De oblast Omsk (Russysk: Омская область, Omskaja oblast) is in bestjoerlike ienheid yn de Russyske Federaasje. De oblast leit yn it suden fan West-Sibearje. Haadstêd is Omsk, dêr't mear as in miljoen minsken wenje.

Omsk oblast

Омская область

flagge wapen
polityk
soarte gebiet oblast
lân Ruslân
federaal distrikt Sibearje
ekonomyske regio West-Sibearje
haadplak Omsk
grutste plak Omsk
taal Russysk
Etnyske groepen Russen 85,8%
Kazachen 4,1%
Oekraïners 2,7%
Dútsers 2,6% (Stân 2010)
sifers
ynwennertal 1.879.548 (2022)
oerflak 141.140 km²
befolkingstichtens 13,32 ynw./km²
oar
stifting 7 desimber 1934
tiidsône UTC+6, MSK+3
koördinaten 56° 13' N 73° 16' E
webside www.omskportal.ru
 
De Irtysj by Tsjerlak

De oblast Omsk grinzget oan Kazachstan en de oblasten Tjûmen, Novosibirsk en Tomsk.

It grûngebiet fan de oblast is 141.140 km² grut en dat komt oerien mei 0,82% fan it oerflak fan it hiele lân.

De belangrykste rivier fan de oblast is de Irtysj, dy't op de Ob útmûnet. It noardlike diel fan de oblast bestiet fral út de taiga, dy't yn it suden oergiet op de Isjimsteppe. De hichten fariëarje fan 40 meter oan de Irtysj by Malaja Bitsja (Малая Бича) oant 150 meter boppe seenivo yn de omkriten fan Omsk.

It klimaat is kontinintaal mei kâlde en snierike winters en hite, droege simmers. De delslach is likernôch 300–400 mm yn 't jier. Yn it suden bliuwt it simmerdeis langer waarm en droech as yn it noarden.

Yn de oblast lizze 28 beskerme natoergebieten fan regionaal belang, lykas it natoerpark fan Bolsjeretsje en it fûgelgebiet by Omsk (Ptitsja Gavan; letterlik 'fûgelhaven').

De Russyske skiednis sette yn 1584 útein doe't de Kozakken ûnder lieding fan Jermak it gebiet ûnder Russyske kontrôle brocht. Om harren lânslju te beskermjen tsjin nomadyske stammen en harren bewâld feilich te stellen lieten de tsaren Fjodor I en Boris Godûnov yn it suden fan Sibearje ferskillende fersterke delsettings mei militêre bûtenposten bouwe. De earste echte Russyske delsetting wie de yn 1594 stifte stêd Tara, dy't al gau in sintrum fan de bonthannel mei Sintraal-Aazje en Sina waard.

Njonken Russen kamen der yn de 18e en 19e iuw ek in soad Dútske migranten. It perzintaazje Dútsers fan de befolking yn de oblast rint tebek, mar yn it Azovski Nemetski Natsionalnyj rajon (Азо́вский Неме́цкий национа́льный райо́н; letterlik it 'Dútske Nasjonale rajon Asovo') wennet noch in grutte Dútske mienskip, in rajon dat op 17 febrewaris 1992 nei in referindum ynsteld waard om de Dútsers as etnyske minderheid foar Ruslân te behâlden.

De oblast waard yn 7 desimber 1934 stifte.

Bestjoerlike yndieling en stêden

bewurkje seksje

De oblast Omsk is ûnderferdield yn 32 rajon's en ien stedsdistrikt (de haadstêd Omsk). Meiïnoar lizze der yn de oblast seis stêden en 21 plakken mei in stedske type. Mear as de helte fan de ynwenners wenje yn Omsk.

 
Omsker teäter
Gruttere plakken
Stêd */ Delsetting mei stedsk karakter Russysk Ynwennertal Wapen Lokaasje
Omsk Омск 1.126.193 (2022)   54° 58' N 73° 23' E
Tara Тара 28.527 (2022)   56° 54' N 74° 22' E
Isilkûl Исилькуль 21.693 (2022)   54° 54' N 71° 15' E
Kalatsjinsk Калачинск 21.885 (2022)   55° 03' N 74° 35' E

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022
Ynwenners 1.122.000 1.390.000 1.645.000 1.824.000 1.954.000 2.140.000 2.079.200 1.879.548

It trans-Sibearyske spoar rint troch it suden fan de oblast.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 9 augustus 2022

Dielgebieten fan Ruslân  
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
  ·   ·