Magadan (oblast)
De oblast Magadan (Russysk: Магаданская область; Magadanskaja oblast) is in bestjoersdistrikt yn it fiere easten fan Ruslân.
Magadan oblast
Магаданская область | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Oblast |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Fiere Easten |
ekonomyske regio | Fiere Easten |
haadplak | Magadan |
grutste plak | Magadan |
taal | Russysk |
Etnyske groepen | Russen 81,49% Oekraïners 6,28% Evenen 1,68%, Tataren 0,9% Wyt-Russen 0,70% (Stân 2010) |
sifers | |
ynwennertal | 137.767 (2022) |
oerflak | 462.464 km² |
befolkingstichtens | 0,3 ynw./km² |
oar | |
stifting | 3 desimber 1953 |
tiidsône | UTC+11:00, MSK+8 |
koördinaten | 62° 54' N 153° 42' E |
webside | www.magadan.ru |
It gebiet is tige tin befolke en mear as de helte fan alle ynwenners wenje yn de haadstêd mei deselde namme.
Geografy
bewurkje seksjeDe oblast leit oan de See fan Ochotsk en omfiemet in diel fan it East-Sibearyske Berchlân, fral it Kolymaberchtme. Likernôch de helte fan it gebiet ûntwettert op de See fan Ochtotsk, de oare helte op de Kolyma. It oerflak is mei 462.464 km² net folle grutter as Sweden.
Befolking
bewurkje seksjeDe Russyske kolonisaasje sette yn de 17e iuw útein. Yn de Sovjet-Uny stie dit diel fan it lân op in minne namme troch it grutte tal strafkampen. De stêd Magadan waard yn 1939 stifte as in stasjon, dêr't twangarbeiders fierder nei de minen transportearre waarden. Folle mear as oare gebieten fan de Russyske Federaasje wenje de measte minsken yn de oblast Magadan yn stêden. Yn 2020 wie dat 97,73%.
It al tin befolke gebiet hat sûnt 1989 in hiel soad ynwenners ferlern. Fan 1989 oant 2010 rûn it ynwennertal mei wol 60% tebek. Ek minderheden lykas Oekraïners, Wyt-Russen en Tataren binne yn grutte tallen ferhûze.
Oant yn de tiid fan Joazef Stalin wennen der hast gjin minsken. By in earste folkstelling yn de Sovjet-Uny wennen yn it hiele gebiet mar 7000 minsken. De befolking naam troch de deportaasje fan twangarbeiders ta en neffens de folkstelling fan 1939 wennen der al 149.712 minsken.
Befolkingsûntwikkeling
bewurkje seksjeSûnt de ûntbining fan de Sovjet-Uny binne hiele doarpen ûntfolke. Ek de stedsbefolking is sûnt 1989 sterk ôfnommen. It oandiel fan de stedske befolking yn de oblast is lykwols wol tanommen.
Jier | 1927 | 1930 | 1940 | 1950 | 1961 | 1970 | 1980 | 1990 | 2000 | 2010 | 2020 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwennertal* | 12.000 | 20.200 | 178.000 | 161.700 | 245.000 | 352.481 | 478.000 | 390.276 | 201.974 | 156.996 | 140.149 | 137.767 |
* Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 2 augustus 2022
Lânseigen befolking
bewurkje seksjeFoar de Oktoberrevolúsje bestie de befolking fan it gebiet hast allinne út de oarspronklike bewenners, ek al hearde it gebiet doe al mear as 200 jier by it Russyske Ryk. Nei't Stalin mei de deportaasje nei de strafkampen begûn en it ûntdekken fan grûnstoffen feroare dat. Tsjintwurdich foarmet de lânseigen befoking mar in lytse minderheid fan likernôch 6.000 minsken (2002: 5995, 2010: 5854).
Ekonomy
bewurkje seksjeMynbou is de belangrykse pylder fan de ekonomy fan it gebiet. Benammen goud, sulver en tin wurdt fûn. Ek is de fiskerij en de enerzjywinning fan belang.
Stêden
bewurkje seksjeYn de oblast is der njonken Magadan noch de stêd Sûsûman. Dêrnjonken wiene der noch 28 plakken mei in stedsk karakter, mar troch it tebekrinnende ynwennertal hawwe guon dêrfan dy status yntusken formeel ferlern.
Stêd */ Delsetting mei stedsk karakter | Russysk | Ynwennertal (1989) | Ynwennertal | Wapen | Lokaasje |
---|---|---|---|---|---|
Jagodnoje | Ягодное | 11.024 | 2.767 (2022) | 62° 31' N 149° 37' E | |
Magadan* | Магадан | 151.652 | 91.432 (2022) | 59° 34' N 150° 48' E | |
Ola | Ола | 10.122 | 5.985 (2022) | 59° 34' N 151° 18' E | |
Omsûktsjan | Омсукчан | 9.873 | 3.565 (2022) | 62° 30' N 155° 46' E | |
Palatka | Палатка | 10.496 | 3.751 (2022) | 60° 06' N 150° 56' E | |
Sokol | Сокол | 8.011 | 4.779 (2022) | 59° 54' N 150° 43' E | |
Sûsûman* | Сусуман | 16.818 | 4.195 (2022) | 62° 47' N 148° 09' E | |
Ust-Omtsjûg | Усть-Омчуг | 11.343 | 2.659 (2022) | 61° 09' N 149° 38' E |
* Ynwennertallen binne ôfkomstich fan it Russysktalige lemma, oproppen op 2 augustus 2022
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Magadan
|