Untsliepeniskatedraal (Dmitrov)
De Untsliepenis- of Uspenskikatedraal (Russysk: Собор Успения Пресвятой Богородицы; Sobor Uspenija Presvjatoi Bogoroditsy) is in Russysk-otterdokse katedraal yn Dmitrov, Ruslân.
Untsliepeniskatedraal Успенский собор | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Moskou | |
plak | Dmitrov | |
koördinaten | 56° 20' N 37° 31' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | Tusken 1509 en 1533 | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 501410355560006 | |
Webside | ||
(ru) Side katedraal | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeMei de bou fan 'e katedraal waard yn 1509 yn opdracht fan prins Joeri Ivanovitsj fan Dmitrov útein set. De yn 1533 (of 1512) foltôge katedraal ferfong nei alle gedachten in âlder gebou, mar út ûndersyk die bliken dat dy foargonger op in oar plak stien hawwe moat. Unbekend is de arsjitekt fan 'e tsjerke, mar der binne ynfloeden fan Italjaanske boumasters. Der binne nammentlik oerienkomsten mei de Michaelkatedraal yn it kremlyn fan Moskou; dy't yn opdracht fan 'e heit fan prins Joeri, Ivan III fan Moskou, troch Italjaanske boumasters boud waard.
By in restauraasje fan 'e tsjerke yn 1793 waard de klassisistyske klokketoer neffens ûntwerp fan M. Agafonov boud. In trep út de twadde helte fan 'e 17e iuw ferbynt de toer mei de tsjerke.
1917
bewurkje seksjeNei de politike feroarings fan 1917 yn Ruslân bleau de katedraal noch in skoft iepen. Yn 1932 waard de katedraal op lêst fan 'e autoriteiten sletten en oerdroegen oan in museum. Healwei de jierren 1930 waarden de krusen waarden fan 'e koepels ferwidere en yn augustus 1941 waard de toer foar in part ôfbrutsen. In bombardemint yn 'e Twadde Wrâldkriich brocht noch mear skea oan it gebou.
Yn 'e jierren 1961-1965 waard de katedraal nei in lange tiid fan ferfal restaurearre. Ek is doe it boppste diel fan 'e toer wer rekonstruearre. Sûnt 1991 waard der foar it earst wer in tsjinst yn ien fan 'e kapellen tastien. By in nije restauraasje yn 'e jierren 2001-2002 waarden de koepels op 'e hoeken fan it gebou rekonstruearre. It museum krige yn 2002 nij gebou en de katedraal koe doe wer hielendal oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke werom jûn wurde. Yn juny 2003 fûn de plechtige wijing nei in restauraasje fan 'e katedraal plak.
De 17e-iuwske ikonostaze mei twa 15e-iuwske ikoanen oerlibbe it ateïstyske bewâld. Ek in grut 16e-iuwsk reliëf fan keramyk mei de foarstelling fan Sint-Joaris yn de muorre fan 'e Sergievski-kapel (rjochts fan it súdlike portaal) is bewarre bleaun. Ek oan 'e bûtenmuorren binne twa keramiken reliëfs út it midden fan 'e 16e iuw te sjen fan krusigingsfoarstellings.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|