Gûs-Chrûstalny (Russysk: Гусь-Хруста́льный) is in stêd yn de oblast Vladimir yn Ruslân. De stêd leit oan de rivier Gûs (in sydrivier fan de Oka), likernôch 63 km súdlik fan Vladimir.

Gûs-Chrûstalny
Barbarakapel (1882-1885)
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Vladimir
Sifers
Ynwennertal 51.998 (2021)
Oerflak 43 km²
Befolkingstichtens 1209,26 ynw. / km²
Hichte 125 m
Oar
Stifting 1756
Simmertiid (UTC+3)
Koördinaten 55° 37' N 40° 39' E

Gûs-Chrûstalny waard healwei de 18e iuw mei de bou fan in kristalfabryk stifte. It plak krige yn 1931 de status fan stêd .

De namme fan it plak kin oerset wurde as "kristal-goes". De stêd stiet bekend as ien fan de âldste sintra fan de glêsyndustry yn Ruslân en leit oan de Gûs (oerset: goes). Alhoewol't de fûgel ek yn it wapen fan de stêd te sjen is, binne der redenen om oan te nimmen dat de namme net streekrjocht ôflaat is fan de goes, mar earder fan de Slavyske term goes foar in grutte (fan tsien liter of mear) flesse.

Befolkingsûntwikkeling

bewurkje seksje
Jier Ynwennertal
1939 40.225
1959 54.158
1970 64.516
1979 71.598
1989 76.360
2002 67.121
2010 60.784
2021 51.998

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Eksposearre glês yn de Joariskatedraal fan Gûs-Chrûstalny

Ien fan de monuminten yn de stêd is de Sint-Joariskatedraal, yn 1904 boud neffens in plan fan de arsjitekt Leonti Nikolajevitsj Benois en wijd oan de hillige Joaris. Foar in diel bleaune de fresko's fan de tserke bewarre. Op it stuit wurdt it gebou brûkt troch it Kristal Museum. Sûnt 2019 wurde der wer tsjinsten yn de katedraal holden.

De Trije-ienheidstsjerke fan de stêd stamt út 1816, doe't by de kristalfabryk yn it doedestiidske doarp in oan Anna en Joachim boude neoklassisistyske tsjerke boud waard. Yn de jierren 1848-1850 waard de tsjerke útwreide mei in refter, in Trije-ienheidskapel en in klokketoer. De tsjerke waard yn 1936 sletten en brûkt troch de brânwar, mar yn de 1989 werom jûn oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke en moast hast folslein rekonstruëarre wurde.

It keunstmjittich oanleine mar yn de stêd wurdt troch sawol toeristen as ynwenners in soad besocht.

Gûs-Chrûstalny makket diel út fan de toeristyske Gouden Ring fan Ruslân.