 2015 neffens de berjochten berte oan in famke jûn, dêr't Pûtin de heit fan wêze soe. Dy berjochten waarden tsjinsprutsen. Yn 2019 joech Kabaeva berte oan twillingsoannen fan Pûtin, wylst Switserske media yn 2022 berjochten dat yn beide gefallen Kabaeva befallen wie fan in jonkje.

Pûtin hat trije pakesizzers, berne yn 2012 en 2017 troch Marija, en ien berne yn 2017 troch Jekatarina.

Pûtin is lid fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke.

 
Pûtin is warber mei judo

Pûtin mei graach fuotbal sjen en is in fan fan FC Zenit Sint-Petersburch. Hy hat ek ynteresse yn iishockey en bandy en hat op syn 63e jierderi yn in hockeyspul spile.

Pûtin hat op judo sitten sûnt er 11 jier âld wie. Sûnt er 14 wie siet er op sambo en letter ek op karate.

In March 2022, Putin was removed from all positions in the International Judo Federation (IJF)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel as foar in part oernommen fan de Ingelsktalige wikipedyside. Sjoch foar boarnen en de bewurkingsskiednis op dizze side.


  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Vladimir Putin fan Wikimedia Commons.