Russyske Fiere Easten

(Trochferwiisd fan Fiere Easten (Ruslân))

It Russyske Fiere Easten (Russysk: Дальний Восток России) is in regio yn noardeast-Aazje. It is it eastlikste part fan de Russyske Federaasje en it kontinint Aazje en leit tusken de Baikalmar yn East-Sibearje en de Grutte Oseaan. De grutste stêd fan de regio is Chabarovsk en de twadde stêd is Wladiwostok.

Federaal distrikt Fiere Easten
It Russyske Fiere Easten op geografysk mêd
Dizze side giet oer it Russyske Fiere Easten. Foar it gânse Aziatyske Fiere Easten, sjoch: Fiere Easten.

De regio grinzget oan Mongoalje, Sina en Noard-Koreä yn it suden, de Grutte Oseaan en de Beringstrjitte yn it easten en de Noardlike Iissee yn it noarden. It Russyske Fiere Easten wurdt om utens gauris beskôge as part fan Sibearje, dochs wurde yn Ruslân as twa ûnderskate regio's sjoen, alhoewol't der foar it jier 2000 gjin fêste grinzen fan wiene. Yn de Sovjet-tiid waard de regio wol as Sovjet Fiere Easten.

 
Oan de Amoer yn Chabarovsk

Yn Ruslân wurdt de regio ornaris oantsjut as "Fiere Easten" (Дальний Восток). Itjinge yn Fryslân bekend is as Fiere Easten, is de eurosintryske oantsjutting fan East-Aazje. (Восточная Азия).

 
Birobidzjan

De Russen berikten de kusten fan de Grutte Oseaan yn 1647 en stiften it plak Ochotsk. It Russyske Keizerryk wreide yn de njoggentjinde iuw syn kontrôle oer it Fiere Easten út nei de anneksaasje fan part fan it Sineeske Mantsjoerije. Yn 1856 waard de oblast Primorje as in provinsje fan it Russyske keizerryk oprjochte, mei Chabarovsk as haadstêd.

Ferskate bestjoerlike ienheden mei de namme "Fiere Easten" hawwe yn de earste helte fan de tweintichste iuw bestien, lykwols net mei deselde grinzen:

Oant 2000 hie it Russyske Fiere Easten gjin fêste grinzen. Mei de term "Sibearje en it Fiere Easten" (Сибирь и Дальний Восток) waard gauris ferwiisd nei de Russyske regio's eastlik fan de Oeral sûnder in fêste ûnderskaat tusken "Sibearje" en it "Fiere Easten".

Yn 2000 waarden de dielgebieten fan Ruslân yn groepn yndield yn federale distrikten. It Federaal distrikt Fiere Easten omfiemet de oblasten Amoer, Kamtsjatka, Magadan en Sachalin, de autonome distrikten Tsjûkotka en Korjakje, de krajs Chabarov en Primorje, de Joadske Autonome Oblast, en de republyk Jakûtsje. Yn 2018 waarden de kraj Transbaikal en de republyk Boerjaasje fan it Federaal distrikt Sibearje nei it Fiere Easten oerhevele.

It Federale distrikt Fiere Easten hat in oerflak fan 6,2 miljoen kante kilometer en beslacht in tredde fan it totale Russyske oerflak.

 
De fulkaan Korjakski yn Kamtsjatka

It Russyske Fiere Easten wurdt yn it westen fan Jakûtsje skaaimerke troch it heuveleftige Midsibearysk Berchlân. Mei útsûndering fan it Leechlân fan Kolyma yn it noardeasten fan Jakûtsje is it gebiet reedlik bercheftich. De wiichtichste berchtmen binne it Jablonovyberchtme (súdwesten), it Stanojovberchtme (suden), Sichote-Alin (kraj Primorje), Dzjûgzjoerberchtme (westlik fan de See fan Ochotsk), Verchojanskberchtme (Sintraal-Jakûtsje), Tsjerkisberchtme (eastlik Jakûtsje) en it Sintraal Berchtme (Kamtsjatka). It heechste punt is de fulkaan Kljûtsjevskaja Sopka mei in hichte fan 4.750 meter op Kamtsjatka, dêr't ek de grutste geiserdelling fan Jeraazje is.

It gebiet wurdt bedutsen troch Arktyske tûndra yn it noarden en taigabosk yn it sintrale part. Likernôch 75% is bedutsen mei permafrost. Yn it suden lizze de fruchtbere rivierdellings fan de Amoer en Ussoeri. Oare wichtige rivieren binne de Olenjok, Lena, Jana, Indigirka en Kolyma yn it noarden en de Anadyr en Kamtsjatka yn it easten.

It klimaat rint útien fan poalklimaat oant subtropysk mei temperatueren dy't útinoar rinne fan likernôch −50 °C yn de winter yn noardeastlik Jakûtsje oant 40 °C yn de simmer yn de súdlike rivierdellings fan de Amoer en Ussoeri.

 
Wladiwostok yn 2015
 
Ostrogtoer fan it 17e iuwsk Russyske fort yn Jakûtsk
 
Ien fan de Kûrilen

Neffens de Russyske folkstelling fan 2010 telde it Federale distrikt Fiere Easten 6.293.129 ynwenners. It grutste part wennet yn de súdlike parten. It Russyske Fiere Easten hat in befolkingstichtens fan 1 ynwenner /km² dêr't er it ien fan de tin befolktste gebieten yn de wrâld mei is. De befolking fan it Fiere Easten is sûnt de ynstoarting fan de Sovjet-Uny drastyskm ôfnommen; likernôch 14% yn de lêste 15 jier. De Russyske oerheid besiket troch ferskate werbefolkingsprogramma's om it Fiere Easten op ien of oare manier te befolkjen. It grutste part fan de befolking bestiet út etnyske Russen en Oekraïners.

75% fan de befolking wennet yn stêden. De grutste stêden binne:

Stêd Russysk Ynwenners
2020
Chabarovsk Хабаровск 613.480
Wladiwostok Владивосток 600.871
Ulan-Ude Улан-Удэ 437.514
Tsjita Чита 350.861
Jakûtsk Якутск 330.615
Komsomolsk oan de Amoer Комсомольск-на-Амуре 239.386
Blagovesjtsjensk Благове́щенск 225.757
Jûzjno-Sachalinsk Ю́жно-Сахали́нск 200.235
Petrapovlovsk-Kamtsjatki Петропавловск-Камчатский 179.367
Ussoeryjsk Уссури́йск 172.942
Nachodka Нахо́дка 142.673

Lânseigen folken

bewurkje seksje
 
Udegeyske famylje yn de iere 20e iuw

De folgjende folken binne lânseigen yn it Russyske Fiere Easten neffens taalgroep:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch nei de Ingelsktalige en Russysktalige ferzje fan dizze side