Jûzjno-Sachalinsk

Jûzjno-Sachalinsk (Russysk: Южно-Сахалинск; "Súd-Sachalin") is in stêd op it Russyske eilân Sachalin. De stêd is it haadplak fan de oblast Sachalin. Yn Japan hjit de stêd Toyohara (豊原).

Jûzjno-Sachalinsk
Южно-Сахалинск
sintrum
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Kraj Sachalin
Sifers
Ynwennertal 181.587 (2021)
Oerflak 164,66 km²
Befolkingstichtens 1102,8 ynw./km²
Hichte 50 m
Oar
Stifting 1882
stêd sûnt 1946
Simmertiid (UTC+11) MSK+8
Koördinaten 46° 58' N 142° 44' E
Webside www.yuzhno-sakh.ru

Jûzjno-Sachalinsk leit yn it súdeastlike diel fan Sachalin oan de rivier Sûsûja, ek bekend as de Swarte Rivier, sa'n 25 km fan de eastlike kust en de See fan Ochotsk, 50 km fan de westlike kust en de Grutte Oseaan en 20 km fan de Anivabaai yn it suden fan Sachalin. It is de grutste stêd fan it eilân en de iennige stêd mei mear as 100.000 ynwenners. Oan de eastlike kant wurdt Jûzjno-Sachalinsk beskerme troch in bergrige. De ôfstân fan Moskou is himelsbreed 6.660 km.

De belangrykste ferkearsieders op it eilân binne de haadwei yn Jûzjno-Sachalinsk, it spoar en de lofthaven.

 
Japanske D51-22 lokomotyf op it stasjon

De stêd waard yn 1882 stifte troch Russyske twangarbeiders en waard doe Vladimirovska (Владимировка) neamd. Nei de Russysk-Japanske kriich fan 1904-1905 stie de stêd neffens it Ferdrach fan Portsmouth tusken 1905 en 1945 ûnder Japansk bestjoer. Yn dy tiid waard de stêd Toyohara neamd en wie de stêd it haadplak fan de prefektuer Karafuto. Yn dy tiid leine de Japanners it spoar yn it suden oan mei in smellere spoarbreedte as it spoar yn it Russyske noarden fan it eilân. De Japanners brochten tûzenen Koreaanske twangarbeiders nei Sachalin. Tsjintwurdich is it iennige gebou út de Japanske tiid in karakteristike museum fan de stêd.

Nei de Twadde Wrâldkriich foel Sachalin wer yn hannen fan Ruslân. Wylst de Japanske troepen de ôftocht blaasden, bleaune de Koreanen efter. In soad hopen om werom te gean nei Koreä en wegeren dêrom it steatsboargerskip fan de Sovjet-Uny.

Yn 1946 krige Jûzjno-Sachalinsk stedsrjochten en de hjoeddeiske namme.

It duorre noch oant 1990, nei it ophelpen fan de diplomatike relaasjes tusken Súd-Koreä en Ruslân, dat de Koreanen holpen waarden om te repatriëarjen nei harren lân fan komôf. It Japanske regear betelle de bou fan in opfanghûs yn Súd-Koreä en in wenwyk yn Anshan. Likernôch 2.000 Koreanen fan de earste generaasje ferhûzen dêr hinne.

Befolkingsferrin

bewurkje seksje

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1925 1935 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2021
Ynwenners 15.280 28.459 85.510 105.840 139.861 159.299 175.085 181.728 181.587
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jûzjno-Sachalinsk fan Wikimedia Commons.