Nikitski-kleaster (Pereslavl-Zalesski)

It Nikitski-kleaster (Russysk: Ники́тский монасты́рь) is in Russysk-otterdoksk kleaster noardlik fan 'e stêd Pereslavl-Zalesski yn de Russyske Federaasje. It kleaster is wijd oan Nikita de Goat, in kristlike martler dy't yn 372 ferstoar.

Nikitski-kleaster

Ники́тский монасты́рь

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Jaroslavl
plak Pereslavl-Zalesski
koördinaten 56° 45' N 38° 51' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochter 11e iuw of 12e iuw (?)
opheffing 1923
weriepening 1993
Ynformaasje bou
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 761721323200006
Webside
nikitskiy.cerkov.ru
Kaart
Nikitski-kleaster (Jeropeesk Ruslân)
Nikitski-kleaster

De tiid wannear't it kleaster stifte waard is in striidkwestje. Mooglik waard it kleaster yn de 11e of 12e iuw stifte, mar der binne ek boarnen dat it kleaster âlder is en troch de prins fan Rostov, Boris Vladimirovitsj (986-1015), de soan fan 'e hillige Vladmir I, stifte wêze soe.

Bekend is it kleaster fral fanwegen de pylderhillige Nikita de Stylyt, dy't dêr oant syn geweldadige dea yn 1186 libbe. It kleaster waard in soad besocht troch pylgers, dy't foar de reliken fan Sint-Nikita, syn keatlings en stiennen hoed kamen. It stiennen deksel dat de hillige droech waard yn 1735 troch de tsjerklike autoriteiten yn beslach nommen en ferdwûn.

Tusken de 13e en 15e iuw waard it kleaster ferkillende kearen troch de Gouden Heap ferneatige. Ien fan 'e bruorren, de muonts Daniel, stifte yn 'e 16e iuw yn 'e omkriten it Trije-ienheidkleaster .

 
De Nikitikatedraal (1561-1564).

Under abt Vassian begûn in bloeitiid foar it kleaster. Yn dy tiid makke Ivan de Ferskriklike fan it kleaster in fort foar syn opritsjnina, foar it gefal it Aleksandrov-fort langer gjin stân hold. Mear as ienris pylgere de tsaar mei syn famylje nei it kleaster. Yn 'e jierren 1560-1564 liet de tsaar in nije katedraal bouwe. De yn 'e 16e iuw boude muorren fan it kleaster wisten in Poalsk-Litousk belis te kearen. Yn 1611 stieken Poalsk-Litouske troepen ûnder lieding fan Jan Pjotr Sapieha (1569-1611) nei in belis fan twa wiken it kleaster yn 'e brân. In soad muontsen waarden by de ferdigening fan it kleaster deade en nei de oermastering waard de abt ôfset en ferballe. Litouske kanonnen bleaune op it kleasterterrein stean en twa dêrfan binne bewarre bleaun en te sjen yn it museum fan Pereslavl. It kleaster waard mei help fan 'e Romanov's wer renovearre. De muorren waarden tusken 1643-1645 mei in pear lytse feroarings restaurearre. Tagelyk waard ek in nije tsjerke boud, de Ferkundigingskatedraal.

It Nikitski-kleaster oerlibbe de tiid fan Katarina de Grutte, dy't foar in soad kleasters ellindich wie. Yn 'e 18e en 19e iuw waard fierder boud op it kleasterterrein.

Yn 1702 waard de Tsjernigovkapel boud, it lêste foarbyld fan 'e Pereslavl-arsjitektuer út de Ald-Russyske tiid. Oan 'e refter fan 'e Ferkundigingskatedraal waard yn 1768 in Nikolaaskapel boud en yn 'e 18e iuw waard ek in kapel boud op it plak fan 'e pylder fan Sint-Nikita (alle gebouwen binne bewarre bleaun). Oan it begjin fan 'e 19e iuw waard de poartetsjerke út de tiid fan Ivan de Ferskriklike ferfongen troch in nije, trije ferdjippings tellende klokketoer mei de Tsjerke fan 'e Aartsingel Michael.

 
De ferwaarloazge gebouwen yn 'e Sovjet-tiid.

Nei de Oktoberrevolúsje waarden it kleaster nasjonalisearre en de weardefolle saken oan it museum oerdroegen. Formeel bleau it kleaster noch oant 1923 aktyf. De gebouwen krigen yn 'e rin fan 'e tiid ferskillende funksjes. Yn 1933 waard de monumintale ikonostaze fan 'e Sint-Nikitakatedraal ferbaarnd. De katedraal waard yn 'e jierren 1960 en 1970 restaurearre, mar yn 1984 stoartte de koepel yn.

Sûnt desimber 1993 funksjonearret it kompleks wer as in otterdoks kleaster en libbet der in mienskip fan muontsen. In grutskalige restauraasje en werynrjochting fan it gebiet folge ûnder lieding fan 'e abt fan it kleaster. Yn 2013 waarden ek de katedraal restaurearre en in begjin makke oan it oanbringen fan fresko's en de weropbou fan de ikonostaze.

Gebouwen binnen de muorren:

  • Nikitski-katedraal (1561-1564)
  • Ferkundigingskatedraal mei refter (17e iuw)
  • Klokketoer (1668)
  • Klokketoer (1818)
  • Pylderkapel fan Nikita (1768)
  • Kleastergebou (1876)
  • Muorren en tuorren (1560)

Gebouwen bûten de muorren:

  • Tsjernihiv-kapel (1702)
  • Nikitskaja-kapel

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Никитский монастырь (Переславль-Залесский)