Bandy
Bandy is in balsport dy't op it iis spile wurdt en de foarrinner fan it iishokky en it fjildhokky. It is in doelsport dêr't twa partoeren fan alve spilers besykje om de bal yn it doel fan de tsjinstander te spyljen. It fjild is 90 oant 110 meter lang en 45 oant 65 meter breed. De sport wurdt fral spile yn it noarden fan Jeropa en is populêr yn Sweden, Noarwegen, Finlân en Ruslân. De 26 bandylannen (sifer 2017) binne ferienige yn de Federation of International Bandy, dêr't Nederlân ek yn sit.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bandy fan Wikimedia Commons. |